Hoewol't de âldste foarm fan it Ingelsk, itAldingelsk (of Angelsaksysk), tige nau besibbe wie oan itAldfrysk, binne dy talen neitiid alhiel útinoar groeid. Nettsjinsteande it feit dat in diel fan 'ewurdskat fan beide talen noch in dúdlik mienskiplik komôf sjen lit (cheese - "tsiis";green - "grien";little - "lyts";rain - "rein"; ensfh.), ferskille it moderne Ingelsk en Frysk sterk faninoar. De wichtichste redens dêrfoar binne de relative isolaasje fan it Ingelsk fan 'e oareWestgermaanske talen troch syngeografyske posysje op 'eBritske Eilannen, en de sterke ynfloed dy't it Ingelsk ûndergien hat fan itAldnoarsk en itFrânsk (wylst it Frysk just sterk ûnder ynfloed fan itNederlânsk kommen is te stean).
It Aldingelsk koe opdield wurde yn fjouwer dialekten: it fan oarsprong AngelskeMersiaansk enNoardumbrysk en it fan oarsprong SaksyskeKentysk enWestsaksysk. Trochdat itKeninkryk Wesseks yn 'enjoggende iuw de oareAngelsaksyske keninkriken oermânsk waard, wist it Westsaksysk him úteinlik ta destandertskriuwtaal te ûntwikkeljen. Sadwaande is yn dat dialekt bgl. it ferneamdeeposBeowulf skreaun. De oare dialekten wiene lykwols gjin dearinnende wegen, want it Westsaksysk strûpte der letter ûnder, en it moderne Ingelsk komt fierhinne fuort út it Mersiaansk, wylst deSkotske taal fuortboude op 'e grûnslach fan it Noardumbryske dialekt. It Aldingelsk waard yn 't earstoanskreaun ynrunen, mar fan 'esechsde iuw ôf waard in oanpaste foarm fan itLatynske alfabet brûkt, dat de op runen basearreletterswynn (ƿ, foar de 'w' fan "skowe") enthorn (þ, foar destimleaze th fanthin) omfieme, en teffens de oanpaste Latynske lettertekenseth (ð, foar destimhawwende th fanthis) enash (æ, foar infokaal dy't liket op 'e e fan "pet", mar fierder tebek yn 'e mûle útsprutsen wurdt).
DeNormandyske Ynvaazje fan1066 wurdt yn 'e regel oanholden as it begjinpunt fan itMidingelsk, mar de ûntwikkeling fan 'e Ingelske taal fan Aldingelsk nei Midingelsk wie feitliks in iuwenlang proses fan stadige feroarings. Foar in part kamen dy fuort út 'normale' taalûntwikkeling, mei't libbene talen altyd oan it feroarjen binne. Mar dêrnjonken ûndergie it Ingelsk ek in sterke ynfloed fan itAldnoarsk nei't it noarden fan Ingelân yn 'eachtste en denjoggende iuw fierhinne trochNoarenkolonisearre waard. Hoewol't dy kolonisten úteinlik opgiene yn 'e Ingelske befolking, lieten se dúdlikelinguïstyske spoaren nei. Dy waarden allinne mar fuortsterke doe't hiel Ingelân tusken1013 en1042 troch deDenen oerhearske waard. Sa kaam it Ingelsk bygelyks oanwurden astree ("beam") enegg ("aai"), en teffens waarden de Angelsaksyskefoarnamwurdenhie,him enhera ferfongen troch de op it Aldnoarsk basearre ekwivalintenthey ("sy",meartal),them ("harren"), resp.their ("harren",besitlik).
Dat de Normandyske Ynvaazje en de ferovering fan itKeninkryk Ingelân trochWillem de Oermasterder útkeazen is as it brekpunt tusken de Aldingelske en Midingelske tiidrekken, komt om't dat it begjin wie fan in tige grutte ynfloed dy't op it Ingelsk útoefene waard troch itAldnormandysk, inRomaanske taal dy't nau besibbe wie oan itFrânsk. Dat wie trouwens in twasidich proses, en úteinlik soe it Aldnormandysk him yn Ingelân troch de ynfloed fan it Ingelsk ûntjaan ta itAnglo-Normandysk. Nei de Normandyske Ynvaazje wie it iuwenlang sa dat de Ingelskeadel Anglo-Normandysk spriek, wylst it sljochtwei folk Ingelsktalich wie. Sadwaande bestie de Normandyske ynfloed fierhinne út de ynfier fan in wiid ferskaat oanlienwurden dy't benammen te krijen hiene mei dingen dêr't de adel him mei dwaande hold:polityk, itrjocht enoarlochfiering, wylst der gjin of amper Normandyske lienwurden oernommen waarden op it mêd fan bgl. delânbou of defiskerij.
