Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

New Orleans

Ut Wikipedy
New Orleans
Emblemen
            
Bestjoer
LânFeriene Steaten
Steatborder|20pxLouisiana
ParishOrleans Parish
Sifers
Ynwennertal369.250(2012)
Oerflak907 km²(ynkl. wetter)
467,6 km²(allinnich lân)
Befolkingsticht.759 / km²
Stêdekloft1.214.932(2010)
Hichte-2 – +6 m
Oar
Stifting1718
TiidsôneUTC -6
SimmertiidUTC -5
Koördinaten29°57′53″N 90°04′14″W
Offisjele webside
www.nola.gov
Kaart
New Orleans (Louisiana)
New Orleans
De lizzing fan New Orleans yn 'e steatLouisiana.
Dizze side giet oerde stêd yn 'e Amerikaanske steat Louisiana. Foar oare betsjuttings, sjoch:New Orleans (betsjuttingsside).

New Orleans (útspr.: /nu: 'ɔrliənz/ of /'nu: ɔr'li:nz/, en troch de pleatslike befolking almeast as /'nɔrlənz/;Frânsk:La Nouvelle-Orléans) is de grutste stêd fan 'e súdlikeAmerikaanskesteatLouisiana, en ien fan 'e grutste en wichtichstehavenstêden oan 'eGolf fan Meksiko en oan 'erivier deMississippy. De bekendstebynamme fan 'e stêd is The Big Easy. Neffens in offisjele skatting út2012 bedroech it ynwennertal fan 'e stêd doe krapoan 370.000 minsken. De stêdekloft dêr't New Orleans it sintrum fan foarmet, hat lykwols goed 1,2 miljoen ynwenners. De stêd New Orleans enOrleans Parish (Frânsk:paroisse d'Orléans), de bestjoerslaach boppe de sted, binne ien en deselde.

Bynammen

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

New Orleans hat in stikmannichbynammen, wêrûnder Nawlins ("Nâlins"), dat infonetyske werjefte is fan 'e lokale útspraak fan 'e namme; NOLA, in gearstalling 'e ôfkoartings foar New Orleans en Louisiana; 504, wat de pleatslikepostkoade is; The Crescent City ("De Healmoannestêd"), dat slacht op 'e bocht dy't de Mississippy troch de stêd hinne makket; en The City That Care Forgot ("De Stêd Dêr't de Soargen oan Foarbygien Binne"), wat tsjut op 'e soargeleaze libbenswize dy't de ynwenners hawwe soene. De bekendste bynamme is lykwols The Big Easy ("De Grutte Maklike"). It is net alhiel dúdlik wêr't dy oantsjutting wei komt; it soe wize kinne op it gemak wêrmei't muzikanten yn 'e ieretweintichste iuw yn New Orleans wurk fine koene, mar it is ek mooglik dat it út 'e tiid fan 'eDrûchlizzing komt, doe't de hiele stêd wol as ien gruttespeakeasy ("klandestinekroech") beskôge waard.

In satellytfoto fan New Orleans.

Skiednis

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

New Orleans waard stifte op7 maaie1718 troch deFrânskeMississippykompanjy, ûnder lieding fanJean-Baptiste Le Moyne, hear fan Bienville, oan 'e mûning fan 'e rivier deMississippy, op lân dat foartiid ta it wengebiet fan 'eTsjittimatsja-Yndianen heard hie. It waard ferneamd neiFilips II, hartoch fan Orléans, dy't doedestiden regint fan Frankryk wie. New Orleans waard de wichtichste stêd fan 'e FrânskekoloanjeLouisiana, dy't it hiele streamgebiet fan 'e Mississippy oan 'eKanadeeske grins ta omfette, in krite dy't letter opdield is oer trettjin ûnderskate Amerikaanske steaten.

By deFrede fan Parys, fan1763, waard Frankryk twongen dy koloanje op te jaan en kaam it gebiet ynSpaanske hannen. Dêrnei hearde it 37 jier ta de Spaanske koloanjeNij-Spanje (it lettereMeksiko), oant de Spanjerts it yn1800 wer weromjaan moasten oan Frankryk.Napoleon lykwols, dy't it doe ynParys foar it sizzen hie, koe fanwegen deBritske oppermacht op 'e wrâldseeën net folle mei it gebiet, dat yn in die dy't yn Frankryk noch altiten beskriemd wurdt, besleat er genoegen te nimmen mei it op ien nei bêste, en ferkocht er hiele Louisiana oan in oare fijân fan 'e Britten: de Feriene Steaten. Dy saneamdeLouisiana-oankeap, út1803, joech de Amerikanen de earste oanset ta wat se letter as harren lotsbestimming beskôgje soene, nammentlik om itNoardamearikaanske kontinint fan kust ta kust te oerhearskjen.

