Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Neutrino

Ut Wikipedy

Itneutrino is insubatomêr-,elemintêr dieltsje sûnder lading. It hat inspin fan 1/2 dat it is infermion.

It neutrino is inlepton. De foarneamste wikselwurking (ynteraksje) dy't neutrino's sjen litte is deswakke kearnkrêft: neutrino's binne net gefoelich foar desterke kearnkrêft ofelektromagnetyske ynteraksjes. Lang waard dêrneist miend dat demassa fan it neutrino nul wie, mar eksperimintele resultaten fan bygelyks deSuper-Kamiokande detektor hawwe sjen litten dat se grutter as nul is. Sadwaande binne neutrino's ek bleatsteld oan deswiertekrêft.

De measte neutrino's dy't de ierde berikke, komme fan desinne. De sekonde wurdt elkekante sintimeter fan deromte yn de omkriten fan deierde, dy't streekrjocht op de rjochting fan de sinnestrielen stiet, passeard troch 65 miljardsinneneutrino's.

Earste waarnimming fan in neutrino yn inbellefet, novimber1970. It neutrino, (dat net te sjen is) rekket inproton (rjochts op foto) en feroaret yn inmuon (de lange tinne streek fan de midden fan de foto ôf nei linksboppe). De koarte, justjes bûgde streek nei boppen is it proton. It tredde bûgde spoar nei linksûnder is fan inpi-meson dat ûntstien is troch de botsing fan it neutrino mei it proton.

Septimber 2011 melden ûndersikers fan itCERN ynSwitserlân en deLaboratori Nazionali del Gran Sasso ynItaalje dat hja, by itCNGS-eksperimint, mooglik waarnomd hawwe dat heech-energetyskemuon-neutrino's in fraksje flugger as deljochtsnelheid reizgje. Yn novimber 2011 hawwe ûndersikers fan CERN opnij mjitten dat dit dieltsje hurder giet as it ljocht. Dy ûntdekking soe de útgongspunten fan derelativiteitsteory fanAlbert Einstein ûndermynje. Febrewaris 2012 makke CERN bekend dat by dy eksperiminten in net goed wurkjendeossillator englêsfezelferbining ta in legere of hegere útkomst fan de reistiid fan de neutrino's laat hawwe kinne. Nije mjittings yn maaie 2012 sille der útslútsel oer jaan moatte.

Trije generaasjes

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn itStandertmodel kommme trijegeneraasjes neutrino's foar. De earste generaasje wurdt itneutrino neamd (ek wolelektron-neutrino ofe-neutrino), de twadde generatiemuon-neutrino en de treddetau-neutrino. De neutrino's binne ferneamd nei de elektrysk ladenleptonen út deselde generaasje:elektron,muon entau. Der bestiet foar eltse neutrino inanty-neutrino:antimatearje.

Neutrino Antineutrino 
nammesymboalnammesymboalmassa
Elektron-neutrinoνe{\displaystyle \nu _{e}}Elektron-antineutrinoν¯e{\displaystyle {\bar {\nu }}_{e}}<2,5 eV
Muon-neutrinoνμ{\displaystyle \nu _{\mu }}Muon-antineutrinoν¯μ{\displaystyle {\bar {\nu }}_{\mu }}<170 keV
Tau-neutrinoντ{\displaystyle \nu _{\tau }}Tau-antineutrinoν¯τ{\displaystyle {\bar {\nu }}_{\tau }}<18 MeV
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Neutrino&oldid=965269"
Kategory:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp