Nick Holonyak Jr. (Zeigler (Illinois),3 novimber1928) is in Amerikaansk natuerkundige dy't yn1962 de earste ljochtjaande dioade (led) makke. Op dat momint wie hy yn tsjinst as wittenskipper ferbûn oan itGeneral Electric Company laboratory ynSyracuse,New York.
Yn1963 foege hy him byJohn Bardeen oan deUniversiteit fan Illinois en wurke oan kwantumwells en kwantumwell-lasers.
Sûnt2003 hâldt hy de titelJohn Bardeen Endowed Chair Professor foarElectrical and Computer Engineering and Physics oan de Universiteit fan Illinois yn Urbana-Champaign en ûndersiket hy manieren foar it produsearjen fan kwantumdot-lasers.
Yn 2003 waard hy ûnderskieden mei deIEEE Medal of Honor en yn 2015 krige er de Charles Stark Draper Prize "foar de útfining, it ûntjaan en kommersjalisearring fan materialen en prosessen foar ljochtjaande diodes (LEDs)."