Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Noardgermaanske talen

Ut Wikipedy
De plakken dêr't de Noardgermaanske talen sprutsen wurde yn it grien en blau

DeNoardgermaanske ofSkandinavyske talen binne itDeensk, itNoarsk (Bokmål enNynorsk), itSweedsk, itYslânsk en itFaeröersk. Se wurde benammen ynSkandinavië sprutsen troch ûngefear 20 miljoen minsken.

De Noardgermaanske talen binne nauwer besibbe oan deEastgermaanske as oan deWestgermaanske. It Noardgermaansk is bekend fanrunenynskripsjes fanôf de 3e iuw nei Kristus. Der is in literêre tradysje fanôf de 9e iuw.

De fêstelân-Skandinavyske talen (Deensk, Noarsk en Sweedsk) binne op in hichte ûnderling fersteanber. Deensk en Bokmål lykje wol sa sterk op inoar, dat sommige taalkundigen se asdialekten fan deselde taal beskôgje.

Begrypsbetizing

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

YnSkandinavië sels slacht de termSkandinavyske talen allinnich op 'e op it fêstelân sprutsen talen, dat op it Deensk, Noarsk en Sweedsk. De hiele groep fan Noardgermaanske talen, dat it Faeröersk en Yslânsk ynbegrepen, wurdtNoarske talen neamd.

Yndielingen

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De taalwittenskip brûkt ferskate yndielingen fan de Noardgermaanske talen yn de ferskate taalperioades.

Foar it jier 1100 wie der ien inkele Noardgermaanske prototaal (dǫnsk tunga,Aldnoarsk), dy't lykwols in pear dialektferskillen hie.Dus waard foar dy perioade in ûnderskied makke tusken it Westnoarsk en it Eastnoarsk:[1]

  • Westnoarsk
    • Aldyslânsk
    • Aldnoarsk
  • Eastnoarsk
    • Alddeensk
    • Aldsweedsk

Dêrnei groeiden it Deensk en 'e oanbuorjende dialekten út inoar, sadat der fan ûngefear 1100 oant ûngefear 1300 in nije yndieling oannommen waard:[1]

  • Súdnoarsk
    • Alddeensk
  • Noardnoarsk
    • Aldyslânsk
    • Aldnoarsk
    • Aldsweedsk

Yn 'e lette midsiuwen ûntwikkelen de Noardgermaanske talen har nochal ferskillend: yn it Faeröersk en it Yslânsk bleaunen de âlde taalstruktueren (yn it bysûnder debûging) foar in grut part bewarre, wyls se yn it Deensk, Noarsk en Sweedsk sterk ferienfâldige waarden.Fan ûngefear 1500 ôf kin dus in tredde yndieling fan 'e Noardgermaanske talen oannommen wurde:[1]

  • de talen yn 'e rângebieten
    • Yslânsk
    • Faeröersk
  • de sintrale talen
    • Noarsk
    • Sweedsk
    • Deensk

Dizze yndielingen binne gjin genetyske stambeammen yn it ramt fan 'e stambeamteory.Se beskriuwe gelikenissen tusken talen fan in bepaalde perioade.Wannear't dizze talen sterk feroarje, wurde de gelikenissen tusken dizze talen dan ek grutter of lytser sadat faaks in nije yndieling ûntstiet.

Grammatika

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Alfabet

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Nêst de 26grafemen fan it Latynske alfabet kinne de Skandinavyske talen in oantal ekstra grafemen:

  • Deensk: æ, ø, å
  • Faeröersk: á, ð, í, ó, ú, ý, æ, ø
  • Yslânsk: á, ð, é, í, ó, ú, ý, þ, æ, ö
  • Noarsk: æ, ø, å
  • Sweedsk: å, ä, ö

Wurdfolchoarder

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Krektas yn it Frysk hantearje de Noardgermaanske talen deSVO-folchoarder as standert. Depersoansfoarm stiet altyd op it twadde plak in dehaadsin, wêrby't ekynverzje foarkomme kin. Fergelyk ta yllustraasje:

  • Ik gean nei it feest nei hûs --Jag gick hem efter festen (Sweedsk)--Jeg gik hjem efter festen (Deensk)
  • Nei it feest gean ik nei hûs ta --Efter festengick jag hem (Sweedsk) --Efter festengik jeg hjem (Deensk)

Ithaadtiidwurd komt lykwols folslein foar itsaaklik foarwerp:

  • Ik haw in boek lêzen --Jaghar lästen bok (Sweedsk) -- Jeghar læsten bog (Deensk)

De belangrykste ôfwiking fan 'e Fryske standertwurdfolchoarder is it plak fan de negaasje (It Sweedskeinte/ej, Deenskeikke/ej, Noarskeikke/ikkje ensfh.):

  • Ik haw it boek net lêzen --Jag harinte läst boken (Sweedsk) --Jeg harikke læst bogen (Deensk)

Haadwurden

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Tekenjend foar de Noardgermaanske talen is dat itbepaald lidwurd foarkomt as insuffiks trochdat it oan it haadwurd "fêstplakt" wurdt; dit hjitoanhechte lidwurd (itselde as bygelyks yn itArabysk). It Yslânsk hat as ienige fan de fiif Noardgermaanske talen gjinûnbepaald lidwurd. In foarbyld:

FryskYslânskFaeröerskNynorskBokmålDeenskSweedsk
in jonkjestrákurein drongurein guten gutten drengen pojke
it jonkjestrákurinndronguringutenguttendrengenpojken
jonkjesstrákardreingirgutargutterdrengepojkar
de jonkjesstrákarnirdreingirnirgutaneguttenedrengenepojkarna

It Yslânsk en it Faeröersk kinne boppedat noch in systeem fan fjouwernamfallen, krekt as bygelyks itDútsk. It Deensk, Noarsk en Sweedsk kinne tsjintwurdich nêst denominatyf allinnich noch degenityf-s sa as ek wol ris yn it Frysk brûkt wurdt, mei it ferskil dat dizze genityf yn 'e Noardgermaanske talen by alle haadwurden en yn it Frysk frijwol allinnich by persoansnammen brûkt wurdt. (Yn dit opsicht liket itIngelsk, dêr't it gebrûk fan degenitive-s ek frij algemien is, dus mear op de Noardgermaanske talen as op it Frysk).

Annas bok =Anna's boek ofAnna har boek ofIt boek fan Anna
bokens titel =de titel fan it boek (letterlik:it boek syn titel)

De Noardgermaanske talen kinne ek inferhâldingswurd "fan" (Deensk, Yslânsk:af; Faeröersk, Noarsk, Sweedsk:av), mar dat wurdt yn 'e regel net brûkt om in besitsferhâlding oan te jaan.

Benammen yn it Noarsk bestiet de oanstriid om de genityf-s te ûntkommen en yn pleats dêrfan inanalytyske konstruksje mei it ferhâldingswurdtil of in konstruksje mei, krektas yn it Frysk, itbesitlik foarnamwurdsin ("syn") ta te passen. Bygelyks:

boken til Anna =it boek fan Anna
Anna sin bok =Anna har boek

De genityf-s wurdt in alle Noardgermaanske talen ek noch geregeld brûkt yn fêste útdrukkingen mei it Deensk/Noarske ferhâldingswurdtil en it Sweedske ferhâldingswurdtill dat yn it Frysk ûngefearnei ofta betsjut (ferlykje it Ingelskeuntil).

Noarsk en Deensk: Hun er dårlig til bens.
Noarsk en Deensk: Velkommen til bords.
Sweedsk: Välkommen till bords.
Sweedsk: Vi drar till skogs.

Betsjuttingen:Sy is min ta bien. (sy is min op 'e gong)Wolkom oan tafel.Wy gean nei it bosk.

Tiidwurden

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De tiidwurden hawwe tiden fergelykber mei dy yn it Frysk, Nederlânsk, Dútsk en Ingelsk (notiid,doetiid, ensafuorthinne). Yn it Noarsk, Deensk en Sweedsk is der mar ien foarm foar alle persoanen (ik, do, hy, wy, jim). Yn it Yslânsk en it Faeröersk is dat net it gefal. Ferlykje it Yslânsk en it Deenske tiidwurd "ha".

Yslânsk:

ég hefi (ik haw)
þú hefur (do hast)
hann hefur (hy hat)
við höfum (wy hawwe)
þið hafið (jim hawwe)
þeir hafa (sy hawwe)

Deensk:

jeg har (ik haw)
du har (do hast)
han har (hy hat)
vi har (wy hawwe)
I har (jim hawwe)
de har (sy hawwe)

De ûndergeande foarm kin makke wurde op twa manieren, sa as yn dit Sweedske en Deenske foarbyld:

De hin wurdt slachte:

Yn it Sweedsk:kycklingen blir slaktad ofkycklingen slaktas
Yn it Deensk:kyllingen bliver slagtet ofkyllingen slagtes

De-s-foarm wurdt as stylfoller en/of as formeler sjoen.

De -s-foarm yn de doetiid wurdt yn it Sweedsk ek faak brûkt dêr't wy faak de folsleine tiid brûke:

Dit boek is skreaun troch ... --Den här boken skrevs av ... (let.: Dit hjir boek waard skreaun troch ...)

Partikels

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Tiidwurden kinne út twa dielen bestean, wêrby't it twadde diel, itpartikel inbywurd offerhâldingswurd is dat it tiidwurd in oare betsjutting jout. It partikel kin by tiidwurdsfoarmen fan plak feroarje. Bygelyks:

FryskSweedskBokmålNynorskDeensk
oansettesätta påslå påsetje påtænde for
oansettenpåsattslått påpåsat

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,01,11,2Odd Einar Haugen, Grunnbok in norrønt språk, 2. utgåve, Gyldendal, Oslo 1995,ISBN 82-417-0506-9
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Noardgermaanske_talen&oldid=1023957"
Kategory:
Ferburgen kategory:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp