Sven Olof Joachim Palme (Stockholm,30 jannewaris1927 - dêre,28 febrewaris1986) wie inSweedskpolitikus. Hy wie lieder fan de Sweedske Sosjaal-demokratyske Partij (Socialdemokratiska arbetarepartiet) en twa kear premier fan Sweden, earst fan1969 oant1976, de twadde kear fan1982 oant it stuit dat er ynStockholm (1986) fermoarde waard.
Palme waard yn Stockholm berne en grutbrocht yn de begoedige wykÖstermalm. Hy kaam út in 'upper-class'-húshâlding. Nettsjinsteande dat waard ersosjalist. Dat kaam omdat er yn syn studintetiid as in soartemint fan wurdfierder troch hiel Jeropa teach.
Hy studearre yn1947-1948 oan itKenyon College ynOhio (Feriene Steaten) en wie in jier letter ôfstudearre. Ynspirearre troch de protte debatten dy't er fierd hie, skreau er in krityske skripsje oerThe Road to Serfdom fanFriedrich Hayek. Nei ferskate rûnreizen troch de Feriene Steaten gie er nei Sweden werom om oan de universiteit fan Stockholm fierder te studearjen. Yn dy tiid waard er ek polityk aktyf doe't er him by de Sweedske Uny fan Studinten ynskreau. Yn1952 waard er ta foarsitter fan dy ferieniging keazen. Syn fakânsjes fierde er op it foar bûtenlanners ferbeane eilantsjeFårö.
Palme joech sels trije reden wêrom't er sosjalist wurden wie.
Yn1953 waard Palme troch de sosjaal-demokratyske premierTage Erlander ûntdutsen. Hy frege Palme om op syn sekretariaat te wurkjen. Yn1955 krige Palme in sit yn it bestjoer fan de partij en yn1958 waard er troch de ferkiezings yn itparlemint keazen.
Olof Palme hat in protte posten beset yn it regear fan Sweden. Yn1967 wied er minister fan ûnderwiis, hy wie fraksjelieder fan de sosjaaldemokraten yn it parlemint en waard lang om let premier fan Sweden.
Dat amt besette er 125 moanne. Nei syn ûnferwachte dea waard er oer de hiele wrâld ien fan de bekendste Sweedske politisy, njonkenRaoul Wallenberg enDag Hammarskjöld.
Palme as politikus wie in striidkwestje. Hy hie fûle krityk op de rol fan deFeriene Steaten yn deFietnamoarloch. Ek stried er tsjin de oanwaaks fan nukleêre wapens, deapartheid ynSúd-Afrika en de finansjele malêze ynAfrika. Om sjen te litten dat er goedwillich foar eltsenien yn de wrâld oer stie, gie er yn debat mei ûnder oarenFidel Castro.
Loftse oanhingers fan sines hiene mei in protte fijannigens fan rjochts Sweden te krijen. Yn it tiidrek foar syn dea waard Palme fan pro-Sowjet-gedrach beskuldige. Hy soe de Sweedske belangen net goed behertige hawwe. Om dy reden wienen der al ôfspraken makke om neiMoskou te gean om ûnder oaren oer de yllegale Sowjetdûkboaten yn Sweedske wetters te praten.
Demoard op Olof Palme waard begien op28 febrewaris1986. Olof Palme ferskynde yn it iepenbier in protte sûnder liifwachten; op de jûn fan de moard wie dat net oars. Tegearre mei syn frou Lisbet wied er ûnderweis nei hûs fan de bioskoop oan de Sveavägenstrjitte yn it sintrum fan Stockholm. Midden yn de nacht waard it pear oanfallen troch in man mei in pistoal. Palme waard twa kear yn it liif (de bûk) rekke, syn frou rekke oan de rêch ferwûne. Yn de rin fan de tiid hawwe goed 130 minsken de ferantwurdlikens foar de moard opeaske. Yn 1989 like it derop dat de saak oplost wie doe't de Sweed Christer Pettersson dêrfoar feroardield waard, mar dy waard yn heger berop frijsprutsen.
Op 10 juny 2020 makke it Sweedske iepenbier ministearje buorkundich dat der "ridlik bewiis" wie dat Stig Engström (1934-2000) Palme fermoarde hie. Meidat Engström himsels yn 2000 tekoart dien hie, kundigen de autoriteiten oan it ûndersyk nei de dea fan Palme fierders gewurde te litten om't er net mear oanklage wurde koe.