Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Organisaasje fan Oalje Eksportearjende Lannen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fanOPEC)
Flagge fan de OPEC
De lannen fan de OPEC yn donkerblau.Gabon enYndoneezje yn ljochter blau hawwe de OPEC wyls ferlitten
OPEC gebou yn Wenen

DeOrganisaasje fan oalje-eksportearjende lannen (Ingelsk:Organization of the Petroleum Exporting Countries,OPEC) is in gearwurkingsferbân fan tolve lannen dy't netto oalje útfiere. OPEC foarmet feitlik inkartel, dat troch it feroarjen fan it oanbod fanoalje de priis dêrfan stjoere kin.

OPEC is op14 septimber1960 oprjochte ynBagdad (Irak) op inisjatyf fanFenezuela. De oprjochters wienen neistFenezuela enIrak,Saûdy-Araabje,Iran enKoeweit.Letter kamen der njoggen oare leden by OPEC, wêrfan der twa wer út de organisaasje gien binne:Katar (1961),Yndoneezje (1962-2008),Lybje (1962),Feriene Arabyske Emiraten (1967),Algerije (1969),Nigearia (1971),Ekwador (1973-1992) opnij lid wurden yn novimber 2007),Gabon (1975-1994) enAngoala (2007).

OPEC hat sûnt1 septimber1965 syn haadkertier uynWenen. Dêrfoar siet it ynGenêve.

De Arabyske leden fan de OPEC kundigden yn1973 maatregels oan tsjin it westen nei oanlieding an deJom Kipoeroarloch. Hjirtroch ûntstie deoaljekrisis. Nei de revolúsje yn Iran fan1979 gie deoaljepriis en dêrmei wie de twadde oaljekrisis in feit.

Lannen dy't relatyf in soad oalje produsearje, mar gjin lid binne fan de OPEC binne:
Kanada,Meksiko,Noarwegen,Feriene Steaten,Ruslân,Oman enBrazylje.

Organisaasjie en doelstellings

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De OPEC telt 12 leden. Alle lannen dy't netto oalje-eksporteur binne en likense belangen hawwe as de hjoeddeiske OPEC-leden kinne lid wurde[1]. Om ta de OPEC ta te treden is de ynstimming fereaske fan trije fjirde fan alle sittende leden en fan alle fiif lannen dy't de OPEC yn 1960 oprjochte hawwe.

De doelstellingen van de OPEC binne[2]:

  • koördinaasje fan de belangen fan de oalje-eksportearjende lannen, benammen it fersekerjen fan in stabile boarne fan ynkomsten foar de oaljeprodusearjende lannen;
  • soarch drage foar genôch oalje tsjin in ekonomysk oantreklike priis foar de oaljekonsumearjende lannen;
  • it heljen fan in reedlik rendemint op de ynvestearrings dy't needsaaklik binne foar genôch oaljeoanbod.

Ut de skiednis fan de OPEC blykt dat it hanthavenjen fan stabile oaljeprizen, benammen troch it bepalen fan produksjekwoata, gjin maklike opjefte is. It fêststellen fan de júste hichte fan de oaljepriis is ek net ienfâldich. In te lege priis liedet ta te lege opbringsten foar de oalje-eksportearjende lannen, mar in te hege priis liedt ta de ûntwikkeling fan alternative enerzjyboarnen. Alternativen kinne nije oaljefjilden wêze lykas bygelyks yn it noarden fanAlaska of deNoardsee, dy't in hegere kostpriis hawwe en dêrtroch allinnich ekonomysk winbere reserves opleverje as de oaljepriis heech is, of folslein oare enerzjyboarnen askearnenerzjy ofwynenerzjy.

Yn septimber 2010 fierde de OPEC it 50 jierrich bestean fan de organisaasje.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. http://www.opec.org/opec_web/static_files_project/media/downloads/publications/OS.pdf%7Ctitle=(in) OPEC statuten, kêst 7
  2. title=(in) OPEC statuten, kêst 2
Commons
Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryOPEC fanWikimedia Commons.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Organisaasje_fan_Oalje_Eksportearjende_Lannen&oldid=986612"
Kategory:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp