Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Noarddyk

Ut Wikipedy
Noarddyk
Stefanustsjerke fan Noarddyk
FlaggeWapen
Polityk
LânNederlân
ProvinsjeGrinslân
GemeenteGrins
Sifers
Ynwennertal100(2018)
Oar
TiidsôneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Koördinaten53°15′ NB 6°38′ EL

Noarddyk (Nederlânsk en offisjeel:Noorddijk;Grinslânsk:Noorddiek) is in plak yn degemeente Grins yn de provinsjeGrinslân.

Foar1969 wie Noarddyk it haadplak fan de gemeente mei deselde namme; it gemeentehûs stie ynRúskerbrêge. De gemeente wie mar in pear kilometers breed en sa'n 10 km lang. By Noarderhegebrêge wie de gemeente sels mar 20 m breed.

It doarpke, dat no sa'n bytsje tsjin de wenwykLewenboarch oanleit, hat inromanogotyskeStefanustsjerke mei in bysûnder kleure tinkstien op de toer. Oarspronklik wie Noarddyk ien fan dekerspelen fan itGoarjocht.

De Noardermole ûnder Noarddyk

Be-easten it doarp stiet de Noardermûne, in earderepoldermole dy't it noch altyd docht en dy't syn wetter útslacht op deBorgsloot, dy't ek wolKardingermaar neamd wurdt.

Om it doarp hinne is him in grut natuergebiet oan it ûntjaan.

Neffens guonts ferwiist de namme fan it doarp nei de dyk benoarden Grins, dy't in part wie fanInnersdyk. Neffens oaren ferwiist it nei de dyk dy't de direkte omkriten fan Noarddyk ferpartet yn in Noarder Polder (mei de Noardermûne) en in Súd Polder, nammentlik de Stedswei. Noarddyk betsjut sa "benoarden de dyk"

De namme Noarddyk waard oant 2014 brûkt foar in stedsdiel dat Noarddyk,Easterhegebrêge, Lewenboarch,Beijum,Ulgersmaboarch enRúskerbrêge omfieme en dat yn 2006 33.310 ynwenners hie, mear as de oare stêdsdielen.

53° 14' 42″ N, 6° 37' 35″ E
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Noarddyk&oldid=1035110"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp