Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Oalje

Ut Wikipedy
In flesseolive-oalje.

Oalje (meartal:oaljes)[1] is de oantsjutting foar eltsenon-polêreskiekundige substânsje dy't opkeamertemperatuer de foarm fan insjerperigefloeistof hat en sawolhydrofoob is (him net of amper meiwetter minge lit) aslipofyl (him maklik mei oare oaljes minge lit). It byhearrendeeigenskipswurd isoaljich.[1] De measte oaljes binneûnfersêdelipiden (fetten). Se befetsje in prottekoalstof enstikstof, en binne dêrom ornarisûntflamber. Itwurd 'oalje' komt fan itFrânskeoile, dat weromgiet op itLatynskeoleum, dat wer fan itGrykske ἔλαιον,elaion komt, dat "olive-oalje" betsjut, fan ἐλαία,elaia, "olivebeam".

De algemiene definysje fan it begryp 'oalje' omfiemet klassen fan skiekundige stoffen dy't fierders ûnbesibbe binne op it mêd fanatomêre struktuer,eigenskippen en gebrûksmooglikheden. Oaljes kinnedierlik,plantaardich ofpetrogemysk fan aard wêze, en kinneflechtich wêze of net. Se wurde brûkt foar tige útinoar rinnende doelen, lykasitensieden (bgl.olive-oalje),ferwaarming (bgl.stookoalje),medyske doelen (bgl.etearyske oalje) ensmaring (bgl.motoroalje). Yn 'eyndustry wurde oaljes fierders ek brûkt foar de produksje fanferve,plestik en oare materialen. Spesjaal tarette oaljes wurde yn beskatereligieuzeseremoanjes enrituelen brûkt foarreiniging of oare doelen.Oleogemy is de tûke fan 'ewittenskip dy't degemy fan natuerlike oaljes enfetten bestudearret.

Soarten oalje

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Organyske oaljes

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Organyske oaljes, ofbiologyske oaljes, wurde yn in opmerklik ferskaat produsearre trochplanten,bisten en oareorganismen by natuerlikestofwikselingsprosessen.Lipiden binne stoffen lykasfetsoeren ensteroïden, dy't faak oantroffen wurde yn 'e oaljes dy't troch libbene wêzens oanmakke wurde, wylst de term 'oalje' ferwiist nei it totale mingsel fan stoffen. Organyske oaljes kinne ek oaregemyske stoffen befetsje, lykasaaiwiten,waaksen enalkaloïden.

Llipiden kinne yndield wurde neffens de manear dêr't se op oanmakke wurde troch in organisme, harren gemyske gearstalling en harren beheindeoplosberheid yn wetter. Se befetsje in prottekoalstof enstikstof, en mar in hiel lyts bytsjesoerstof yn ferhâlding ta oare organyske stoffen enmineralen. Se binne oer it algemien relatyfnon-polêremolekulen, mar kinne ek sawol polêre as non-polêre dielen omfiemje, lykas yn it gefal fanfosfolipiden en steroïden.

Minerale oaljes

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Minerale oalje isrouwe oalje, de ûnraffinearre foarm fanierdoalje, en deraffinearre komponinten dêrfan, dy't kollektyf bekend steane aspetrogemyske stoffen. Dy stoffen foarmje yn 'e moderneekonomy helpboarnen fan krúsjaal belang. Rouwe oalje komt fanfossilisearreorganyske materialen, lykassoöplankton enalgen, dy't oer in perioade fan miljoenen jierren trochgeogemyske prosessen omset binne ta oalje. De oantsjutting 'minerale oalje' is eins misliedend, om'tmineralen net de boarne binne fan 'e oalje; dat binneprehistoaryske planten en bisten. Minerale oalje is sadwaande in organysk ynstee fananorganysk materiaal. It wurdt lykwols 'minerale oalje' neamd ynstee fan 'organyske oalje' om't de organyske oarsprong sa fier tebek yn 'e tiid leit (en dêrom ûnbekend wie doe't sokke oalje foar it earst ûntdutsen waard), en teffens om't it indylchstof is, dy't djip ûnder degrûn wei opboarre wurdt.

Wapenoalje.

Tapassings

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Itensieden

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Ferskate ytbereplantaardige endierlike oaljes, en ekfetten, wurde brûkt foaritensieden en it tameitsjen faniten. Sa wurde in protte ferskillende soarten itensean,bakt offrituerd yn oalje, dat follehjitter is as siedend wetter. Foarbylden fan sokkeitensiedersoalje binne plantaardigeolive-oalje,palmoalje,maïsoalje ensinneblomoalje, mar ek dierlike oaljes, lykasbûter enriezel. Sokke stoffen wurde net inkeld brûkt om it iten yn ta te meitsjen, mar ek wol omsmaak ta te foegjen of om 'e struktuer fan it iten te feroarjen.

Kosmetika

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Op itmêd fankosmetika wurde oaljes yn 'e foarm fanconditioner oan ithier tafoege om it der wielderich útsjen te litten, foar te kommen dat it yn 'e tiis rekket en it te stabilisearjen om hiergroei oan te fiterjen. Oaljes wurde ek tafoege oanhûdkrêm dy't yn 'ehûd wreaun wurdt om it rou wurden fan 'e hûd tsjin te gean.

Religy

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Histoarysk binne oaljes ek oanhâldend yn gebrûk west asreligieusmedium. Oalje wurdt yn dy kontekst beskôge as inreinigjende stof dy't by útstek gaadlik is foarsalvings. Sokkehillige oalje wie yn 'ebibelske tiid in wichtige rituele stof foar itjoadendom en itkristendom.

Skilderkeunst

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Mei'tpigminten maklik opnommen wurde yn oalje, binne ûnderskate oaljes gaadlik om as ûnderstypjend medium te tsjinjen foar it oanmeitsjen fanferve (dêrfandinne:oaljeferve). De âldst bekendeskilderijen makke mei oaljeferve datearje út omtrint650.

Kuolte- en hjitte-oerbringing

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Oalje wurdt ek brûkt askuolstof byoaljekuolling, in systeem dat bgl. tapast wurdt byelektrysketransformators. Dêrnjonken kin oalje ek brûkt wurde asstookoalje troch asbrânstof ynset te wurden omhjitte oer te bringen, lykas ynoaljekachels.

Smaring

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Mei't senon-polêr binne, klibje oaljes net maklik fêst oan oare stoffen. Dat makket se gaadlik om assmaarmiddel brûkt te wurden yn 'emasinebou. Dêrby wurde minerale oaljes faker ynset as biologyske oaljes. Oanwalfisktraan, dat wûn wurdt útwalfiskeftigen, wurdt de foarkar jûn oar it smaren fanoerwurken, om't dat netferdampet of stof efterlit. In prottelannen en territoaria hawwe lykwols sûnt de1970-er jierren it gebrûk fan walfisktraan ferbean.

Brânstof

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Beskate soarten oaljeûntbrâne ynfloeibere offerstode foarm, watljocht enhjitte generearret dy't direkt brûkt wurde kin of omset wurde kin yn oare foarmen fanenerzjy, lykaselektrisiteit. Om sokkebrânstofoalje te bemachtigjen wurdtierdoalje yn 'e foarm fanrouwe oalje út 'e grûn pompt en fia inoaljepiipline of yn inoaljetanker nei inoaljeraffinaderij brocht. Dêr wurdt it troch in proses fanraffinaazje omset tadisel,etaan (en oarsoartigealkanen),stookoalje,benzine,kerosine (ofpetroleum),fleantúchkerosine,lpg (liquefied petroleum gas) enbenzeen. Net alle soarten oalje dy't asbrânstof brûkt wurde, binne lykwols minerale oaljes. Tsjintwurdich makket men ekbiodisel út bgl.koalsiedoalje enlynsiedoalje. En yn 'eachttjinde ennjoggentjinde iuw waardwalfisktraan brûkt omlampen fan brâne te litten.

Produksje fan oare materialen

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Rouwe oalje kin raffinearre wurdt ta in breed skala oankoalwetterstoffen dêr't it út gearstald is.Petrogemyske stoffen binne sokke raffinearre komponinten fan rouwe oalje en degemyske produkten dy't dêrfan makke wurde. Sokke stoffen wurde yn 'e hjoeddeistigeyndustry brûkt foar de produksje fanûntsmettingsmiddels,keunstdong,medisinen,ferve,plestik,syntetyske fezels ensyntetysk rubber.

Smaaroalje.
Sinneblomoalje.

List fan oaljes

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,01,1Zantema, J.W.,Frysk Wurdboek: Frysk-Nederlânsk, Drachten/Ljouwert, 1984 (Utjouwerij A.J. Osinga/Fryske Akademy),ISBN 9 06 06 64 40X, s. 661..

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:References, op dizze side.


Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryOil fanWikimedia Commons.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Oalje&oldid=1030492"
Kategoryen:
Ferburgen kategory:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp