Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Neutron

Ut Wikipedy
Matearje bestiet op de lytste skeal út elementêre dieltsjes

Inneutron is insubatomêr dieltsje sûnderelektryske lading dat foarkomt ynatoomkearnen. It is opboud út 2 down-quarks en 1 up-quark. Alle atoomkearnen op ééien nei befetsje neist ien of mearprotoanen ek ien of mear neutronen. De ienige útsûndering is1H (de meast foarkommende foarm fanwetterstof), wêrfan de kearn út allinnich ien proton bestiet. De massa fan it neutron is frijwol lyk oan dy fan it proton (it neutron is wat swierder), mar it neutron mist de positive lading fan it proton.

Derêstmassa fan in neutron is 1,00894atomêre massa-ienheid (a.i.), dat is 1,67493 × 10-27 kg. It dieltsje kin frijkommme bykearnsplitsing, bygelyks ynkearnreaktors en by de eksploazje fan inatoombom, mar it is yn dizze frije tastân (dus bûten de atoomkearn) net stabyl. Deferfaltiid (oantsjutten mei τ) is 14:46 minuten. It ferrfalt ta inelektron, inproton en inelektron-antineutrino. Dit is in foarbyld fanβ-ferfal (elektroanenemisje wurdtbêtastrieling neamd). Hast allemassa wurdt dêrby trochjûn oan it proton.

Neutroanen spylje in wichtige rol yn kearnreaksjes:

Se kinne ek brûkt wurde foarstruktuerûndrsyk:

It neutron waard yn1932 ûntdekt trochJames Chadwick, dy't dêrfoar yn1935 deNobelpriis foar de Natuerkunde krige.

Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Neutron&oldid=931749"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp