Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Neville Chamberlain

Ut Wikipedy
Arthur Neville Chamberlain, jier ûnbekend

Arthur Neville Chamberlain (Birmingham,18 maart1869 -Reading,9 novimber1940) wie in Britske politikus dy’t foar de konservative partij wie. Hy wie de Earste Minister fan1937 oant1940. Hy soe de skiednis yngean as de man dy’t tocht dat hy de wrâldfrede rêden hie. (“Peace in our time”).

Libben en wurk

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Nevelle Chamberlain waard berne op 18 maart 1869 as soan fanJoseph Chamberlain, de boargemaster fanBirmingham. Syn mem ferstoar yn it kreambêd doe’t hy 6 jier âld wie. Hy hie 3 susters, in healsuster en healbroer út it foarrige houlik fan syn heit. De healbroerJoseph Austen soe him foargean yn de polityk, Joseph waard minister fan finânsjes.

Neville groeide op as man mei in soad ynteresses. Hy fûnmuzyk,literatuer,plantkunde enornitology moai. Hy helle synyngenieursdiploma en spesjalisearre him yn de metaalkunde. Syn karriêre begûn yn it bedriuwslibben. Hy waard priizge as manager.

Op 42-jierrige leeftyd die Nevelle syn earste stappen yn de polityk. Hy waard keazen yn degemeenterie fan syn stêd. Sân jier letter op 49-jierrige leeftyd wurdt er in parlemintslid. Syn politike karriêre kaam doe echt op gong en yn1923 waard er foar it earst minister. Hy waard minister fan folkssûnens. Hy woe it better meitsje foar de minder bedielden en dêrom soarge hy foar bettere húsfesting en foar betelbere wenten.

Hy beklaaide de post oant1929. Hy waard doe minister fan finânsjes. Yn dy funksjes liet er wer sjen dat er in sosjale herfoarmer wie. Ek sette hy him yn om de skulden út deEarste Wrâldkriich fuort te wurkjen. Ek soarge hy der foar dat fabriken en minen harren sels fernijden. Dêrtroch koe it Feriene Keninkryk mei de modernste technology en middelen deTwadde Wrâldkriich begjinne. Al wie dit net syn earste doel. Ek yn it bûtenlân waarden syn prestaasjes besjoen. Hy helle de foarkant fan it Amerikaanske blêd de Time.

Chamberlain swaaide mei syn papier en sei dat derpeace in our time wie

Op28 maaie1937 krige Chamberlain it heechste amt, hy waard Earste Minister. Hy seach datNazi-Dútslân hieltiten mear nei oarloch nige. Dútslân anneksearreEastenryk. Hy woe kriich foarkomme en dêrom besocht hy by dekonferinsje fan Munchen omHitler tefreden te krijen. Hitler mocht in grut diel fanTsjechoslowakije hawwe. Hy mochtSudetelân hawwe wêr't in protte folksdútsers wennen. Dat wie foar it lân in grutte ramp. It ferdrach soe it begjin fan de ein wêze fan Chamberlain. Op1 septimber1939 foel Hitler dochsPoalen binnen nettsjinste alle beloften. Dêrnei foel der net mear oan Twadde Wrâldkriich te ûntkommen. Doe'tNazi-Dútslân dêrnei ek noch op10 maaie1940Belgje,Nederlân enFrankryk binnen foel wie syn posysje net mear te hâlden. Hy waard opfolge trochWinston Churchill.

Seis moannen letter ferstoar Neville Chamberlain oan maachkanker. Hy liet in frou en twa bern nei.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Neville_Chamberlain&oldid=1065544"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2026 Movatter.jp