Behalven troch de oername fan in grut tal útlânske lienwurden ûnderskate it Midingelsk him ek troch in yngeande ferienfâldiging fan it Aldingelskenamfallesysteem, nei alle gedachten om it Aldingelsk mear mei it Aldnoarsk yn oerienstimming te bringen, dat in oar stelsel fanferbûgings hie, mar dêr't itmorfologysk tige op liek. Yn elts gefal gie it ûnderskie tusken denominatyf (earste namfal) en deakkusatyf (fjirde namfal) ferlern, útsein ynpersoanlike foarnamwurden, ferdwûn deynstrumintalis alhielendal en waard it gebrûk fan 'egenityf (twadde namfal) beheind ta it omskriuwen fan besit. Fierders waard in grut tal ûngeregelde ferbûgingsfoarmen ta geregelde foarmen makke, wylst stadichoan ek desinsbou folle minder fleksibel waard.
Tsjin 'e ein fan 'etolfde iuw wie it Midingelsk alhiel ûntjûn, en hie it him sawol de Aldnoarske as de Normandyske ynfloeden folslein eigen makke. Fanwegen dy grutte útlânske ynfloeden hawwe guontaalkundigen de stelling ferdigene dat it Ingelsk eins beskôge wurde kin as inmingtaal of inkreoalske taal. Hoewol't rûnom tajûn wurdt dat it Aldnoarsk en it Normandysk-Frânsk in yngeande ynfloed op it Ingelsk útoefene hawwe, wurdt dyteory, dy't deMidingelske kreoalske taalhypoteze neamd wurdt, ornaris ôfwiisd troch saakkundigen op it mêd fan 'e Ingelske taal.
Om in foarbyld te jaan: itwurdbite ("bite") waard yn it Midingelsk oarspronklik útsprutsen as [bi:t] (biit), mar ferskode ûnder de Grutte Ingelske Klankferskowing yn útspraak ta [bait] (bait). Krektsa ferskodelate ("let") fan [la:t] (laat) nei [le:t] (leet). Om't it Ingelsk neastaveringsherfoarmings trochfierd hat en dus noch foar in wichtich diel as it Midingelsk skreaun wurdt, ferklearret dizze klankferskowing wêrom't in protte Ingelske fokalen in folslein oare útspraak hawwe as fokalen yn hast alle oare skreaune talen. Ek nei't de Grutte Ingelske Klankferskowing útwurke wie, hie it Ingelsk fan doe noch ferskillen mei de taal fan hjoed, mei't bgl.wurdinisjalekonsonantklusters, lykas [kn], [ɡn] en [sw] yn wurden asknight ("ridder"),gnat ("langpoat"), resp.sword ("swurd") doe noch útsprutsen waarden, wylst se tsjinwurdichstil binne.
It Ier Modern Ingelsk wie de taal fan 'e beruchteTudor-keningHindrik VIII, en fan 'eElizabetaanske Tiid, doe't de Ingelskekultuer enliteratuer in grutte bloei trochmakken. De meast foaroansteande literêre fertsjintwurdiger fan dit taalstadium is de ferneamdetoanielskriuwer endichterWilliam Shakespeare. In protte fan 'egrammatikale eigenaardichheden dy't syn wurk hjoed oan 'e dei sa'n tipelsinnige enargayske lading jouwe, binne eins neat oars as treffende karakteristiken fan it Ier Modern Ingelsk. Mei oare wurden: Shakespeare skreau gewoan yn 'esprektaal fan syn tiid, al hoe teätrysk oft syn taalgebrûk tsjintwurdich ek oandocht. Behalven itoeuvre fan Shakespeare wie ek deKing James Bible, út1611, in tige ynfloedrike Ingelskebibeloersetting, yn it Ier Modern Ingelsk skreaun.
Oangeande degrammatikale ûntwikkeling kin steld wurde dat it Modern Ingelsk in stadium berikt hat wêryn't itnamfalsysteem suver folslein ferdwûn is, en him inkeld noch uteret ynpersoanlike foarnamwurden ashe enhim ("hy" en "him"),she enher ("sy" en "har") enwho enwhom ("wa" en "waam"), en yn 'e tafoeging fan 'ebesitlike-'s yn foarmen asJohn's book ("Jans boek"). Desinsbou hat no in fêste folchoarder fanûnderwerp-tiidwurd-saaklik foarwerp oannommen, en deto do-stipe ynfragen en ûntkennings (Do you see it? ynstee fanSee you it?;If you don't come ynstee fanIf you come not) is universeel ynfierd. It feroarjen fan ûngeregelde foarmen yn geregelde giet noch altyd stadich troch, lykas demulwurddreamt ("dreamd") enburnt, dy't hieltyd fakerdreamed enburned wurde, en teffens wurde der almar faker analytyske alternativen brûkt foar ferbûgingen, bgl.more polite ("mear fatsoenlik") ynstee fanpoliter ("fatsoenliker").