Tsjin1800 bestie de befolking fan New Orleans fierhinne út Frânsen, in stikmannich Amerikanen en fierdersnegerslaven. Nei1803 fûn der in grutte tastream fan Amerikanen, mar fral ek fanIeren enDútsers plak. Nei't yn1804 de Frânske koloanjeSint-Domenikus (Saint-Domingue) ûnôfhinklik waard ûnder de nammeHaïty, wêrby't de eardere slaven dêr de macht yn 'e hannen krigen, folge der in úttocht fan tsientûzenen blanken en frije kleurlingen (gens de couleur libre), faak mei har eigen negerslaven, dy't har grutdiels yn New Orleans nei wenjen setten. Dy frije kleurlingen kamen meitiid deLouisiaanske Kreoalen út fuort. Yn1809 wie troch dizze ymmigraasje, dêr't de Amerikanen it leafst it near op lein hiene, as se mar witten hiene hoe, New Orleans foar likernôch 90% Frânsktalich en foar 63% swart wurden (wêrmei't it de swartste stêd fan 'e Feriene Steaten wie; op it twadde plak leiCharleston, ynSúd-Karolina, dat foar 53% troch swarten bewenne waard).

DeSlach om New Orleans, op8 jannewaris1815.

Op it lêst fan 'eOarloch fan 1812 (dy't sa hjit om't er yn dat jier útbriek), stjoerden de Britten in leger fan 11.000 man om New Orleans op 'e Amerikanen te feroverjen. De jongeAndrew Jackson, dy't letter presidint fan 'e Feriene Steaten wurde soe, socht in striidmacht byinoar dy't bestie út pleatslike milysjes, frije kleurlingen, geregelde Amerikaanske legertroepen, frijwilligers útKentucky wei en seerôvers fan 'e kust fan 'e Golf fan Meksiko, en fersloech dêrmei de Britten op8 jannewaris1815 yn 'e bloedigeSlach om New Orleans. Pas neitiid die bliken dat ynJeropa deFrede fan Gint al tekene wie op24 desimber1814.

Yn 'enjoggentjinde iuw wie New Orleans fierwei de grutste stêd fan itAmerikaanske Suden. As havenstêd spile it in grutte rol yn 'ekatoenhannel en deAtlantyske slavehannel. Nei't de Feriene Steaten yn1808 de ymport fan nije slaven ferbean hiene, konsintrearre New Orleans him datoangeande fan needs op 'e binnenlânske merk. Dêrnjonken foarme it ek it ein- en begjinpunt fan 'e hannel en it transport oer de Mississippy, dat foàr de oanlis fan it spoar de wichtichste manear wie om guod nei it Amerikaanske binnenlân te ferfieren. De Frânsksprekkers beholden yn New Orleans de nûmerike mearderheid oant likernôch1830. Yn 'e tsien jier dêrop ferdûbele de befolking, en waard de New Orleans de op twa nei grutste stêd fan it lân.

Rivierstoomboaten fan 'eMississippy yn New Orleans (1853).

Yn 'eAmerikaanske Boargeroarloch sleat de súdlike slavesteat Louisiana him by deKonfederaasje oan. New Orleans waard lykwols al ier yn 'e oarloch fan 'e seekant ôf troch de Noardliken ferovere, en bleau de rest fan 'e oarloch beset gebiet. De Frânsktaligen waarden de dupe fan 'e oarloch; yn1862 ferbea de Noardlike generaalBen Butler itFrânsktalich ûnderwiis. Nei't de Boargeroarloch yn1865 troch it Noarden wûn wie, duorre it noch oant1868 ear't Louisiana wer ta de Uny talitten waard. Yn 'e tuskentiid kaam de hiele steat ûnder in militêr bewâld, en dat lei noch slimmer it near op it gebrûk fan it Frânsk. Sadwaande wie tsjin 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw it persintaazje Frânsksprekkers yn New Orleans bot tebek rûn, al wie it Frânsk sels yn1902 foar in fearn fan 'e befolking noch de deistige omgongstaal, wylst der yn1945 noch rûnom âldere Kreoalske froulju wiene dy't gjin wurdIngelsk sprieken.

