DeNoardpoal is it punt fan de ierde dêr't deierdas it ierdoerflak snijt, en dêr't ierde nei lofts draait. Analooch kin de term ek foar oare planeten brûkt wurde.
De ierde draait om syn as, de ierdas. De twa punten dêr't de ierdas troch it ierdoerflak snijt binne depoalen, de noardpoal en desúdpoal. Immen dy't op de noardpoal stiet draait lykas de ierde om syn as, en hy draait dêrby nei lofts. De noardpoal leit op it poaliis fan deNoardpoalsee.
De ierdas leit net wier fêst, mar skommelt yn in syklus fan likernôch 435 dagen, wat deChandler skommeling neamd wurdt. Hjirtroch makket de noardpoal in sirkel fan in pear meter oer it poaliis. Om it brûkber koördinatestelsel is der in fêst punt oanwiisd asgeografyske noardpoal.
De rotaasje fan de izerkearn fan de ierde ropt inmagnetysk fjild op mei inmagnetyske noardpoal. Troch de asymmetry fan die kearn leit dy magnetyske noardpoal lykwols op in oar plak. Op de noardpoal, en yn gâns itnoardpoalgebiet, is somtiden itnoarderljocht sichtber, dat ek yn it magnetyske fjild in oarsprong hat.
Op de noardpoal is gjin ferrin fan dei en nacht. De sinne is yn alle rjochtingen like fier fuort. Troch de stân fan deierdas is der de iene helte fan it jier it ljocht fan depoaldei en de oare helte fan it jier it tsjuster fan depoalnacht.
De noardpoal leit op it iis fan de Noardpoalsee. Yn it poalgebiet is it kâld, en snie en iis meitsje it poalgebiet ûntagonklik. It punt dat it fierst wei is fan de kusten fan de Noardpoalsee is denoardpoal fan ûntagonklikens, mar ek de noardpoal is fier fan alle kusten. Al dizze omstannigheden tegearre makken ekspedysjes nei de poal oan it begjin fan de 20e iuw in hast ûnmooglike opjefte. Lykwols hawwe ferskate minsken besocht as earste de noardpoal te berikken.
Frederick Cook wie de earste dy't sei dat er dêr,21 april1908, ek yn slagge wie. Nei him kaamRobert Peary, dy't sei dat er op6 april1909 op de noardpoal west hie. Letter woeRichard Byrd hawwe dat er op10 maaie1926 as earste mei in fleantúch oer de poal flein hie. Nei oanlieding fan ûnder oaren deiboekstúzje wurdt no lykwols oannaam dat net ien fan harren wier de poal berikt hat.
De earsten dêr't it wis fan is dat se de noardpoal berikt hawwe binneRoald Amundsen enUmberto Nobile dy't mei harren minsken op13 maaie1926 mei inloftskip de poal berikten. Se setten lykwols gjin foet op it iis, watMikhail Somov dy't op23 april1948 mei in fleanmasine op de noardpoal kaam al die. De earste wêrfan it wis is dat er oer it iis de noardpoal berikte wieRalph Plaisted, dy't op19 april1968 mei syn minsken op de noardpoal kaam.