De namme Normandje stamt fan deNoarmannen ôf. Harren liederRollo krige yn911 it hartochdom Normandje yn lien tawiisd fan deWestfrankyske keningKarel de Ienfâldige. Dat wienenGermanen ôfkomstich útSkandinaavje dy't inNoard-Germaanske taal sprutsen. Lykwols wienen sy net grutsk yn tal dat inkeld in lytske boppelaach hearske oer de oarspronklike befolking fan Normandje, dat sûnt de tiid fan deRomeinen Romaansk-talich wienen. Binnen in pear generaasjes sprutsen alle neisieten fan de Noarmannen noch inkeld de taal fan de befolking dat letter oantsjutten wurde soe mei 'Normandysk'. In neisiet fan Rollo,Willem de Oermasterder oerweldige yn1066Ingelân. De Normandyskeeallju dy't ek de nije toplaach fan Ingelân foarmje soenen, hawwe deAngelsaksyske taal mei harren eigen Normandyske dialekt lykwols djip beynfloede dat it moderne Ingelsk in soad Romaanske (Frânske) wurden ken. Nei deslach by Bouvines (1214) ferlear de Ingelske keningJan sûnder Lân (dy't ek hartoch fan Normandje wie) it hartochdom oan de Frânske kening.
Omdat Ingelân fan Normandje út oermasterre wie, is Ingelân noch iuwen lang op papier in lien west fan de Frânske keningen, mar feitlik wie dêr neat fan te merken.
De Ingelsen soenen Normandje yn1346, oan it begjin fan deHûndertjierrige Oarloch, nei deslach by Kresy, en yn 1415, nei deslach by Azinkoert feroverje, om it yn de lêste desennia fan de kriich alhiel te ferliezen. DeKanaaleilannen, dy't by Normandje hearden, soenen lykwols foarfêst by Ingelân bliuwe.
Normandje spile yn deTwadde Wrâldkriich in tige wichtige rol fanwege de lanning fan de gealliearde troepen opD-Day (6 juny1944). Yn de dêr opfolgjende gefjochten hawwe benammen de stêdenCaen enSaint-Lô in protte skea oprûn.
Yn Normandje wenje 3,2 miljoen minsken. De grutste stêden binneRouen,Le Havre,Caen,Cherbourg enÉvreux. Rouen wie ea de haadstêd fan hiel Normandje. Tsjintwurdich is it dat fan Opper-Normandje, wylst Caen de haadstêd fan Neder-Normandje is.