Huzen oan Esplanade Avenue yn 'eKreoalske styl dy't karakteristyk is foar New Orleans.

Oan 'e oare kant ûntkaam New Orleans troch de lange besetting yn 'e Boargeroarloch wol oan 'e grutskalige ferneatiging dy't de oare grutte stêden fan it Suden trof, lykasRichmond enAtlanta. Nei't de militêre besetting yn1868 opheft wie, waarden troch deDemokratyske Partij, dy't doedestiden oppermachtich wie yn it Suden, wetten ynfierd wêrmei't in systeem fanrasseskieding trochfierd waard yn alle ûnderdielen fan 'e maatskippij, dat de lettereapartheidspolityk fanSúd-Afrika net wanlyk wie.Ekonomysk sjoen rekke New Orleans yn dyselde snuorje yn 'e nederklits. Earst waard it foarbystribbe troch de stêden oan it nij oanleine spoar, dat it ferfier oer de Mississippy oerstallich makke. Doe kamen de stêden oan 'e westkust op, lykasSan Fransisko, wêroan't New Orleans in grut part fan syn funksje as havenstêd en poarte nei de bûtenwrâld kwytrekke. En dêrnei, fan 'e midden fan 'etweintichste iuw ôf, ferlear New Orleans it as fêstigingsgebiet fan 'e oare stêden fan 'e saneamdeSinnegurdle (Sun Belt) fan it Suden en Westen;Houston,Dallas enAtlanta woeksen New Orleans foarby, en yn1960 waard it sels trochMiami ynhelle.

DeSwarte Boargerrjochtebeweging fan 'e fyftiger en sechstiger jierren soarge derfoar dat deAfro-Amerikaanske en Kreoalske ynwenners fan New Orleans tsjin1970 einlings en te'n lêsten deselde rjochten krigen hiene as de blanken. Lykwols, der bleau in grutte ynkommenskleau tusken beide maatskiplike groepen, dy't oant hjoed de dei bestiet. Yn de twadde helte fan 'e tweintichste iuw waard New Orleans fierders almar ôfhinkliker fan ittoerisme as in boarne fan ynkomsten.

New Orleans stiet splis nei deorkaanKatrina.

Yn deselde perioade waarden der grutte moerasgebieten om New Orleans hinne drûchlein, sadat de stêd fierder útwreidzje koe. Dat hat der lykwols ta laat dat no in grut part fan 'e stêd ûnder seenivo leit, sadat New Orleans kwetsber wurden is foar oerstreamings, nammenste mear om't de stêd ynklamme leit tusken de Mississippy oan 'e iene kant en dePontchartrain-mar oan 'e oare kant. Yn1965 kamen tsientallen minsken om doe't deorkaanBetsy oer de stêd hinne raasde, al holden de diken it doe. Mar by de trochrein feroarsakeoerstreaming fan1995 rûn in grut part fan New Orleans ûnder. Neitiid waarden nije maatregels nommen om soks yn it ferfolch foar te kommen, mar dat bliek by lange nei net genôch te wêzen doe't yn augustus2005 de orkaanKatrina yn súdlik Louisiana oan lân kaam. De diken en wetterkearings dy't oanlein wiene troch itKorps Sjeny fan itAmerikaanske Leger brieken fier ûnder de ûntwerpspesifikaasjes troch, en 80% fan 'e stêd kaam ûnder wetter te stean. Hoewol't de measte ynwenners yn 't foar evakuëarre wiene, foelen der by dizze ramp yn hiele Louisiana dochs noch 1.500 deaden. In foech moanne letter, yn septimber, moast de weropbou en repopulaasje fan 'e stêd tydlik stillein wurde fanwegen it neieroankommen fan 'e orkaanRita, en al rûn dat mei in skamper ôf, dochs rûnen guon drûchpompte dielen fan New Orleans op 'e nij ûnder. Tsientûzenen minsken koene moannenlang net werom nei hûs, en in protte fan harren ferfear nei oare plakken om in nij libben op te bouwen. Foar Katrina hie New Orleans goed 450.000 ynwenners; yn2012, nei sân jier fan weropbou en groei, bedroech it ynwennertal noch mar krapoan 370.000. It Amerikaanske regear krige in stream fan krityk te ferwurkjen oer de manear fan oanpak fan 'e ramp, en al waard it fan hegerhân ûntstriden, dochs binne der withoefolle oanwizings dat blanken en troch blanken bewenne buerten fan 'e stêd earder holpen waarden as swarten en troch swarten bewenne buerten. Yn2008 waard de befolking fan New Orleans op 'e nij evakuëarre foar de orkaanGustav, mar doe foel de skea aldergeloks ta.

