Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

North American P-51 Mustang

Ut Wikipedy
P-51 'Mustang'

RolJachtfleantúch
MakkerNorth American Aviation
Earste flecht26 oktober1940
Yn tsjinst1942
Ut tsjinst1984 by de Dominikaanske Loftmacht
FariantenNorth American A-36, Rolls-Royce Mustang Mk.X, Cavalier Mustang
Tal makke> 15.000
Grutste brûkersUSAAF,Royal Air Force, Sineesk Nasjonale Loftmacht
P-51 Mustangs fan de375th Fighter Squadron,361st Fighter Group, simmer 1944
Fabrikaazje fan de P-51 yn Downey,Kalifornje, 1944
It fisier yn de cockpit

DeP-51 Mustang wie inAmerikaanskejachtfleanmasine út deTwadde Wrâldkriich, ûntwurpen trochNorth American Aviation. It tastel kaam midden yn de oarloch yn tsjinst as lange-ôfstâns eskortejager en die ek noch tsjinst yn it begjin fan deKoreaanske Oarloch.

Yn1940 socht in Britske ynkeapkommisje flytich nei in oanfolling op deCurtiss P-40 Tomahawk. Sy rjochte har ta North American Aviation, dat yn foech 120 dagen in prototype boude. De earste Mustangs (Mustang Mk I/P-51/P-51A) krigen in Allison-motor, dêr't de prestaasjen fan, benammen op gruttere hichten, net foldiene. Opdrachten folgen rillegau. Net allinne deRAF woe se hawwe; it Amerikaanske leger hie ek ferlet fan in nije ferkenningsfleanmasine dat ek tsjinst dwaan koe as jacht- en grûnoanfalsfleanmasine. De Mustang krige yn 't earstoan in grûnoanfalstaak, as dûkbommesmiter. Wilens waard by de Mustangs ynIngelân troch technisy fan Rolls-Royce inRolls-Royce Merlin ynboud. Dy motor wie de ideale kombinaasje mei it laminêre wjukprofyl fan de Mustang sadat de prestaasjes fan it tastel bot ferbettere. It tastel ferbrûkte ferlike mei oare fleanmasines relatyf in bytsje brânstof en krige in enoarme tenkynhâld. Dat en oare fleankarakterisiken (benammen de bettere manûvrearberens, fergelike mei deP-47 Thunderbold en deP-38 Lightning) makke it tastel tige gaadlik as eskortejager. It tastel waard ynset foar it eskortearjen fan grutte bommesmiters sa as deB-17 Flying Fortress boppeDútslân en deB-29 Superfortress boppeJapan. Yn 1944 waard de P-51D útrisd mei 6masinegewearen ynstee fan 4 wêrtroch't er in flinke fjoerkrêft hie.

By de Mustang is in saneamdelaminar flow-profyl tagepast. De grutste dikte fan it profyl leit fierder nei efteren op de koarden as by de oant dan ta wenstige profilen; dit betsjut dat de luchstream it profyl langer folget en letter oergiet fan laminêr nei tubulint wat minder luchtwjerstân betsjut.

Luftwaffe-kommandantHermann Göring wist op it stuit dat er Mustangs boppeBerlyn hearde dat de kriich rillegau dien wêze soe.

In Noard-Korea waard de Mustang F-82 ynset. Foar de oanfal op grûndoelen waard de F-82E in protte brûkt. As nachtjager waard yn Korea ûnder oaren de F82-F en -G ynset. Dit wie in út twa rompen besteande ferzje: de "Twin Mustang".

Yn guon Midden-Amerikaanske lannen hat de Mustang oant yn de jierren 70 tsjinne.

Nederlânske Mustangs

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Nederlân krige nei de Twadde Wrâldkriich 40 P-51Ds. Dy waarden troch deMilitêre Loftfeart fan it Keninklik Nederlânsk-Yndysk Leger (fan itKNYL) brûkt by de twa 'Polysjonele Aksjes',Operaasje Produkt yn 1947 enOperaasje Kraai yn 1948. Nei it konflikt krigeYndoneezje in tal fan de ML-KNYL Mustangs.[1]

Farianten

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De neikommende farianten fan de P-51 hawwe der west:[2]

  • N.A.73Mustang I
  • N.A.83Mustang I
  • N.A.91Mustang IA/P-51
  • N.A.97 A-36 dûkbommewerper
  • N.A.99 P-51A
  • N.A.102 P-51B
  • N.A.103 P-51C
  • N.A.104 P-51B
  • N.A.105 XP-51F
  • N.A.106 P-51D prototype
  • N.A.109 P-51D produksjeferzje
  • N.A.110 P-51D foar Austraalje
  • N.A.111 P-51C/D/K
  • N.A.120 XP-82 prototypes
  • N.A.122 P-51D
  • N.A.123 P-82B
  • N.A.124 P-51D
  • N.A.126 P-51H
  • N.A.144 P-82E/F-82E, earste nei-oarlochske fariant
  • N.A.149 P-82F/F-82F nachtjager
  • N.A.150 P-82G/F-82G nachtjager
  • TRF-51D twapersoans treningsfleanmasine
  • TP-51D twapersoans treningsfleanmasine boud troch Temco Aircraft
  • Cavelier 2000Mustang, sivyl saketastel
  • Cavelier TurboMustang III prototype
  • Piper Enforcer

Technyske feiten

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
North American P-51D Mustang
P-51DMustang
  • Rol: Jachtbommenwerper
  • Bemanning: 1
  • Earsteflecht:26 oktober1940, Feriene Steaten[3]
  • Lingte; 9,83 m
  • Spanwiidte: 11,28 m
  • Hichte: 4,17 m
  • Wjukoerflak: 21,83 m²
  • Leechgewicht: 3230 kg
  • Maksgewicht: 5262 kg
  • Motor: 1×Packard Merlin V-1650-7 floeistofkuollesupercharged V-12
  • Fermogen: 1186 kW
  • Topfaasje: 703 km/o
  • Klimfaasje: 16,3 m/o
  • Aksjeradius: 2092 km
  • Tsjinstplafond: 12.770 m
  • Masinegewearen: 6× 12,7 mmM2 Browning
  • Ophingpunten: 8
  • Bommen: 2× 225 kg
  • Raketten: 8× 127 mm raketten

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Vlucht door de tijd - 75 jaar Nederlandse luchtmacht - Kolonel A.P. de Jong - s. 135-140
  2. 1993. "De machtige Mustang P-51".Airplane, vol. 4, s. 102.
  3. Flight Journal Magazine in het Internet Archive
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=North_American_P-51_Mustang&oldid=1213721"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2026 Movatter.jp