De earste bewenners fan Oerûguay wienenYndianen dy't ta de Charrua stam hearden, sy libben fan dejacht en defiskfangst. Noch hieltyd binne ôfstammelingen fan harren te finen yn it oanswettende gebiet mei Brazylje. Nei de ûntdekking fan Amearika trochKolumbus en de dêrop folgjendeSpaanske kolonisaasje fan begjin 16e iuw ôf wie Oerûguay in part fan it Spaanske ûnderkeninkryk Rio de la Plata. Krekt as yn it hiele Spaanske Amearika ûntstie yn it destiids Oerûguay fan1810 ôf rebûljes doe't it memmelân troch de Frânsken beset holden waard. Fan1816 oant1828 makke it gebiet diel út fan deFeriene Provinsjes fan de Río de la Plata. Op25 augustus1825 waard de ûnôfhinklikens útroppen, mar pas sûnt1828 wie Oerûguay hielendal frij.
De neifolgjende jierren wienen typearjend foarLatynsk-Amearika. It lân hie hieltyd te krijen mei rigen boargeroarloggen tusken de konservativen en deliberalen, dy't de"Colorados" en de"Blancos" neamd waarden. Yn1870 makke it leger in ein oan dizze krigen. Fan doe ôf waakse stadichoan de demokrasy yn it lân dy't der foar soarge hat dat de kloof tusken arm en ryk lytser wurden is.
Oerûguay stiet fierders bekend om it feit dat it lân al 2 kear wrâldkampioen fuotbal wurden is, te witten yn eigen lân yn1930 en ynBrazylje yn1950.
De Cerro Catedral (514 m) is it heechste punt fan it lân. Oare hege bergen binne de Cerro Ventana (420 m) en de Cerro Colorado (299 m). De wichtichste rivieren binne de Rio de la Plata (súdwest), de Río Negro (yn de midden), Merínlagune (easten), de Rio de la Plata (suden). Oerûguay hat in myld oant wiettich subtropysk klimaat.
De julymoanne is de kâldste moanne mei trochsneedtemperatueren tusken de 10–13 graden. De waarmste moanne is jannewaris, dan is de trochsneedtemperatuer tusken de 22–25 graden. Jierlikse reinfal leit tusken de 900 en 1.300 milimeter.
De befolking fan Oerûguay bestiet foar it grutste part (88%) út ôfstammelingen fan Jeropeanen.Mestizen, minsken fan mingd Spaansk-Yndiaansk bloed foarmje de twadde grutste groep mei 8% en neikommelingen fanAfrikaanske Slaven mei-inoar 4%. De Jeropeeske ynwenners kamen fral útSpanje en foar in grut diel útItaalje, fierders kamen sy ek út Dútsktalige lannen. De yndiaanske stammen dy't ynearsten yn Oerûguay wennen binne allegearre yn de19e iuw útrûge troch de blanken.
DeRoomsk-Katolike Tsjerke hat as ynstitút – hiel ûngewoan foar Latynsk-Amearika – relatyf net folle ynfloed op it maatskiplik libben. Sawat 74% fan de befolking jout oan Katolyk te wêzen, 2% by itProtestantisme, 2% by itJoadendom en 21 % heart ta in oar leauwen of leaut net.