Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Noarwegen

Ut Wikipedy
Kongeriket Norge(Bokmål)
Kongeriket Noreg(Nynorsk)
Flagge fan NoarwegenWapen fan Noarwegen
Biedwurd:Alt for Norge
"Alles foar Noarwegen"
Folksliet:Ja, vi elsker dette landet1
"Ja, wy hâlde fan dit lân"
Keninklik folksliet:Kongesangen
HaadstêdOslo
Offisjele taalNoarsk(Bokmål enNynorsk)
Erkende streektaalNoard-Samysk
Lule-Samysk
Súd-Samysk
SteatsfoarmKonstitúsjonele monargy
- steatshaadKening Harald V
- regearliederJonas Gahr Støre (Ap)(2021–)
Unôfhinklikheid1905
Oerflak385.207[1] km²
- lân365.108 km²
- wetter20.100 km²
Ynwennertal5.594.340[2](01-01-2025)
Befolkingstichtens14,5 ynwenners/km²
MuntienheidNoarske kroan (NOK)
TiidsôneMET (UTC+1)
-simmertiidMEST (UTC+2)
Nasjonale feestdei17 maaie
Ynternetdomein.no
Telefoan+47
ISO 3166NO, NOR, 578[3]
1."Ja, vi elsker dette landet" hat nea it steat fan offisjeelfolksliet krigen.

Noarwegen ofNoarwei[4][5] is inSkandinavysk lân ynNoard-Jeropa. De haadstêd isOslo. Noarwegen is in konstitúsjonele monargy mei as keningHarald V en mei as premierJonas Gahr Støre. Mei de oareSkandinavyske lannen hat Noarwegen in sterke histoaryske en kulturele bân, mar ek organisatoarysk is Noarwegen lid fan deNoardske Ried.

Geografy

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Noarwegen wurdt begrinzge troch:

Fierder heart ek it eilânJan Mayen ta it keninkryk.Spitsbergen falt ek ûnder it regear fan Noarwegen. By desúdpoal hat Noarwegen noch twa eilannen: yn de Súd-Atlantyske OseaanBouveteilân en yn deStille OseaanPeter I-eilân. It lân makket ek oanspraak op in part fan itsúdpoalgebiet, itKeninginne Maud-lân.

It lânskip fan Noarwegen bestiet foaral út bergen meigletsjers, en in kustline fan mear as 83.000 km² mei ynhammen, defjorden. It noardlikste part fan Noarwegen heart byLaplân, dêr't deLappen ofSaami wenje. Noarwegen is bekend as itLân fan demidnachtsinne. It leit nammentlik foar in part benoarden denoardpoalsirkel.

Skiednis

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn de9e iuw wie Noarwegen in gebiet mei ferskate lytse keninkrykjes. Mei de fjildslach byHafrsfjord ferienigeHarald I de ferskate lytse lannen yn ien keninkryk. De Noaren wienen yn it tiidrek fan de 9e-13- iuw bekend asWytsingen.De lêste Noarske kening stoar yn1387 en Noarwegen wie ûnderDenemark fertsjinwurdige yn deUny fan Kalmar. Wilens de Napoleonistyske oarloggen focht Denemark mei Napoleon mei, enSweden tsjin. Doe't Denemark yn1814 Noarwegen oan Sweden ôfstean moast, besochten de Noaren ûnôfhinklikens te krijen en tekenen har grûnwet op17 maaie fan dat jier. Noarwegen koe it militêre geweld fan Sweden net keare en moasten yn novimber 1814 mei Sweden gear yn in Uny.

Yn de 19e iuw, de tiid fan deRomantyk, boaze de driuw nei Noarske ûnôfhinklikens oan. Nei in politike striid moast Sweden belies jaan mei in referindum. 99,5 persint fan de Noarske befolking keas foar it opheffen fan de Uny mei Sweden wêrtroch Noarwegen op7 juny1905 syn ûnôfhinklikens krige.

Yn deEarste Wrâldkriich bleau Noarwegen in neutraal lân. Noarwegen besocht ek neutraal te bliuwen yn deTwadde Wrâldkriich, mar Dútske troepen feroveren Noarwegen tusken9 april1940 en8 maaie1945.

