It noarden en it suden fan Nigearia waarden troch it Britske kolonia bestjoer, nettsjinsteande de grutte ferskillen mei leauwen en kultuer, gearfoege ta ien lân. Ien de earste bewegingen foar mear foech wie deNigerian Youth Movement. De lieder fan dizze beweging, publisearde yn1943 in plan fan ûnôfhinklikens fan Nigearia. Winliken wie der net genôch omtinken foar de demografyske ferskillen: Oare folken binnen Nigearia rekken yn konflikt mei Nnamdi Azikiwe, dy't sels fan itIgbo-folk kaam.
Dêrnei kamen der bewegingen om de folken fan Nigearia tichter byinoar te bringen, mar se dienen neat foar it ferienigjen fan it lân. Dêrom stifte Nnamdi Azikiwe deNational Council of Nigeria and the Cameroons (NCNC), deYoruba dienen dat ek yn1951 mei deAction Group (AG). Yn it noarden stiften deHausa-Fulany itNorthern People's Congress (NPC) yn1949.
Njonkelytsen wienen de Britten fan miening dat de ûnôfhinklikens fan Nigearia net op te kearen wie, der kaam in útstel fan de Britten om in federaasje te stiften mei trije dielsteaten. Alle dielsteaten soenen in soart fan autonomy krije. Om bar soene de dielsteaten fjouwer ministers oan it sintrale bestjoer leverjen moatte.
Yn1959 wiene de earste ferkiezings foar it federale parlemint. It NPC wûn (yn it noarden wennen likefolle minsken as yn 'e oare dielen) en foarmde in koalysje mei de NCNC. Nigearia waard offisjeel yn1960 ûnôfhinklik.Abubakar Tafawa Balewa, út it noarden wei, waard premier en Nnamdi Azikiwe presidint, dy funksje wie lykwols mar sermonieel. Nei dy ferkiezings en de ûnôfhinklikens kamen der korrupte oerheidsmeiwurkers, hoewol't in grut part fan de befolking yn Nigearia earm wie.
Yn1964 waard der parlemintêre ferkiezings holden, dy't deNigerian National Alliance (NNA), in gearfoeging fan de NPC en in part fan de AG, wûn hie. Der wie om dizze ferkiezings hinne in soad yntimidaasje en omkeaping. De dielsteatferkiezings yn 1965 rûn ta in bloedbad út: De Igbo's wienen bûten it spul set en der stoaren tûzenen minsken. Op14 jannewaris1966 besochten de militêren de macht oer te nimmen, benammen offisieren fan it Igbo folk. De lieder fan dy aksje wie in Igbo-generaal:Aguiyi Ironsi. De premier fan doeAguiyi Ironsi waard fermoarde. Dat wie de ein fan de federaasje en der kaam in anty-korrupsjekampanje fan de Inronsy. Mar ek dat regear wie net populêr, omdat it grutste part fan it Igbo folk kaam. Dêrfoaroer besochten de Hausa stammen op29 july1966 de macht oer te nimmen. De lieder fan dy aksje wie de lutenant-kolonelYakubu Gowon. Ironsi waard fermoarde en de Igbo's flechten út hiel Nigearia wei nei it súdeasten fan Nigearia. Op30 maaie1967 rop de rebellenliederChukwuemeka Ojukwu East-Nigearia as de republykBiafra út. Dêrnei wie der in kriich oant jannewaris1970. Ien fan de wichtichste oarsaken fan dy kriich wie de fynst fan oalje yn Biafra. By de roes stoaren der in heal miljoen minsken, mar dat nûmer is ûnwis, guont sizze dat der 2 miljoen stoaren.
Troch de oalje heechkonjuktuer yn de sântiger jierren fan de 20e iuw, slute Nigearia him oan by deOPEC en miljardendollars fan de oalje produskje gie nei de Nigeariaanske skatkist. Mar troch hieltyd mear korrupsje yn it regear waard it jild wei. De opbringsten fan de oalje gie nei federale subsydzjes, en dêrtroch wie it regear it sintrum fan politike striid.