Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Oedmoersje

Ut Wikipedy
Autonome Republyk Oedmoersje

Удму́ртия республика (Russysk)
Удмурт Элькун (Oedmoertysk)

flaggewapen
polityk
soarte gebietautonome republyk
lânRuslân
federaal distriktWolga
ekonomyske regioOeral
haadplakIzjevsk
grutste plakIzjevsk
taalRussysk,Oedmoertysk
Etnyske groepenRussen 62,2%%
Oedmoerten 28,0%
Tataren 1,68%, Tataren 6,7%
(Stân 2010)
sifers
ynwennertal1.484.460(2022)
oerflak42.061 km²
befolkingstichtens35,29 ynw./km²
oar
stifting4 novimber 1920
tiidsôneUTC+4, MSK+1
koördinaten57° 17' N 52° 45' E
websidewww.udmurt.ru

Oedmoersje (Russysk:Удму́ртия республика; Udmoertija respûblika;Oedmoertysk: Удмурт Элькун;Udmoert Elkûn) is inautonome republyk yn deRussyske Federaasje. Oedmoersje grinzget oan de autonome republikenBasjkortostan enTatarije, deoblastKirov en dekrajPerm. De grutste stêd fan de autonome republykIzjevsk.

Geografy

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Oedmoersje leit yn Europeeske diel fan Ruslân westlik fan deOeral tusken de rivieren deKama en deVjatka. It klimaat is tuskenbeide kontinintaal. Detaiga oerhearsket yn it lânskip.

Skiednis

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Tsjin it ein fan de 16e iuw waard it noardlike diel fan Oedmoersje in ûnderdiel fan Ruslân, wylst it súdlike diel by it Kazan-kanaat hearde. Nei de oermastering fanKazan trochIvan de Grousume yn 1552 waard ek it súdlike diel ûnderdiel fan it Russyske keninkryk. Yn 1731 waard foar de bisdommen Kazan en Niznji Novgorod in kommisje oprjochte mei de súksesfolle opdracht de Oedmoerten te kristenjen.

Yn de jierren 1774-1775 namen de bewenners fan Prikamne, in gebiet dat grinzget oan de Kama, diel oan de boereoarloch ûnder lieding fanJemeljan Pûgatsjov.

De twadde helte fan de 19e iuw betsjutte in gaueftige ûntwikkeling. Der waarden fabriken, skoallen en oare foarsjennings boud. Yn 1899 waard oer it gebiet ek it spoar fan Perm nei Kotlas oanlein.

Tusken de 18e en 20e iuw waarden de Oedmoertyske lannen troch it gûvernemint Vjatka bestjoerd. De 'Oedmoertyske Autonome Oblast' waard op 4 novimber 1920 oprjochte (ynearsten as 'Votjaakske Autonome Oblast', mar om't de Oedmoerten de namme 'Votjaken' as in skelname ûnderfûnen, waard de namme letter feroare). Op 28 desimber 1934 krige it gebiet de namme 'Autonome Sosjalistyske Sovjetrepublyk Oedmoersje'. Sûnt 11 oktober 1991 hjit it gebiet de 'Autonome Republyk Oedmoersje'.

Befolking

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
"De beppes út Boeranovo" (Boeranovskije Babûsjki); in sjonggroep dy't yn Oedmoertyske dracht Ruslân fertsjintwurdige yn Bakû op it Eurofyzjesongfestival, fan 2012. De beppes hellen it twadde plak

Russen foarmje de mearderheid fan de befolking. Oedmoerten binne in Finsk-Ugrysk folk en foarmje in minderheid. Oare minderheden yn Oedmoersje binne Tataren, Oekraïners en Mari. Dêrnjonken binne der ek Besermenen, dy't foar in hiel ein hinne assimilearre binne en ûnder Oedmoerten rekkene waarden, mar sûnt 2002 wer as in apart folk sjoen wurde.

De talen yn it offisjele ferkear binne Oedmoertysk en Russysk. Njonken oanhingers fan de Russysk-Otterdokse Tsjerke binne der ûnder de Tataren en Besermenen ek moslims.

Untwikkeling fertsjintwurdiging grutste folken fan Oedmoersje 1926-2010

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Folk19261939195919701979198920022010
Russysk43,3%55,7%56,8%57,1%58,3%58,9%60,1%62,2%
Oedmoertysk52,3%39,4%35,9%34,2%32,1%30,9%29,3%28,0%
Tataarsk2,8%3,3%5,3%6,1%6,6%6,9%6,9%6,7%

* Gegevens ôfkomstich fan it Russysktalige lemma, oproppen op 3 augustus 2022

Bestjoerlike yndieling en stêden

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De republyk telt 25rajon's en fiif stedsdistrikten, dy't fanút de haadstêd Izjevsk bestjoerd wurde. Njonken Izjevsk binne de grutste stêden: Sarapûl, Votkinsk, Glazov en Mozjga. Meiïnoar binne der seis stêden en fiif plakken mei in stedsk karakter.

Izjevsk
Sarapûl oan de Kama
Gruttere plakken
Stêd */ Delsetting mei stedsk karakterRussyskYnwennertalWapenLokaasje
BalezinoБалезино14.569(2021)
gjin
57° 58' N 53° 00' E
Glazov*Глазов91.921(2021)58° 08' N 52° 40' E
IgraИгра20.264(2021)
gjin
57° 33' N 53° 05' E
Izjevsk*Ижевск645.183(2022)56° 51' N 53° 12' E}
JarЯр6.242(2021)
gjin
58° 14' N 52° 06' E
Kambarka*Камбарка10.048(2021)56° 16' N 54° 12' E
Mozjga*Можга48.750(2021)56° 27' N 52° 13' E
NovyНовый5.951(2021)
gjin
56 48' N 54° 02' E
Sarapûl*Сарапул94.554(2021)56° 28' N 53° 48' E
UvaУва19.934(2021)
gjin
56 58' N 52° 10' E
Votkinsk*Воткинск96.861(2021)57° 03' N 54° 00' E

* Ynwennertallen binne ôfkomstich fan it Russysktalige lemma, oproppen op 3 augustus 2022

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis:de:Udmurtien


    Wikimedia Commons
    Wikimedia Commons
     Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryOedmoersje fanWikimedia Commons.
    Dielgebieten fan Ruslân
    RepublykAdygeäAltaiBasjkortostanBoerjaasjeChakasjeDagestan • (Donjetsk) •IngûsjeesjeKabardino-BalkaarjeKalmukjeKaratsjai-TsjerkjesjeKareeljeKomi • (Krim) • (Lûhansk) •Mari ElMordoovjeNoard-Osseesje-Alaanje Oedmoersje Sacha Tatarstan Tsjetsjeenje TsjûvasjeTûva
    KrajAltaiChabarovskKamtsjatkaKrasnodarKrasnojarskPermPrimorjeStavropolTransbaikal
    OblastAmoerArchangelskAstrachanBelgorodBrjansk • (Cherson) •IrkûtskIvanovoJaroslavlKaliningradKalûgaKemerovoKirovKoerganKoerskKostromaLeningradLipetskMagadanMoermanskMoskouNizjni NovgorodNovgorodOarenburchOmskOrjolPenzaPskovRjazanRostovSachalinSaratovSmolenskSverdlovskTambovTjûmenTomskTsjeljabinskTûlaTverUljanovskVladimirVologdaVoronezjWolgograd • (Zaporizja)
    Autonome oblastJoadske Autonome Oblast
    Autonoom distriktChanto-MansjeJamalo-NenetsjeNenetsjeTsjûkotka
    Federale stêdMoskouSint-Petersburch • (Sebastopol)
    N.B.:de gebieten tusken heakjes wurde ynternasjonaal net erkend as diel fan Ruslân, mar as diel fan de Oekraïne
    · ·Berjocht bewurkje
    Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Oedmoersje&oldid=1162877"
    Kategoryen:

    [8]ページ先頭

    ©2009-2025 Movatter.jp