ItNije Testamint (Latyn:Novum Testamentum;Gryksk:Ἡ Καινὴ Διαθήκη,Hē Kainḕ Dhiathḗkē), inkeld ek wol it "Nije Ferbûn" neamd, is de oantsjutting foar in samlingreligieuze geskriften dy't nei itAlde Testamint it twadde part fan 'eBibel foarmje. Hoewol't de Bibel it hillige boek is fan sawol itjoadendom as itkristendom, wurdt it Nije Testamint útslutend erkend troch de kristenen, dy't der op syn minsten likefolle wearde oan hechtsje as oan it Alde Testamint. De feitlike datearring fan 'e geskriften is dreech, mar algemien wurdt oannomd dat se yn 'e1e en/of de2e iuw nei Kristus ûntstien binne, mar net letter as om it jier150 hinne. De oarspronklike tekst fan it Alde Testamint wie skreaun yn it Koine-Gryksk, dat de miene sprake wie yn it eastlik bekken fan 'eMiddellânske See fan 'e feroverings fanAleksander de Grutte ôf oant de oergong nei it Byzantynsk-Gryksk oan it begjin fan 'e sânde iuw. De earsteFryske oersetting, fan dû.Geart Aeilco Wumkes enEeltsje Boates Folkertsma, kaam út yn1933, tsien jier foar't der in folsleine Fryske bibeloersetting reekaam.
It Nije Testamint is in bondel fan tsientallen wurken fan kristlike synjatuer, dy't op ûnderskate tiden troch ûnderskate skriuwers fêstlein binne. Se wurde tradisjoneel taskreaun oan 'e lju dy't de iere dissipels wiene fan 'e joadske learmasterJezus fan Nazaret, al binne guon teksten oanwiisber fan lettere datearring.
Bondels fan besibbe teksten, lykas deBrieven fan Paulus (wêrfan't de wichtichste samling al yn 'e iere twadde iuw makke wêze moat) en de fjouwerkanonike evangeeljes (dy't oan 'e ein fan 'e twadde iuw alle oare evangeeljes al grutdiels ferkrongen lykje te hawwen), waarden stadichoan yn in ferskaat fan kombinaasjes gearfoege mei oare bondels en ienlike wurken. Sa ûntstiene de earstekanons fan algemien erkende teksten. Meitiid krongen guon omstriden boeken en bondels, lykas deIepenbiering fan Jehannes en deAlgemiene Seinbrieven, troch yn sokke kanons dêr't se tenearsten net ta heard hiene. Oare wurken, dy't oarspronklik as kanonyk erkend wiene, lykas1 Klemins,De Hoeder fan Hermas en deDiatessaron, waarden weilitten út it Nije Testamint. Al mei al bliuwt de yndruk efter dat der troch de tsjerkfaars mar in frij willekeurige greep út it grutte ferskaat oan teksten dien is om it Nije Testamint gear te stallen. Lykwols moat men fêststelle dat de nijtestamintyske kanon fan 27 boeken binnen it kristendom frij algemien erkend wurdt, wylst der tusken de ûnderskate kristlike denominaasjes grutte ûnienichheid bestiet oer de gearstalling fan 'e kanon fan it Alde Testamint.
Yn hast alle hjoeddeiske kristlike tradysjes bestiet it Nije Testamint út dizze 27 boeken. Utsûnderings binne de kanons fan 'elutherske tsjerken en dy fan 'eEtiopysk-Otterdokse Tsjerke. Om'tMarten Luther itBrief oan de Hebreeërs, itBrief fan Jakobus, itBrief fan Judas en deIepenbiering fan Jehannes asapokryf beskôge, wurde dy boeken yn 'e lutherske Bibel noch altiten los fan 'e kanon byinoar yn in aparte taheakke hielendal efteroan it Nije Testamint ôfdrukt. De Etiopysk-Otterdokse Tsjerke erkent njonken de boppesteande 27 boeken ek noch de tekstenSer'atä Seyon,Te'ezaz,Gessew,Abtelis,1 Ferbûn,2 Ferbûn,Klemins (Etiopysk) enDidascalia (Etiopysk), en komt dêrmei op in totaal fan 35 boeken.
DeapostelPaulus dy't syn brieven skriuwt, op in skilderij út 'e 16de iuw. (De measte saakkundigen miene dat Paulus syn brieven eins oan in klerk diktearre.)
Yn it Nije Testamint binnenet opnommen û.m. de folgjende boeken (dy't de lêste jierren, nei twatûzen jier yn 'e ferjitnis omdoarme te hawwen, wer mear omtinken krije):
It Nije Testamint foarmet fierhinne de grûnslach fan it kristlikleauwe, al wurdt dêrnjonken ek it Alde Testamint beskôge as "it Wurd fan God". Mar it Nije Testamint is yn it foarste plak in saneamdeHeilsgeschichte, oftewol in ferlossingsferhaal; it behannelet eksplisyt de ferlossing fan 'e sûndigeminske troch de messias Jezus Kristus. Sadwaande is it de kearn fan 'e kristlike leare en is it ornaris (yn syn gehiel of foar in part) it earste ûnderdiel fan 'e Bibel dat yn eltse nije taal oerset wurdt. It tsjinnet as de wichtichste boarne foar de kristliketeology en hat troch de iuwen hinne tige by tige syn ynfloed jilde litten op net inkeld religieuze,filosofyske enpolitike bewegings yn 'e kristlike wrâld, mar ek in ûnútwiskber stimpel neilitten op 'eliteratuer,keunst enmuzyk út kristlike lannen.
De earste Fryske oersettings út it Nije Testamint betroffen fragmintaryske passaazjes ynAldfryske rjochtsteksten út 'eMidsiuwen (benammentlikMattéus 6:9-13, itUs Heit). De earste fertaling fan in hiel haadstik (Mattéus 6) ferskynde yn1802, ynEverwinus Wassenbergh synTaalkundige Bijdragen tot den Frieschen Tongval I (sawol yn it Standertfrysk, ynsafier't men dat doe al sa neame koe, as yn it oan itHylpersk besibbe en letter útstoarneMolkwarderdialekt). Oare fragmintaryske oersettings folgen, oant dû.Waalke van Borssum Waalkes om1860 hinne as earste ien fan 'e evangeeljes yn syn gehiel oersette (itEvangeelje fan Markus). It hiele Frysktalige Nije Testamint kaam út yn1933, yn 'e fertaling fan dû.Geart Aeilco Wumkes enEeltsje Boates Folkertsma. Nei't yn1943 ek harren Alde Testamint ferskynd wie, makke dat ûnderdiel út fan 'e earste folsleine Fryske bibeloersetting. Fan1966 ôf waard der wurke oan in totaal nije bibelfertaling, dy't yn1978 ferskynde as deNije Fryske Bibeloersetting. Dy is noch altiten yn gebrûk, yn 'e foarm fan 'e trêde, ferbettere druk fan1995. Lykwols kaam der yn1994 in nije evangeeljefertaling út fanWybren Jan Buma e.o., ûnder de titelDe Fjouwer Evangeeljes, op 'e nij ferfryske.