Denijkakigen (Latynske namme:Neognathae) foarmje intuskenklasse fan 'eklasse fan 'efûgels (Aves) en deûnderklasse fan 'emoderne fûgels (Neornithes). Ta dizze groep hearre hast alle libbenesoartenfûgels, mear as 10.000 yn oantal. Inkeld detinamû's en grutterinfûgels, dy't itsustertakson fan 'eâldkakigen (Palaeognathae) foarmje, bliuwe derbûten. De namme 'nijkakigen', in letterlike oersetting fan it LatynskeNeognathae, ferwiist nei de 'nije' (neo) struktuer fan 'ekaak (gnath) by dizze fûgels. By de âldkakigen soe de kaakstruktuer nammentlik 'primitivere' (d.w.s.reptyleftige) skaaimerken fertoane. Nettsjinsteande de offisjele nammejouwing bestiet oer dit punt lykwols gjinwittenskiplike konsensus.
Sûnt itgeologyske tiidrek fan itKryt, dêr't de ierst bekendefossilen fan dizze groep út stamje, hawwe de nijkakigen har fluch oanpast oan feroarjende omstannichheden en nijebiotopen, mei as gefolch it grutte ferskaat oan foarmen, funksjes en hâlden en dragen sa't dat hjoed de dei bestiet. De nijkakigen falle útinoar yn twaboppeskiften: degoes- en hineftigen (Galloanserae), dêr't û.m. deguozzen,swannen,einen,pauwen,fazanten enhinnen ta hearre; en denije fûgels (Neoaves), in ûnbidich grutte groep dy't útinoar rint fan 'eûlen oant depinguins en fan 'eflamingo's oant desjongfûgels. It grutste nijkakigeskift is dat fan 'emoskeftigen (Passeriformes), dêr't 60% fan alle libbene fûgelsoarten ta heart. Dêrmei is dat skift mear as twa kear sa grut as it skift fan 'ekjifdieren (Rodentia) en likernôch fiif kear sa ferskaat as dat fan 'eflearmûzen (Chiroptera), de beide grutstesûchdiereskiften.
- tuskenklassenijkakigen (Neognathae)
|