It Ingelsk is sadwaande no inplurisintryske taal, d.w.s. in taal mei mear as ien nasjonale autoriteit dy't de regels opsteld foar destavering fan 'estanderfoarm. Dêrby giet it benammen omGrut-Brittanje en deFeriene Steaten, mei't de measte (oare) eardere Britskekoloanjes deBritsk-Ingelskestavering folgje. Dochs is it Ingelsk gjin ferdielde taal, mei't de ferskillen tusken de Britsk-Ingelske enAmerikaansk-Ingelske stavering frij beheind binne en boppedat fierhinne stelselmjittich en dêrom foarsisber. De âldegrap, dy't oarspronklik trochGeorge Bernard Shaw betocht wêze soe, datGrut-Brittanje en deFeriene Steaten "twa lannen binne dy't ferdield wurde troch in mienskiplike taal," is dus eins net wier.
Yn 'e twadde helte fan 'etweintichste iuw is it Ingelsk net mear in 'Ingelske taal' yn 'e sin dat it útslutend taheart oan lju dy'tetnyskIngelsk binne of sels mar it Ingelsk asmemmetaal sprekke. It gebrûk fan it Ingelsk aslingua franca tusken minsken dy't fan hûs út oars-talich binne, nimt nammentlik hân oer hân ta, sawol binnenlânsk as foar ynternasjonalekommunikaasje. In soad Ingelsksprekkers ynAfrika binne bgl. ûnderdiel wurden fan in 'Afrosaksyske' taalmienskip, dy't Afrikanen út in grut tal ûnderskate lannen ferienet. Doe't yn 'e1950-er en1960-er jierren it proses fandekolonisaasje in ein makke oan itBritske Ryk, smieten de ûnôfhinklik wurden koloanjes it Ingelsk, de koloniale bestjoerstaal, net fier fan harren ôf, mar omearmen se dy krekt as in middel om in nije, feriene, nasjonale identiteit te smeien. It gefolch wie dat se harren eigen binnenlânske taalbelied op it mêd fan it Ingelsk ynfierden.
De taname fan it wrâldwide gebrûk fan it Ingelsk hat makke dat it Ingelsk yn tanimmende mjitte ynfloed útoefenet op oare talen, benammen troch it opnimmen fan Ingelskelienwurden yn dy talen. Dêrby giet it foar in wichtich diel om wittenskiplike terminology, lykas in grut diel fan 'e nammen foar dingen dy't meikompjûters te krijen hawwe (bgl.account,firewall,spreadsheet, ensfh.). Mar ek troch deAmerikaanskeentertainmentyndustry, dy't mei synfilms,popmuzyk entillefyzjesearjes in ûnbidich grutte ynfloed op benammen de wrâldwidejongerein útoefenet, kringe almar mear Ingelske wurden en útdrukkings yn oare talen troch (bgl.anyway,by the way,for your information off.y.i., ensfh.). Troch de opkomst fan 'esosjale media is dy ynfloed allinne mar grutter wurden. Sokke ûntwikkelings hawwe mank sprekkers fan oare talen oanlieding jûn ta noed oertaalfersmoarging,taalferbastering en sels it mooglike úteinlikeútstjerren fan talen.
Yn2016 wie it Ingelsk wrâldwiid foar sa'n 400 mijoenminsken dememmetaal, wylst it neffens gegevens út2006 doe troch nochris 400 miljoen minsken sprutsen waard astwadde taal, en troch 600 oant 700 miljoen minsken as infrjemde taal (d.w.s. trêde of fjirde taal). As men dy oantallen kombinearret komt men út op 1,4 oant 1,5 miljard sprekkers, wêrmei't it Ingelske de meast sprutsen taal fan 'e wrâld is. As men lykwols inkeld nei it tal memmetaalsprekkers sjocht, moat it Ingelsk itMandarynsk en itSpaansk foargean litte en komt it út op it trêde plak.
De ferdieling fan Ingelsktaligen oer de wrâld.
Delannen mei de measte ynwenners dy't it Ingelsk as memmetaal sprekke, binne deFeriene Steaten (231 miljoen); itFeriene Keninkryk (60 miljoen);Kanada (19 miljoen);Austraalje (17 miljoen);Súd-Afrika (4,8 miljoen);Ierlân (4,2 miljoen) enNij-Seelân (3,7 miljoen). Dy sân lannen mei-inoar wurde dêrom ek wol oantsjut as de 'Angelsaksyske wrâld'. Utsein yn Súd-Afrika meitsje memmetaalsprekkers fan it Ingelsk yn dy lannen fierwei it meastepart fan 'e befolking út, learebern de taal fan harrenâlden of oars opskoalle, en passe nijynkommelingen har oan 'e Ingelsktaligemaatskippij oan.
Binnen deJeropeeske Uny wie it Ingelsk neffens in ûndersyk fanEurobaromater út2012 de taal mei it op ien it grutste tal memmetaalsprekkers (allinnich itDútsk hat binnen de Jeropeeske Uny mear memmetaalsprekkers). Neffens in ûndersyk út2006 troch deseldeorganisaasje spriek doe 13% fan 'e ynwenners fan 'e Jeropeeske Uny it Ingelsk as memmetaal.[1] Yn2012 wie it Ingelsk yn 19 fan 'e 25 lidsteaten fan 'e Jeropeeske Uny dêr't it net inoffisjele taal wie (d.w.s.Grut-Brittanje,Ierlân enMalta bûten beskôging litten), de meast sprutsen frjemde taal. Fan 'e befolking fan dy lannen joech 38% oan dat se it Ingelsk machtich wiene. Nei it Ingelsk folge wie itFrânsk de meast sprutsen frjemde taal, mei 12%.
Sûnt desechsde iuw wurdt it Ingelskskreaun yn itLatynske alfabet, en fan 'enjoggende iuw ôf wurdt it útslutend yn datskrift skreaun. Foartiid waarden ek derunen brûkt foar it meitsjen fan koarteynskripsjes. It modernealfabet dat foar de Ingelske taal yn gebrûk is, omfiemet alle 26letters fan it Latynske skrift: a, b, c, d, e, f, g, h, i, j, k, l, m, n, o, p, q, r, s, t, u, v, w, x, y, z.
Defonetyk enfonology fan it Ingelsk rinne útinoar fandialekt ta dialekt, sij it ornaris sûnder dat soks de ûnderlinge fersteanberens behinderet. Der besteane twa wichtigestandertfarianten op dit mêd. Yn it foarste plak giet it dêrby omReceived Pronunciation (RP; letterlik: "ûntfongen útspraak"), dat de namme is foar it standerdisearreBritsk-Ingelsk, ek wol bekend as Oxford-Ingelsk (nei it gesachhawwendewurdboekOxford Dictionary of the English Language) ofthe Queen's English ("it Keninginne-Ingelsk": it Ingelsk sa'tde keninginne it sprekt). Dêrnjonken foarmet deAmerikaansk-Ingelskestanderttaal, itAlgemien Amerikaansk (General American) in twadde wichtige standertútspraakfoarm.
Destavering fan it Ingelsk giet foar in oansjenlik diel noch tebek op 'eMidingelske perioade, en is dêrmei folslein efter de tiid rekke. Sadwaande is it notoir ûnbetrouber as gids foarútspraak. Nettsjinsteande dat kin delêzer der oer it algemien fan op oan dat dekonsonanten 'b', 'd', 'f', 'h', 'k', 'l', 'm', 'n', 'p', 's', 't', 'v' en 'z' de 'normale' útspraak hawwe. Oare konsonanten hawwe ûngewoane útspraken of mear as ien útspraakmooglikheid, wylst ek guon meidigrafen skreaun wurde (ch,sh, ensfh.). De 'c', 'p' en 't' wurde yn in protte dialektenaspirearre útsprutsen (d.w.s. mei in lyts h-ke derefteroan). De útspraak fan 'efokalen is amper wat oer te sizzen, mei't dy faak alderhanne fonetyske wearden hawwe kinne. Sa kin de fokaalkombinaasjeea stean foar [i:] (ii fan "wiid") ynsea; foar [ɛ:] (ê fan "dêr") ynbear; [e:] (ee fan "leed") yngreat; [ɜ:] (liket op 'e eo fan "sneon") ynlearn; [ɛ] (e fan "pet") ynheaven; en [eǝ] (ea yn "beam") ynnear. Der bestiet in grapke wêrby't frege wurdt hoe't it (net-besteande) Ingelske wurdghoti útsprutsen wurde moat. It anwurd is dan: krekt asfish (nammentlik degh fantough ofenough, deo fanwomen, en deti fannation ofmotion).
de k fan "kop" de k fan "kop" folge troch in licht h-ke de s fan ("set") ornaris as [k] foar a, o en u, en as [s] foar e, i en y
ch
[ʧ] [ʃ] [k]
chase ("efterfolging"),choice ("kar") chauffeur ("sjauffeur") character ("karakter"),cholera ("goalera")
de tsj fan "tsjerke" de sj fan "sjippe" de k fan "kop"
d
[d]
day ("dei"),down ("del")
de d fan "dan"
f
[f]
fish ("fisk"),for ("foar")
de f fan "fak"
g
[ɡ] [ʤ]
game ("spul"),give ("jaan") gibe ("spotternij"),gin ("jenever")
de g fan "goed" de dzj fan "siedzje" faak as [ɡ] foar a, o en u, en as [ʤ] foar e, i en y
h
[h]
hay ("hea"),hill ("heuvel")
de h fan "him"
j
[ʤ]
jail ("tichthús"),jug ("krûk")
de dzj fan "siedzje"
k
[k]
king ("kening"),kiss ("tút")
de k fan "kop"
l
[l]
lame ("kreupel"),long ("lang")
de l fan "let"
m
[m]
mill ("mole"),moat ("grêft")
de m fan "mar"
n
[n]
near ("deunby"),nose ("noas")
de n fan "net"
ng
[ŋ] [ŋɡ] [nʤ]
ring ("ring"),singer ("sjonger") finger ("finger") danger ("gefaar")
de ng fan "ding" de ng fan "ding" folge troch de g fan "goed" de n fan "net" folge troch de dzj fan "siedzje"
nk
[ŋk]
rank ("rang"),link ("bân")
de nk fan "bank"
p
[p] [pʰ]
pain ("pine"),pork ("bargefleis") part ("diel")
de p fan "pet" de p fan "pet" folge troch in licht h-ke
ph
[f]
phlegm ("slym"),photograph ("foto")
de f fan "fak"
qu
[kw]
queen ("keninginne"),quick ("fluch")
de kw fan "kwea"
r
[ɹ]
rain ("rein"),road ("wei")
de r, mar útsprutsen mei de tonge tsjin it ferwulft oan; yn guon, saneamdnet-roatyske dialekten ferdwynt dizze letter yn wurdeinige posysje (lykas yncar) yn 'e útspraak; itSkotsk-Ingelsk hat as iennichste dialekt in [r] (rôljende r)
s
[s]
safe ("feilich"),soap ("sjippe")
de s fan "set"
sh
[ʃ]
shallow ("ûndjip"),shop ("winkel")
de sj fan "sjippe"
t
[t] [tʰ]
tale ("ferhaal"),tent ("tinte") tall ("lang")
de t fan "tik" de t fan "tik" folge troch in licht h-ke
th
[θ] [ð]
thin ("tin"),thread ("tried") then ("dan"),this ("dit")
de a fan "ham", mar útsprutsen mei rûne lippen (Britsk-Ingelsk) de o fan "hok" (Amerikaansk-Ingelsk) de a fan "ham", mar wat fierder nei foarren yn 'e mûle útsprutsen, niigjend nei de o fan "hok" (Amerikaansk-Ingelsk)
oo
[ʊ]
blood ("bloed"),good ("goed")
de û fan "rûch", mar wat fierder tebek yn 'e mûle útsprutsen
u
[ʊ]
full ("fol")
de û fan "rûch", mar wat fierder tebek yn 'e mûle útsprutsen
de stimleaze e fan "de", folge troch de û fan "rûch", mar wat fierder tebek yn 'e mûle útsprutsen (Britsk-Ingelsk) de o fan "bok", folge troch de û fan "rûch", mar wat fierder tebek yn 'e mûle útsprutsen (Amerikaansk-Ingelsk)
As de regio dêr't it Ingelsk him ûntjûn hat, binne deBritske Eilannen, en yn 't bysûnderIngelân, it plak dêr't noch altyd de measte en de meast útinoar rinnendedialekten fan it Ingelsk sprutsen wurde. Yn itFeriene Keninkryk wurdtReceived Pronunciation (RP; letterlik: "Untfongen Utspraak"), dat eins insosjolekt is fan 'emaatskiplike enleardeelite út súdeastlik Ingelân, tradisjoneel beskôge as it dialekt mei it measteprestiizje. Dêrom wurdt it fan âld brûkt as û.m. destanderttaal foarradio- entillefyzje-útstjoerings, wat derta laat hat dat it ek wolBBC-Ingelsk neamd wurdt. Oare nammen binneOxford-Ingelsk (nei it gesachhawwendewurdboekOxford Dictionary of the English Language) enthe Queen's English ("it Keninginne-Ingelsk): it Ingelsk sa'tde keninginne it sprekt.
De fersprieding fan RP fia demedia hat derfoar soarge dat in protte tradisjonele dialekten fan it Ingelskeplattelân yn it neigean rekke binne, mei't dejongerein fan it plattelângeneraasje neigeneraasje almar mear skaaimerken fan 'e prestizjeuze RP yn harren taalgebrûk opnimme yn it stee fan dialekteigen foarmen. Destedsdialekten lykje minder fetber foar dit soarte stadigeassimilaasje. Nettsjinsteande de delgong fan it dialektysk ferskaat op it mêd fangrammatikale enleksikale foarmen, spriek lykwols yn1996 noch mar sa'n 3% fan 'e Ingelske befolking RP. De restearjende de 97% spriek oare dialekten of mei regionaleaksinten dy't yn ferskillende mjitte troch RP beynfloede wiene. Der besteane fierders ek binnen RP ûnderskate farianten, dy't de RP-taligemiddenstân en dehegerein faninoar skiede, en teffens lju dy't fan bern ôf oan RP sprutsen hawwe en dyjingen dy't it letter oanleard hawwe.
Sûnt defyftjinde iuw stiene de dialekten fan súdeastlik Ingelân sterk ûnder ynfloed fan 'e taal sa't dy troch deLondenske hegerein sprutsen waard. Dat wie de oarsprong fan 'e hjoeddeiske RP. Neitiid wie Londen it sintrum dêr't har taalkundige ynnovaasjes wei ferspraten nei oare dielen fan Ingelân. Binnen Londen waard itCockney-dialekt fan itEast End tradisjoneel sprutsen troch de legeremaatskiplike klassen, mei as gefolch dat it lange tiid instigmatisearre taalfariant wie mei in tige leech sosjaal oansjen. Sûnt de1980-er jierren hawwe beskate karakteristike skaaimerken fan it Cockney har lykwols ferspraat oar in grut diel fan súdeastlik Ingelân, wat resultearre hat yn it ûntstean fan it saneamdeMûningsingelsk (Estuary English; ferwizend nei de mûning fan 'eTeems). Dy taalfoarm ûnderskiedt him fan RP troch û.m. it gebrûk fan 'eferbinende en ynkringende r (drawing ['drɔ:ɪŋ] wurdt útsprutsen asdrawring ['drɔ:ɹɪŋ]),t-glottalisearring (butter ['bʌtǝ] wurdt útsprutsen asbu’er ['bʌʔǝ]),h-fuortlitting (ham [hæ:m] wurdt útsprutsen as’am [æ:m]) en útspraak fan 'e th- as [f] (thanks [θæŋks] wurdtfanks [fænks]) of [v] (bother ['bɒθǝ] wurdtbover [bɒvǝ]).
ItAmerikaansk-Ingelsk is yn ferliking mei it Britsk-Ingelsk ridlik homogeen, ek al nimt de aksintfariaasje tsjintwurdich ta ynstee fan ôf. Nettsjinsteande dat sprekke de measteAmerikanen taalfarianten dy't ta infonologysk kontinuum fan sterk besibbe taalfoarmen hearre: itAlgemien Amerikaansk (General American of GA). Dêrbinnen kin men eins net sprekke fan ferskillende dialekten, mei't it earder omaksinten giet (lykasWestlik Amerikaansk-Ingelsk enMidlânsk Amerikaansk-Ingelsk), dy't sels troch Amerikanen mar amper opmurken wurde.
Ek itKanadeesk-Ingelsk kin ta it Algemien Amerikaansk rekkene wurde, salang't men itNijfûnlânsk-Ingelsk en de dialekten fan 'eKustprovinsjes bûten beskôging lit. Wêr't it Kanadeesk-Ingelsk fan it Amerikaansk-Ingelsk ôfwykt, is op it mêd fan selsstannige noarmen foarstavering enútspraak en troch de unikeKanadeeske klankferheging. Sawol yn it Algemien Amerikaansk as yn it Kanadeesk-Ingelsk dominearretrotisiteit, d.w.s. de útspraak fan 'e r oan 'e ein fan wurden ascar ([ka:ɹ], "kaar"). Non-rotisiteit, d.w.s. it falle litten fan 'e r yn sokke posysjes ([kʰa:], "kaa"), is ynNoard-Amearika, fral sûnt deTwadde Wrâldoarloch, sterk assosjearre rekke mei dearbeidersklasse en hat in leech sosjaal oansjen. Yn Ingelân is it krektoarsom; dêr is non-rotisiteit (lykas yn RP) de noarm, en wurdt rotisiteit mei 'efterbleaune' dialekten assosjearre.
It Algemien Amerikaansk slút spraakfoarmen út fan 'e Amerikaanske taalnoarm dy't dúdlik ôfwikende klanksystemen hawwe. Dêrta hearre yn it foarste plak itSúdlik Amerikaansk-Ingelsk en itAfro-Amerikaansk-Ingelsk, dat nau besibbe dialektgroepen binne, en fierders ferskate oare taalfarianten dy't better as aksinten omskreaun wurde kinne, lykas it knauwendeTeksaansk en ek itEastlik Nijingelânsk-Ingelsk fanBoston en omkriten, dat ferneamd is fanwegen syn non-rotisiteit.Histoarysk hie ek destêdNew York in non-roatysk aksint, mar dat is geandewei detweintichste iuw yn it neigean rekke of alteast sterk ôfswakke. De legere sosjale klassen yn 'e stêd neame harsels lykwolsNoo Yawkahs ([nu: 'jɔ:kǝz]; ynstee fanNew Yorkers, [nu: 'jɔɹkǝɹs]).
