Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

New York (steat)

Ut Wikipedy
State of New York
Vlag van New YorkGjin wapen
OfkoartingNY
HaadstêdAlbany
Tiidsône-5
Algemien
Oerflakte141.205
Befolking19.227.088
Oare ynformaasje
Tatreden26 july1788
Oantal countys62

New York is in steat yn deFeriene Steaten fan Amearika. De haadstêd isAlbany. De grutste stêd is lykwolsNew York, dat ek de grutste stêd is fan de hiele Feriene Steaten.

Skiednis

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

It gebiet fan New York waard eartiids troch deNederlanners kolonisearre, dy't earstFort Nassau en letterFort Oranje stiften by wat tsintwurdichAlbany hjit. Sy stiften ekNij Amsterdam op it eilânManhattan. Yn1660 krigen deIngelsen de macht, wêrnei't sy Nij Amsterdam de nammeNew York joegen, ta eare fan dehartoch fan York.

New York wie ien fan de trettjin koloanjes dy't yn de18e iuw yn opstân kamen tsjin de Britske oerhearsking. Op26 july1788 waard New York de 11e steat fan de Feriene Steaten.

Geografy

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De steat New York is 141.205 km² grut. It heechste punt is de pyk fan Mount Marcy (1629 meter).Tige ferneamd binne deNiagarawetterfallen.

New York grinzet yn it noarden en westen oanKanada en de marrenEriemar enOntariomar. Yn it suden grinzet it oan de steatenPennsylvania enNij Jersey, en yn it eaten oanKonettikut,Massachusetts enFermont.

Nij York hat is soad marren en rivieren. De grutteChamplainmar foarmet in diel fan de grins meiFermont. De wichtichste rivier is deHudson dy't yn de steat ûntspringt en by de stêd New York yn deAtlantyske Oseaan streamt. De wichtichste eilannen binneManhattan,Long Island enStaten Island.

Niagara Wetterfallen
Hudson Rivier

Keppeling om utens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
 
             Feriene Steaten
Flagge fan de Feriene Steaten
steaten
Alabama Alaska Arizona Arkansas Delaware Fermont Firginia Floarida Georgia Hawaï Idaho Illinois Indiana Iowa Kalifornje Kansas Kentucky Kolorado Konettikut Louisiana Maine Marylân Massachusetts Michigan Minnesota Mississippy Missoery Montana Nebraska Nevada Nij-Hampshire New York Nij-Jersey Nij-Meksiko Noard-Dakota Noard-Karolina Ohio Oklahoma Oregon Pennsylvania Rhode Island Súd-Dakota Súd-Karolina Teksas Tennessee Utah Washington West-Firginia Wyoming Wiskonsin
ûnynkorporearre territoaria
Amerikaanske Famme-eilannen Amerikaansk-Samoä Gûam Noardlike Marianen Porto Riko
federaal distrikt
Distrikt Kolumbia
· ·Berjocht bewurkje
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=New_York_(steat)&oldid=1101402"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp