Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Oder

Ut Wikipedy
De Oder by Kienitz

DeOder (Tsjechysk enPoalsk:Odra) is mei har 860 kilometer de trettjinde rivier fan Jeropa. It streamgebiet omklammet parten fanTsjechje,Poalen enDútslân en mjit 119.000 km2.

De rivier ûntspringt yn deKarpaten eastlik fan de Tsjechyske stêdOlomouc ynMoraavje en streamt fia deMoravyske Poarte en de stêdOstrava nei Poalen ta dêr't it de sintrale wetterrin fanSileezje (Opole,Wrocław) is.

De rin fan de Oder foarmet fan de mûning fan deNeisse (Poalsk:Nysa) ôf, oer in ôfstân fan 162 km sûnt1945 de Dútsk-Poalske grins, it noardlike part fan de saneamdeOder-Neisse grins. De lêste 59 kilometer streamt de Oder folslein oer Poalsk grûngebiet.Stettin (Szczecin) foarby, berikt de Oder fia itDąbie-mar itOderhaf en ferfolgens deEastsee.

De wichtichste haven oan de Oder is byStettin, dat oan de linkerigge by itOderhaf leit. De grutste binnenhaven is dy fanWrocław. Oare wichtige stêden oan de Oder binneOstrava (Tsjechje),Opole (Poalen) enFrankfurt an der Oder (Dútslân). Grutte sydrivieren binne deNeisse en deWarta.

It streamgebiet fan de Oder leverret mar in tredde fan de mannichte wetter ferlike mei deRyn, wylst de Ryn mei har 1320 kilometer mar de helte langer is. Dit komt fanwege de lytse mannichte delslach yn sintraal Poalen. De sydrivieren dy't út de berchtmen as deBeskiden komme leveret it measte reinwetter.

Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Oder&oldid=832493"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp