Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Noardsee

Ut Wikipedy
Noardsee
geografy
type wetterrânesee
lokaasjetuskenNoardwest-Jeropa, de
   Britske Eilannen enSkandinaavje
lânBelgje
  Denemark
Dútslân
Feriene Keninkryk
Frankryk
Nederlân
  Noarwegen
koördinaten56° N, 3° E
ûnderdiel fanAtlantyske Oseaan
sifers
maks. lingte960 km
maks. breedte580 km
oerflak570.000 km²
djiptegemiddelde95 m
djipste punt700 m
wetterfolume54.000 km³
In satellytfoto fan de Noardsee.
In satellytfoto fan de Noardsee.

DeNoardsee is insee fan deAtlantyske Oseaan, dy't leit tuskenNoarwegen enDenemarken yn it easten,Dútslân,Nederlân,Belgje enIt Kanaal yn it suden enGrut-Brittanje yn it westen. In útrinner fan de Noardsee is itSkagerrak, tusken Denemarken, Noorwegen en Sweden, dat de Noardsee mei deBaltyske See ferbynt troch itKattegat,Sont, deGrutte Belt en deLytse Belt. Yn it suden wurdt de Noardsee mei de rest fan de Atlantyske Oseaan ferbûn troch It Kanaal, en yn it noarden troch deNoarske See. Dizze lêste grins wurdt meast op 61° noarderbreedte lein, of minder formeel tuskenBergen enSjetlân.

Belangrike rivieren dy't yn de Noardsee útkomme binne:

ItKieler Kanaal, ien fan de wrâld syn drokste troch minsken makke wetterwegen, ferbynt de Noardsee mei deBaltyske See.

Namme

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De namme komt fan de relaasje fan de Noardsee mei it lân fan deFriezen. Sy wenje direkt súdlik fan deNoardsee, bewesten deEastsee, noard fan de eardereSudersee (no deIselmar) en oan beide siden fan de tsjintwurdich ynpoldereMiddelsee.

Yn de periode fan de Romeinen waard de Noordsee ek wol Mare Frisicum neamd. Dit kaam om't de Friezen om een grut diel fan dy see wennen en sy ek folle op de see farren. Yn klassike tiden waard de Noardsee ek asOceanum Germanicum ofMare Germanicum oantsjutten, watGermaanske Oseaan asSee betsjutte. Dizze namme waard gewoanwei brûkt yn it Ingelsk en oare talen nêst de namme Noardsee, oant it begjin fan de18e iuw. Tsjin de tiid fan de lette19e iuw wieGermaanske See in seldsume, wittenskiplike term wurden. Yn itDeensk hjit de Noardsee nêstNordsøen ekVesterhavet,de Westsee, om't de Noardsee west fan Denemark leit.

Skiednis

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn deKromer Tiid wie der in natuerlike daam fan kalk tusken itSouth Foreland enWytkaap, deIngelske Lânbrêge. Dy is lykwols trochbrutsen, nei alle gedachten yn deElster Iistiid. Sûnt dy tiid is deTekselspoar, in richel tuskenFrisia en noardNorfolk, it heechste part fan de ferbining tusken kontinintaalEuropa en Grut-Brittanje. Yniistiden, mei in leech seenivo, wurdt dizze ferbining in lânbrêge.

Yn de tuskenperioaden, mei in heger seenivo, ferdwynt de Tekselspoar ûnder wetter en wurdt sa in seerichel dy't it bêd fan de Noardsee yn twa bekkens opdielt. In perioaden mei in leech seenivo falle de bekkens drûch. It súdlike bekken wetteret dan ôf op it Kanaal, wylst it Noardlike bekken ôfwetteret op de Noarske See. Yn guon iistiden hat it part noard fan de Tekselspoar ûnder it iis lein wylst it part besuden de richeltûndra wie.

De geology is noch altyd wichtich. Sa is deKanaaltunnel, mei itgruttefaasjespoar tuskenDover enKales dat hjoed de dei Ingelân enFrankryk ferbinet, boud yn de kalk fan it restant fan de Ingelske Lânbrêge.

Néderlân wurdt beskerme troch dúnen

Foar it lânskip fan Fryslân hat de Noardsee ek tige wichtich west. Debalstienliemlagen en itsân dat it iis fan de iistiden efterlitten hie, kamen tegearre mei it sân fan de doetiidsk drûge Noardsee yn Fryslân te lizzen. Under itHoloseen ûntstiene oan de râne fan de Noardsee dêr't it sân opwaaide strânwâlen. Efter dizze strânwâlen besonk sân en wat fierderopklaai. Doe't oan de lânkant ek plantegroei him goed festige hie, en it hjirfan ôfstoarne plantemateriaal ûnder wetter kaam te stean, ûntstie der ek nochfean. Troch it opwaarmjende klimaat kaam it seenivo hieltyd heger te lizzen, mar der wiene altyd wer tiidrekken dat it wer efkes leger lei. Dizze perioade fan transgresje en regresje makken dat der in wikselwurking tusken it lân en de Noardsee wie dy't der foar soarge dat der op Fryslân hieltyd wer sân, klaai of fean kaam te lizzen, of fuortslein waard troch de see. Dit kombinearre mei de ôfwetterings fan rivieren en slinken, en lâns dizze plakken ûntstienekwelderwâlen dêr't de ofsettings wat dikker lizze as earne oars. Sa is it Fryslân fan foar de ynpolderings ta stân kaam, mei tank oan de Noardsee.

Neist de natuerlike skiednis hat de Noardsee in rike minsklike skiednis. In drok befarren stik wetter sûnt de folken yn de lannen om de Noardsee hinne kamen te wenjen, is it noch altyd in belangrike skipfeartrûte. Belangrike seehavens as eartiids bygelyksDorestêd en deHânzehavens en noLondon,Rotterdam enHamburch hienen of hawwe iepen ferbinings mei de Noardsee.

Hjerringen binne te finen yn de Noardsee

Ek hat de Noardsee syn slachtoffers easke. Nêst ûntelbere ferdronkene sielen, hat de Noardsee in stikmannich ymposante oerstreamings feroarsake. De bekendste is deGrutte Stoarm, dy't yn de nacht fan13 op14 desimber1287 de súdlike Noardseekust fan foarm feroare, mei as wichtichste gefolch it trochbrekken fan de see nei deFlevomar wat late ta it ûntstean fan deSudersee. Resinter is dewettersneedramp fan1 febrewaris1953, doe't 1.835 minsken yn Seelân enNoard-Hollân fersûpten.

Natuerlike boarnen

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Grutte boarnen fanierdoalje enierdgas lizze ûnder it seebêd. De lannen om de Noardsee hinne hawwe allegear maatskippijen dy't aktyf dwaande binne mei it ûntginnen fan dizze boarnen. Fierders hat de Noardsee foar in part min berikbere kusten, dy't ryk binne oan dierlik libben, lykas deWaadsee en deWash. Ek binne de banken yn de Noardsee wichtigeridden. Hoe't de iene foarm fan natoerlike rikens beskerme wurde moat tsjin de gefolgen fan it winnen fan de oare liedt yn de lannen om de Noardsee hinne nochalris ta diskusje.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:References, op dizze side.


Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryNorth Sea fanWikimedia Commons.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Noardsee&oldid=1149471"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2026 Movatter.jp