Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Obe Postma

Ut Wikipedy
Obe Postma
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte nammeObe Piters Postma
nasjonaliteitNederlânsk
berne29 maart1868
berteplakKoarnwert (Fryslân)
stoarn26 juny1963
stjerplakLjouwert (Fryslân)
etnisiteitFrysk
wurk
taalFrysk
sjenrepoëzij,essay's
bekendste
  wurk(en)
Fryske Lân en Fryske Libben
It Sil Bestean
prizenGysbert Japicxpriis 1947
(foarIt Sil Bestean)
Rely Jorritsmapriis 1954
(foarFan de Fjouwer Eleminten)
Dr. J. Halbertsmapriis 1954
jierren aktyf19021963
offisjele webside
n.f.t.
Pleats by Koarnwert dêr't Postma berne is
Boarstbyld fan Obe Postma yn Ljouwert
Frans Tiessen, 2014

Obe Piters Postma (Koarnwert29 maart1868 -Ljouwert,26 juny1963) wie inFryskedichter,wis- ennatuerkundige (learaar) en amateur-histoarikus. Hy wurdt beskôge as ien fan de grutste 20e-iuwske Fryske dichters, ek bûten Fryslân.

Libben en wurk

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Postma, hikke en tein op de pleats fan syn âlden, Pieter Obes Postma en Sijbrigje Tjeerds Rinia, gie nei it Stedelijk Gymnasium ynSnits en studearre fan 1886 ôf wis- en natuerkunde yn Amsterdam. Hy wurke as dosint wiskunde ynTiel enTilburch en nei 1894 oan de Ryks-HBS ynGrins. Hy promovearre yn 1895. Syn debút as dichter makke er yn 1902 yn it tydskriftForjit my net.

Nei syn pensjoen yn 1933 ferfear er nei Ljouwert, dêr't er in protte skreau oer it Fryske lân en har bewenners troch alle tiden, nei ynbannich ûndersyk yn it doetiidske Ryksargyf yn deKânselarij te Ljouwert. Neist skiednis hie er ek in soad niget oan natuer en frallânbou.

Postma hat him as earste yn Fryslân weage oan it saneamde 'frije fers' wêryn't rym en fêst metrum loslitten wurde.

Postma wie tige befreone mei professerTsjitse de Boer. Yn in pear gedichten oan him wijd liket der sprake te wêzen fan inhomo-eroatysk fielen. Postma hat net troud west. Kaaiwurden yn syn wurk: freon, freonskip, mienskip.

Hy stoar op syn 95ste yn in sikehûs te Ljouwert en leit begroeven op it tsjerkhôf fan Koarnwert. Op syn sark stiet: "Dichter fan it Fryske lân".

Yn 1984 is trochDeputearre Steaten in literatuerpriis foar oersetters ynsteld, dy't nei him neamd is, deDr. Obe Postmapriis.

Bibliografy

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Dichtwurk

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
  • Fryske lân en Fryske libben (1918)
  • De ljochte ierde (1929)
  • Dagen (1937)
  • It sil bestean (1946)
  • Samle fersen I en II (1949)
  • Fan wjerklank en bisinnen (1957)
  • Eigen kar (1963, blomlêzing fan Postma sels)
  • Samle fersen (1978, ynlieding fanDouwe Tamminga en besoarge trochTineke Steenmeijer-Wielenga)
  • Van het Friese land en het Friese leven / Fan it Fryske lân en it Fryske libben (1998, gearstalling en neiwurd trochPhilippus Breuker; oerset trochJabik Veenbaas)
  • Fryslân! De wrâld! / Friesland! Die Welt! (1998, wurk fan Postma enTsjêbbe Hettinga; oerset yn itDútsk troch A. Posthuma en B. Gezelle Meerburg)
  • It sil bestean (2004, gearstalling en ynliedingAbe de Vries)
  • What the poet must know (2004,Ingelske oersettingAnthony Paul, mei in ynlieding fan Jabik Veenbaas)
  • Samle fersen (2005, ynlieding troch Philippus Breuker, besoarge troch Tineke Steenmeijer-Wielenga)
  • Obe Postma - Selected poems (2018, 65 Fryske gedichten mei fertalingen yn 't Ingelsk en Nederlânsk, resp. fan Anthony Paul en Jabik Veenbaas)

Oersettings

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
  • Gedichten fen Rilke (1933, gedichten fanRilke oerset)
  • Twofold / Twilûd (1982, tsien gedichten fanEmily Dickinson oerset)

Skiedkundich wurk

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
  • Publikaasje oer de HBS yn Grins (1916)
  • Een Fries dorp in 1546 (1918) - oer Koarnwert
  • De Friesche kleihoeve. Bijdrage tot de geschiedenis van den cultuurgrond vooral in Friesland en Groningen (1934)
  • De fryske boerkerij en it boerelibben yn de 16e en 17e ieu (1937)
  • It Fryske doarp as tsjerklike en wrâldske ienheid foar 1795 (1941)
  • Tsientallen artikels yn 'De Vrije Fries' en 'It beaken'. (bygelyks:Verdronken plaatsen aan de westkust van Friesland, Oer it Fryske libben fan troch 'en dei yn 16e en 17e iuw (1955) enDe begrenzing van de Middelzee)[1]
  • Obe Postma wurke mei oan de 'Geschiedenis van de Friese Landbouw' (1952)

Essays/oar wittenskiplik wurk

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
  • 'Iets over uitstraling en opslorping (proefskrift) (1895)
  • Het meten, een kennistheoretische studie (1903)
  • De Fryske boerkerij om 1600 hinne (lêzing) (1929)

Oer him en syn wurk

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Keppelings om utens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Artikel: Obe Postma als historisch onderzoeker,Ljouwerter Krante, 18 novimber 2009. Side 19
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Obe_Postma&oldid=1172868"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp