De Amerikaanske atleteMarion Jones wûn trije gouden en twa brûnzen medaljes sawol op yndividuele ûnderdielen as op estafettes. Dy binne troch it YOK fan har, en har team, ôfnommen neidat sy bekende dy medaljes net earlik wûn te hawwen om't sedoping brûkte by dizze Spullen. Ek it 4x400 meter estafetteteam moast syn medaljes ynleverje nei dopinggebrûk.
Begjin 2010 waard bekend dat Sina in medalje foar it team ûnderdiel Gymnastyk by de froulju ynleverje moast omdat sy in gymnaste ynset hie dy't noch net âld genôch wie om mei te dwaan oan de Spullen.