Deskyline fan New Orleans bysinne-ûndergong.

New Orleans hjoed de dei

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Hjoed de dei is New Orleans Katrina noch mar kwealk te boppen. Yn 'e earmere wiken steane in protte huzen der ferrinnewearre en ferlitten by, dêr't de bewenners nei2005 nea weromkeard binne. De âlde binnenstêd mei it saneamdeFrench Quarter ("Frânske Kertier"), de grutstetoeristyske trekpleister, dêr't noch bouwurken út 'e Frânske en de Spaanske tiid steane, is lykwols folslein restaurearre. Dat is ek wêr't ienris yn 't jier it gruttekarnavalsfeest fan New Orleans plakfynt, dat fanMardi Gras hjit (de "s" isstom), en dat elts jier tsientûzenen toeristen lûkt. Midsoktober wurdt yn New Orleans itFilmfestival fan New Orleans holden. De stêd stiet fierders benammen bekend as it berteplak fan 'ejazzmuzyk, en hat ek in wichtige rol spile by de ûntwikkeling fan oare muzyksoarten, lykasblues,cajun enzydeco. Detrompettist en sjongerLouis Armstrong kaam út New Orleans, en nei him is dan ek de lofthaven fan 'e stêd neamd,Louis Armstrong New Orleans International Airport. Ek is de stêd noch altiten ferneamd om synFrânsk enFrânsktalich erfskip, en om synKreoalske koken, mei gerjochten asjambalaya engumbo.

Demografy

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Befolkingsopbou

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
It sintrum fan New Orleans besjoen fanútUptown.

Neffens de folkstelling fan2010 wie deetnyske opbou fan 'e befolking fan New Orleans sa: 60,2% waard opmakke trochAfro-Amerikanen enLouisiaanske Kreoalen (de Kreoalen wurde troch it Amerikaanske regear net as in aparte etnyske groep erkend, hoewol't se dat dúdlik wol binne); 31,1% bestie útblanken; 5,3% wieneLatino's en 2,9% waard opmakke trochAziaten (mei as wichtichste subgroep deFjetnamezen, dy't 1,7% fan 'e stedsbefolking foarmen). De restearjende 1,7% bestie út lju fan mingd komôf.

DeSint-Loadewykkatedraal oanJackson Square.

Befolkingsgroei

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
jier/datumynwennertal
17693.190
17854.980
17885.331
17978.056
18009.650
1 Augustus 181017.242
1 Augustus 182027.176
1 Juny 183046.082
1 Juny 1840102.193
1 Juny 1850116.375
1 Juny 1860168.675
1 Juny 1870191.418
1 Juny 1880216.090
1 Juny 1890242.039
1 Juny 1900287.104
jier/datumynwennertal
15 April 1910339.075
1 Jannewaris 1920387.219
1 April 1930458.762
1 April 1940494.537
1 April 1950570.445
1 April 1960627.525
1 April 1970593.471
1 April 1980557.515
1 April 1990496.938
1 April 2000484.674
1 July 2005454.863
1 July 2006223.388
1 July 2007239.124
1 April 2010343.829
2012369.250
Louis Armstrong.
Mahalia Jackson.
Elmore Leonard.
Memphis Monroe.

Berne yn New Orleans

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Klimaat

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Itklimaat fan New Orleans is subtropysk, mei koarte, oer it algemien myldewinters, en hjitte, dampigesimmers. It waarmst is it yn 'e moannen july en augustus, as detemperatuer oerdeis oprint oant yn trochsneed 32,9 °C. It koelst is it yn jannewaris, mei in trochsneed deitemperatuer fan 16,7 °C. De leechste temperatuer dy't yn New Orleans ea metten is, wie -14 °C, op13 febrewaris1899, wylst it op24 juny2009 it hjitst wie, mei 40 °C. Watdelslach oangiet, falt der jiers yn trochsneed 1.590 mm; simmerdeis is it fierwei it wietst, wylst oktober de drûchste moanne is.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:References, op dizze side.


Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryNew Orleans fanWikimedia Commons.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=New_Orleans&oldid=1141681"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp