Nij-Jersey bestiet eins út fiif ferskillende regio's, dy't faninoar ûnderskaat wurde op basis fangeografy enbefolking. Noardeastlik Nij-Jersey, de saneamdeGateway-regio, makket diel út fan 'estêdekloft fanNew York (stêd), en wurdt foar in grut diel bewenne trochforinzen dy't ynManhatta of ien fan 'e oare NewYorkskeboroughs harrenwurk hawwe. Dat diel fan Nij-Jersey is it tichtst befolke en dêr leit ek de grutstestêd fan 'e steat,Newark. Noardwestlik Nij-Jersey, in krite dy't bekend stiet as deSkylands, bestiet dêrfoaroer út folle tinner befolkeplattelân meiwâlden enbergen. De Atlantyskekust yn it easten en súdeasten fan 'e stêd, dy't yn itIngelsk deJersey Shore neamd wurdt, is ek frij plattelânsk, mar hat in karakteristike eigen sfear en libbenswize, dy't sterk behearske wurdt troch de relaasje mei desee. DeDelling fan 'e Delaware, yn it súdwesten fan Nij-Jersey, makket diel út fan 'e stêdekloft fanPhiladelphia, inmetropoal dy't krekt oare kant de rivier de Delaware yn Pennsylvania leit. It binnenlân fan 'e súdlike helte fan Nij-Jersey, ta einsbeslút, stiet bekend as dePine Barrens (letterlik: "ûnfruchtbere grûn begroeid mei dinnebeammen"). Dat is it tinst befolke diel fan 'e steat en wurdt foar in grut part oerdutsen meimingd wâld dat fral bestiet útdinnen eniken.
Oars as bygelyksMarylân, dat stifte waard as taflechtsoard foar ferfolgeroomsen, enPennsylvania, dat oarspronklik bedoeld wie as ûntwyk foarpasifistyskequakers, wie Nij-Jersey fan it begjin ôf oan inetnysk enreligieus ferskaat gebiet, dêr'tpuriteinen,anglikanen enquakers útIngelân,presbyterianen útSkotlân enkalvinisten út 'eRepublyk njonkeninoar wennen. Dat hie der mei te krijen dat Nij-Jersey benammen befolke waard troch in sekundêre weach fan kolonisten dy't oerkamen út 'e oare Ingelske koloanjes ynNoard-Amearika, en net sasear streekrjocht út Jeropa. Dy lju waarden oanlutsen troch defruchtberelânbougrûn en de religieuze tolerânsje. Tsjin1775 hie de Koloanje Nij-Jersey 120.000 ynwenners.
Yn1674 waard de koloanje yn twaen spjalten, sadat de koloanjesEast-Jersey enWest-Jersey ûntstiene. Nei 28 jier waard dy spjalting yn1702 lykwols weromdraaid, en ûntstie der op 'e nij ien feriene koloanje. Fan1708 ôf waard Nij-Jersey regearre troch de Ingelskegûverneurs fan 'eKoloanje New York, in sitewaasje dy't de ynwenners fan Nij-Jersey tarazernij brocht. Pas yn1738 waard der wer in aparte gûverneur foar Nij-Jersey allinnich oansteld.
De grûnwet fan Nij-Jersey út1776 joech itkiesrjocht oan "alle ynwenners" ynsafier't se in beskaterykdom hiene. Dat betsjutte dat deearmere lju net stimme mochten, mar fierders waard gjin ûnderskie makke neiras ofsekse: begoedigeswarten hiene ek it kiesrjocht en itselde gou foarfroulju, útsein as setroud wiene, want troude froulju koene ommers sels neat yn eigendom hawwe: alles wie fan 'eman. Dêrby moat trouwens oantekene wurde dat ek froulju dy't stimme mochten, net foar fol oansjoen waarden, en beide gruttepolitike partijen beskuldigen inoar geregeldwei fan it stypjen op "petticoatkiezers", in denigrearjende beneaming foar it froulike diel fan itelektoraat. Yn1807 kaam oan dy sitewaasje in ein: it steatskongres fan Nij-Jersey besleat doe de grûnwet fan 'e steat sa te werynterpretearjen, dat inkeld begoedigeblankemanlju noch it kiesrjocht beholden.
Op15 febrewaris1804 waard Nij-Jersey de lêste Noardlike steat fan 'e Feriene Steaten dy't deslavernij ôfskafte. Dat waard net fan it iene op it oare stuit dien, mar stadichoan by de tiid lâns, om 'eekonomy te beskermjen. Dat late ta in stadige ôfname fan 'enegerslaven yn Nij-Jersey. Dy waarden lykwols net frijlitten, mar ôffierd nei steaten, lykas it oangrinzgjendeDelaware, dy't it ynstitút fan 'e slavernij beholden hiene. De stadige ôfskaffing fan 'e slavernij yn Nij-Jersey duorre sa lang dat der tsjin 'e ein fan 'eAmerikaanske Boargeroarloch, yn1865, noch altyd tusken de tsien en fyftjin slaven yn 'e steat holden waarden. De kiezers yn Nij-Jersey wegeren doe yn 't earstoan om 'e amendeminten oan 'e Amerikaanske Grûnwet oangeande de lanlike ôfskaffing fan 'e slavernij en de lykberjochtiging fan swarten yn 'e Feriene Steaten te ratifisearjen.