ItSúdlik Amerikaansk-Ingelsk is fierwei de grutste Amerikaansk-Ingelske dialektgroep dy't bûten it Algemien Amerikaansk bleaun is. It is hjoed de dei sterk roatysk, nettsjinsteande it feit dat it histoarysk krekt sterk non-roatysk wie. It Súdlik Amerikaansk-Ingelsk wurdt faak omskreaun as indrawl ("teamerigens") of intwang ("poenen"), krekt sa't it Iersk-Ingelsk faak inlilt ("kadâns") neamd wurdt. It is maklik werom te kennen oan 'eSúdlike Klankferskowing, dy't yn 'e regel begjint meimonoftongisearring fantwaklanken (spy, [spa:i], likernôch: "spaai", wurdt útsprutsen as [spa:], "spaa"). Oare skaaimerken fan dat proses binne deSúdlike brekking, wêrby't poerefokalen omset wurde yn in fokaal mei inhealfokaal of sels yn twa apartewurdlidden (press, [pɹɛs], "pres", wurdt ['pre:ʌs], likernôch "pree-us"), en fierders it gearfallen fan 'e útspraak fanpin mei dy fanpen, en oare unikefonologyske,grammatikale enleksikale karakteristiken wêrfan't de measten eins frij resinte ûntwikkelings út 'enjoggentjinde iuw binne.
ItAfro-Amerikaansk-Ingelsk wurdt benammen sprutsen trochAfro-Amerikanen út 'e arbeidersklasse en de middenstân út 'e hieleFeriene Steaten. Dy lju binne lykwolsôfstammelingen fan guons dy't ûnder deAfro-Amerikaanske Folksferhuzing tusken1910 en1940 omreden fanearmoede endiskriminaasje út itAmerikaanske Suden weitein binne op 'e siik nei in better libben. It Afro-Amerikaansk-Ingelsk en it Súdlik Amerikaansk-Ingelsk binne sadwaande eins nau besibbe. Oars as it Súdlik Amerikaansk-Ingelsk hat it Afro-Amerikaansk-Ingelsk lykwols syn non-roatyske karakter fierhinne beholden. Yn 'e eagen fan 'e measte Amerikanen (de measte Afro-Amerikanen ynbegrepen) draacht it tsjintwurdich it stigma in 'platte' taalfoarm te wêzen, sprutsen troch lju dy't net better leard hawwe. Taalkundigen sjogge it Afro-Amerikaansk-Ingelsk lykwols as in selsstannige fariant fan it Ingelsk mei in heech ûntwikkele eigen systeem fan taalnoarmen.
YnAustralaazje wurdt sûnt1788 Ingelsk sprutsen. It wichtichste Ingelske dialekt dêrsanne is itAustralysk-Ingelsk, dat foar de oerweldigjende mearderheid fan 'e befolking fanAustraalje dememmetaal is. It Australysk-Ingelsk, by túltsjes ek wolStrine neamd, nei de flugge Australyske útspraak fan it wurdAustralian as [stɹɔ.in] (rymt opKlaaifrysk "rein"), wurdt karakterisearre troch in knauwende útspraak, it oansprekken fan Jan en alleman meimate ("maat") en itôfkoartsjen fanhaadwurden mei foarmen dy't einigje op-ie of-o, lykasAussie foarAustralian ("Australiër"),prozzie foarprostitute ("prostituee"),journo foarjournalist ("sjoernalist") endoco foardocumentary ("dokumintêre").[2] De standertfoarm is itAlgemien Australysk (General Australian).
ItNijseelânsk-Ingelsk, it dialekt fan it oanbuorjendeNij-Seelân, liket sterk op it Australysk-Ingelsk. Beide taalfoarmen binne non-roatysk (beskate op Skotske oarsprong weromgeande aksinten fan itSudereilân fan Nij-Seelân bûten beskôging litten) en ûnderskiede har troch har ynnovative útspraak fanfokalen: in protte koarte fokalen wurde fierder nei foarren yn 'e mûle útsprutsen of binneferhege, wylst in protte lange fokalendiftongisearre (tatwaklank makke) binne. It Nijseelânsk-Ingelsk wykt lykwols fan it Australysk-Ingelsk ôf troch it útsprekken fanwh- yn wurden aswhich enwhy as destimleaze labio-felêre approksimant [ʍ] (d.w.s. as in h folge troch de w fan 'skowe'). Boppedat sit de útspraak fan 'efoarfokalen yn it Nijseelânsk-Ingelsk noch tichter byinoar as yn it Australysk-Ingelsk, mei as gefolch dat Nijseelanners der yn Austraalje daliks útpikt wurde as sefush and chups (fish and chips) bestelle.
YnSúd-Afrika wurdt sûnt1820 Ingelsk sprutsen, doe't de oarspronklikNederlânskeKaapkoloanje definityf by itBritske Ryk kaam te hearren. It bestiet dêr gear mei itAfrikaansk en in ferskaat oan lânseigenBantoetalen, lykas itSûlû (Zulu) en itKosa (Xhosa). Sa'n 9% fan 'e befolking sprekt tsjintwurdichSúdafrikaansk-Ingelsk asmemmetaal. Dat is in non-roatyske fariant fan it Ingelsk, wêrfan't yn 'e útspraak dúdlik de ynfloed fan it Afrikaansk werom te finen is, en dy't op it mêd fan 'estavering de Britsk-Ingelske RP folget. De meastfonologyske ferskillen mei RP sitte yn 'e útspraak fan 'efokalen, wylst dekonsonanten k, p en t sûnderaspiraasje útsprutsen wurde (dus as [k], [p] en [t] ynstee fan [kʰ], [pʰ] en [tʰ]). De r is yn 'e regel dealveolêre strykklank [ɾ] ynstee fan 'ealveolêre approksimant [ɹ].
