Yn it gebiet tusken de eardere doarpen Vreeswijk en Jutphaas lei eartiids in lyts plak,Geyne. Dat plak krige yn1285stedsrjochten, dochs waard al rillegau, yn1313 ferwoastge yn in kriich tusken debiskop fan Utert en degreve fan Hollân. Hjoed-de-dei docht itHûs Oudegein noch oan dy tiid weromtinken. De gemeentebestjoeren fan Vreeswijk en Jutphaas hawwe foar in skoftke oan itt stinnen west oer in nije namme. Ynearsten soe it 't Gein wurde, mar waard kediisd om itNieuwegein, nei it âlde plak, te neamen.
Yn de 1960-er en 1970-er jierren wie der yn Nederlân in weach fansuburbanisaasje. Bewenners fan de grutte stêden yn deRânestêd teagen nei de omlizzende gemeenten. It regear koôrdinearre dy bewegings sa as ûnder oare itGriene Hert syn romten en lânskiplike wearden behâlde te litten. It waard gemeneten dêrnei net mear tastien om selsstannich grutte bouprojekten te ûntwikkeljen en út te fieren. Ynstee waard troch de sintrale oerheid sels boulokaasjes oanwiisd. Om Utert hinne lei it swiertepunt fan ûntjouwing súdlik fan de stêd.
Al yn1958 bestie der by it provinsjebestjoer fan Utert plannen en brûk it gebiet tusken de doarpen Vreeswijk en Jutphaas folslein foar grutskalige wentebou, dêr't der, mei dy twa gemeenten ynbegrepen, in nij plak troch ûntstean soe. Yn it noardlik gebiet wie Jutphaas al dwaande mei it bouwen fan de wykWijkersloot en Vreeswijk yn it suden wie dwaande mei de wykZandveld. Dêrtroch woeksen de beide plakken al nei inoar ta.
Op12 juny1969 besleaten de gemeenterieden fan de gemeenten Vreeswijk en Jutphaas om harren sels op te heffen en op1 july1971 wiene se gearfoege ta d enije gemeente Nieuwegein. Nieuwegein is yn hjoeddeistige begripen in folsleine stêd.
De gemeente wurdt begrinzge troch de stêdUtert yn it noarden, de gemeenteHouten yn it easten, de gemeenteFiifhearelannen yn it suden en de gemeenteIselstein yn it westen.