Nei't it Noarden de oarloch wûn hie, sette deYndustriële Revolúsje yn Nij-Jersey troch. Benammen stêden yn it noardlike part fan 'e steat hiene dêr foardiel by, lykasPaterson. Yn itAntebellum hie de steatsekonomy fierhinne op 'elânbousektor stipe, mar no waard deyndustry wichtiger, dy't benammentekstyl produsearre, lykasside. De ferneamdeútfinerThomas Alva Edison wenne en wurke yn Nij-Jersey en wist mar leafst 1.093oktroaien op synútfinings te krijen. Yn 'e twadde helte fan 'enjoggentjinde iuw wie ek demynbou yn Nij-Jersey fan belang, wêrby'tizer- ensinkminen iepene waarden yn it súdlike part fan 'e steat.
Einoktober2012 waard Nij-Jersey swier troffen troch deorkaanSandy. De stêdHoboken strûpte der heal ûnder, ynkl. it pleatslikesikehûs en twabrânwachtkazernes. Ek yn oare dielen fan 'e steat wie de skea grut. Der kamen yn Nij-Jersey allinnich al 43minsken om, wylst 2,6 miljoen minsken sûnderstroom kamen te sitten. De totale skea yn 'e steat waard rûsd op$36,8 miljard.
It politike lânskip fan Nij-Jersey wurdt behearske troch de beide grutte Amerikaanskepolitike partijen, deDemokratyske Partij en deRepublikeinske Partij. Alle oare partijen spylje mar in marzjinale rol. De steat wurdt tsjintwurdich fierhinne beskôge as in Demokratysk bolwurk, mei't Nij-Jersey by alle Amerikaanskepresidintsferkiezings sûnt1992 foar de Demokratyske kandidaat stimd hat. De lêste Republikeinske gadingmakker foar it presidintskip dy't Nij-Jersey wist te winnen wieGeorge H.W. Bush yn1988. Foar dy tiid hie Nij-Jersey sûnt it begjin fan 'etweintichste iuw oer it algemien op 'e hân fan 'e Republikeinen west.
It toerisme yn Nij-Jersey moat it fral hawwe fan 'ebaaiplakken enstrannen oan 'eAtlantyskekust en fan 'ekasino's ynAtlantic City, dat neiLas Vegas de wichtichste en bekendstegokstêd fan 'e Feriene Steaten is. It earste legale kasino iepene dêr yn1978 syn doarren. Yn2013 waard Nij-Jersey besocht troch 87,2 miljoen yndividuëletoeristen, en droech de toeristyske brâns foar $40,3 miljard by oan it bruto steatsprodukt fan Nij-Jersey.
Nij-Jersey is ferdield oer twa ûnderskateklimaatsônes. It suden, de midden en it noardeasten fan 'e steat hawwe in myldseeklimaat troch de ynfloed fan 'eAtlantyske Oseaan. It noardwesten hat lykwols fanwegen de hegere lizzing inlânklimaat mei folle koeleretemperatueren.Simmers yn Nij-Jersey binne oer it algemienhjit ennear, mei in trochsneed temperatueroerdeis oer de hiele steat fan 28-31°C. Elts jier hat in gemiddelde fan 25 dagen dat it kwik boppe de 32°C út komt. Guon jierren binne der inkele dagen dat de temperatuer omheech giet nei 38°C. Dewinters binne yn 'e regelkâld, mei trochsneed temperatueren oer de hiele steat fan oerdeis 1-6°C ennachts –2 - –9°C. Koarte skoftkes kin de temperatuer sels omleech gean oant ûnder de –18°C, benammen yn it noardwestlike diel fan Nij-Jersey. By 'tmaityd enhjerstmis rinne de temperatueren faak sterk útinoar.
Rekôrtemperatueren yn Nij-Jersey wiene 43°C, op10 july1936 ynRunyon, en –37°C op5 jannewaris1904 teRiver Vale. De steat kriget trochinoar 2.400 oant 2.800oerensinneskynjiers, en der falt yn it jier yn trochsneed 1.100 oant 1.300mmdelslach, frij gelikens ferspraat oer dejiertiden. Oer de hielewinter ferspraat falt yn it suden en oan 'e kust trochinoar sa'n 25-38smsnie, yn it noardeasten en de midden fan 'e steat 38-76sm, en yn it noardwesten 1.00-1.30m. De sniefal ferskilt lykwols faak sterk fan jier ta jier. Yn 'e winter en iere maityd wurdt Nij-Jersey geregeldwei troffen troch noardeasterstoarmen, dy't har soms ta wieresniestoarmen ûntjaan kinne.Orkanen,tropyske stoarmen entornado's binne seldsum yn 'e steat, hoewol't Nij-Jersey yn2012 swier troffen waard troch deorkaan Sandy.