Yn itKaribysk Gebiet wurde ferskate Ingelske dialekten sprutsen opeilannen en dielen fan itfêstelân fanMidden- enSúd-Amearika dy't yn it ferline askoloanjes ta itBritske Ryk heard hawwe, lykasJamaika,Trinidad en Tobago,Barbados, deBahama's, deKaaimaneilannen enBelize. Yn elts fan dy gebieten bestiet in pleatslike fariant fan it Ingelsk njonken inkreoalske taal op basis fan it Ingelsk, wêryn't skaaimerken fan it Ingelsk en Afrikaanske talen mei-inoar fermongen binne. De bekendste foarbylden dêrfan binneJamaikaansk-Ingelsk enJamaikaansk-Kreoalsk. Karibyske Ingelsktaligen sprekke yn 'e regel sawol de pleatslik fariant fan it Ingelsk as de pleatslike kreoalske taal floeiend, enwikselje gauris fan it Ingelsk nei it Kreoalsk en werom. Taalkundich sjoen soe men sadwaande sprekke kinne fan in trochrinnend spektrum fan taalfoarmen mei it Ingelsk as it iene uterste en it Kreoalsk as it oare uterste, mei ferskate oergongsfoarmen dêrtuskenyn: wat formeler de omstannichheden, wat mear Ingelsk oft men begjint te brûken, en wat ynformeler de sitewaasje, wat mear Kreoalsk oft men sprekt.
De measte Karibyske farianten fan it Ingelsk komme fuort út it Britsk-Ingelsk en binne sadwaande non-roatysk, beskate formele farianten fan it Jamaikaansk-Ingelsk útsein. It Jamaikaansk-Ingelsk ferskilt fierders fan 'e RP yn syn klankynventaris, mei de Britsk-Ingelske lange fokaal [e:] (ee fan "leed") fanbay ("baai") en detwaklank [oʊ] (de o fan "bok" folge troch de û fan "rûch") fanboat ("boat") ferskowe nei de poere lange lûden [e:] en [o:] ("ee" en "oo" sa't dy yn itNedersaksysk útsprutsen wurde, dus lykas yn "leed" en "boom", mar sûnder dat de klank oan 'e ein by de ee nei in i en by de oo nei in û ta bûcht, lykas yn itFrysk en itNederlânsk). It kin ek wêze dat dy klanken sels ferskowe nei de omkearde twaklanken [je:] (lykas yn "atelier": 'ateljee') en [uo] (lykas yn "fuotten"), sadatbay enboat útsprutsen wurde as [bʲe:] ("bjee") en [bʷoːt] ("bûoot"). Op deselde wize ferskoot de útspraak fan 'e twaklank en [oi] ("oi" fan "hoi") fanboy ("jonge") nei detrijeklank [uoi] (uoi fan "muoike"): [bʷoy] ("buoi"). Fierders lit men faak de lêste letter útwurdeinigekonsontantklusters falle, sadatchild ("bern") útsprutsen wurdt as [ʧa:il] ("tsjaail") ynstee fan [ʧa:ild] ("tsjaaild") enwind ("wyn") as [wɪn] ("û-in") ynstee fan [wɪnd] ("û-ind").
Ek ynYndia, dêr't itYndiaask-Ingelsk benammen astwadde taal sprutsen wurdt, is it Ingelsk telâne komme troch it Britske koloniale ferline. Histoarysk beskôget it Yndiaask-Ingelsk de RP as ideaal, en hoe't dat ideaal ta utering komt yn 'espraakproduksje fan ûnderskate yndividuën wjerspegelet demaatskiplike klassen mank de Ingelsksprekkers fanYndia. It Yndiaask-Ingelsk wurdt benammen karakterisearre troch de ynfloed fan itHindy en oareYndo-Aryske talen. Dêrút komme útspraakpatroanen fuort lykas deretrofleksearring fan 'efonemen [t] (fan "tosk") en [d] (fan "dêr") ta [ʈ] en [ɖ]; d.w.s. deselde konsonanten mar útsprutsen mei detonge nei efteren ta bûgd yn 'e mûle. Tagelyk wurde de Ingelske stimleaze en stimhawwende th [θ] en [ð] dan redusearre ta dedintalen [t̪] en [d̪]. Guon Ynjers brûke ek in op stavering basearre útspraak (altyd in riskante saak yn it Ingelsk) troch destille h yn wurden lykasghost ("geast") út te sprekken as instimhawwende aspiraasje ([ɡʱo:st] ynstee fan [ɡǝʊst]), sa't dy yn in protte talen op itYndyske subkontinint tige algemien foarkomt.