Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Omajaden

Ut Wikipedy
It Omajadyske Ryk op syn grutst.

DeOmajaden, ek wolUmayyaden neamd , is de namme fan inArabyske dynasty, dêr't sawol dekalifen ta hearden dy't fan661 oant750 itIslamityske Ryk regearren as de út harren fuortkommendeSpaanske Omajaden (756-1027).

De earste Omajadyske kalyf wieMu'awiyah I (661-680), dy't troch it net erkennen as kalyf fanAly yn756 in boargerkriich feroarsake en dy't nei de dea fan Aly it liederskip oer it Islamityske Ryk ferwurf. Dêrop waard de haadstêd fan it ryk ferpleatst fanMekka neiDamaskus, dat dy status oant en mei de ein fan 'e Omajadyske dynasty hâlde soe. Under de Omajaden hawwe de grutte feroveringen fan de Arabieren oantSintraal-Aazje,Yndia enSpanje plakfûn.

UtAbd al-Rahman I, in pakesizzer fan de tsiende Omajadyske kalyfHisjam, dy't ûntkaam oan deAbbasiden, kaam yn750 de Spaanske tûke fan de Omajjaden fuort. It slagge him om himsels ynSpanje asemir erkenne te litten, en hy makkeKordoba ta syn residinsje. De grutste machtsûntwikkeling waard berikt trochAbd al-Rahman III (912-961) dy't Spanje losmakke fan it kalifaat fanBagdad en himsels takalyf útrôp.

Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Omajaden&oldid=876327"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp