Austfonna is de grutste gletsjer fanEuropa en neiAntarktika enGrienlân it grutste lâniisgebiet fan de wrâld. De gletsjer omfiemet 8200 km², en is oant 560 meter (trochsneed benei 300 m) dik.
Nordaustlandet en omkriten hearre ta it natuerreservaatNordaust-Svalbard.
Ingelske walrusjagers seagen de súdpunt fan Nordaustlandet foar it earst yn1617. Dy ûntdekking is te sjen op in kaart fan deMuscovy Kompanjy (út 1625; mar basearre op ûntdekkingen fan foar1622), dêr't it eilân opSir Thomas Smyth's Iland hjit. De kaart jout ek al de Noard Kaap (Point Purchas). De nammeOostlandt ferskynt op inNederlânske kaart fan1662; in Nederlânske kaart út 1663 jout in mear presys tekene west- en noardkusten en de apart lizzende Sân Eilannen (Sjuøyane). Op in Nederlânske kaart út1710 is it eilân noch sekuerder oanjûn en wurdt itHet Noord Ooster Land neamd.