Jeropeeske gearwurking

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn1949 kaam Noarwegen by deNAFO. Yn1967 waard der ierdoalje yn deNoardsee fûn en Noarwegen wie ridlik gau ien fan de rykste lannen fan de wrâld. Noarwegen hat, yn1972 sawol as1994, mei in referindum tsjin oansluting ta deJeropeeske Uny stimd. It lân is al lid fan deJeropeeske frijhannelsorganisaasje, en is dêrtroch part fan itJeropeeske ekonomyske gebiet.

Demografy

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn 2008 wennen der yn Noarwegen 4.644.457 minsken. It ynwennertal giet omheech mei 0,73% yn it jier mar dat is meast te tankjen oan de ymmigranten. De measte stêden binne oan de súd-súdwestkust.

Noarsk is offisjeel troch it hiele lân. Der binne al ferskate dialekten fan it Noarsk, en der binne ek ferskate skriuwwizen wêrfan't twa as offisjele taal te boek steane. Yn it noarden is yn in tal fan gemeenten ekLapsk offisjeel.

Ekonomy

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

BYP per persoan is$53.300 (2007). Gearstalling fan BYP per sektor is 2,4% lânbou, 41,9% yndustry en 55,7% tsjinsten.

Transport

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Wichtichste havens binneBergen,Borg Havn,Haugesund,Maaloy,Mongstad,Narvik,Oslo enSture. Der binne 101 lytse en grutte fleanfjilden yn Noarwegen (2007), in frij grut diel fan it loftferkear is nasjonaal. Sûnt 2000 is deLærdalstunnel (24,5 km) de grutste fan de wrâld. Fearboaten binne yn de kustregio's fan grut belang.

Noarwegen hat (2006):
92.946 km ferhurde dyk.
4.114 km spoardyk.
1.577 km farwetter.


Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Arealstatistics for Norway 2019, Kartverket, mapping directory for Norway Accessdate=2019-03-26
  2. Population, january 01 2025, Statistics Norway Accessdate=2025-02-26
  3. Online Browsing Platform - Norway.International Organization for Standardization. Rieplachte op 1 maart 2018.
  4. List fan lannen Feriening Frysk Underwiis
  5. delpher.nl

Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryNorway fanWikimedia Commons.
Provinsjes fan NoarwegenFlagge fan Noarwegen
AgderAkershusBuskerudFinnmarkInnlandetMøre og RomsdalNordlandOsloRogalandTelemarkTromsTrøndelagVestfoldVestlandØstfold
Eardere provinsjes
Aust-AgderBergenHedmarkHordalandNord-TrøndelagOpplandSogn og FjordaneSør-TrøndelagTroms og FinnmarkVest-AgderVestfold og TelemarkViken
· ·Berjocht bewurkje
Jeropeeske Uny
Lidsteaten:
BelgjeBulgarijeDenemarkDútslânEastenrykEstlânFinlânFrankrykGrikelânHongarijeIerlânItaaljeKroaasjeLetlânLitouwenLúksemboarchMaltaNederlânPoalenPortegalRoemeenjeSyprusSloveenjeSlowakijeSpanjeSwedenTsjechje
Ultraperifeare regio's:
Frankryk:Frânsk-GuyanaGûadelûpMajotMartinykReünionSint-Marten
Portegal:AzoarenMadeara
Spanje:Kanaryske Eilannen
Kandidaat-lidsteaten:
AlbaanjeBosnjeGeorgjeMoldaavjeMontenegroNoard-MasedoanjeOekraïneServjeTurkije
· ·Berjocht bewurkje
Noardske RiedFlagge fan de Noardske Ried
Lannen:
Flagge fan DenemarkDenemarkFlagge fan FinlânFinlânFlagge fan YslânYslânFlagge fan NoarwegenNoarwegenFlagge fan SwedenSweden
Autonome gebieten:
Flagge fan de ÅlâneilannenÅlâneilannenFlagge fan de Fêreu-eilannenFêreu-eilannenFlagge fan GrienlânGrienlân
· ·Berjocht bewurkje
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Noarwegen&oldid=1188785"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp