Inoerstreamdelling (Dútsk:Urstromtal) is in brededelling, dy't yn iniistiid foarme is oan de foet fan in aktyf, mar lange tiid op itselde plak lizzend,iisfront. In oerstreamdelling ûntstiet meidat ôfrinnend raanwetter fan itlâniis him fermingt mei wetter fanrivieren en in útwei siket lâns de foet fan de iismassa.
By defergletsjering ûnder hetSaaliën binne ynNederlân ek in stikmannich oerstreamdellingen foarme. Bekend is de oerstreamdelling fan deOeriselske Fecht, dy't foarme is yn it saneamdeDrinte-stadium yn it Saalien. De grins fan it lâniis yn it noarden fan Nederlân lei doe op de lineTeksel -Wieringen -Gaasterlân -Urk -Stienwyk -Súdwâlde -Emmen. It raanwetter fan de iiskap socht mei rivierwetter út it suden in útwei nei it westen. De oerstreamdelling fan de Fecht wie in stik grutter as de hjoeddeiske Fechtdelling. Yn it noarden fan de oerstreamdelling streamt no it rivierke deReest, yn it suden de hjoeddeiske rivier de Fecht. De delling rûn ek fier nei it westen ta. Sa binne der spoaren fûn tichteby itSwifterbant fan no ynEast Flevolân.
In oar bekende oerstreamdelling is dy fan deHunze ynDrinte, dy't foarme waard doe't it lâniis him fierder weromlutsen hie ta in iisfront ynEast-Grinslân