Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Nekromânsje

Ut Wikipedy

Nekromânsje, inkeld ek woldeadetsjoenderij ofdeademagy neamd, is in foarm fantsjoenderij dy't basearre is opkommunikaasje mei dedeaden. Dêrby kin it gean om itoproppen fan ingeast ofskym fan in deade, mar it kin ek it meistoflik omskot en al oproppen fan inferstoarne wêze. Yn it earste gefal is it doel ornaris om 'e geast te befreegjen oer saken dy't detsjoender witte wol. Yn it twadde gefal is it doel om 'e deade wer ta libben te bringen (of alteast ta in steat fanûndea) of om 'e deade aswapen tsjin in fijân yn te setten. Itwurd 'nekromânsje' komt fan itGrykske νεκρομαντεία,nekromanteia, in gearstalling fan νεκρός,nekros ("lyk"), en μαντεία,manteia ("foarsizzing"). In tsjoender dy't oan nekromânsje docht, is innekromantikus.

Ynlatinisearre foarm waard nekromânsje yn itferline wolferbastere tanigromantia, dat fanwegen de betsjutting fannigro ("swart") konnotaasjes oprôp meiswarte magy, ek al om't brûkers fan nekromânsje ynmyten enfolksferhalen oer it algemien net folle goeds yn 't sin hawwe. It ierst bekende gebrûk fan it wurdnekromanteia kin weromfûn wurde yn it wurk fan 'etrêde-iuwskekristliketsjerkfaarOrigenes fan Aleksanderje. It begryp giet lykwols folle fierder werom, mei't it ûnder deAldgrykske term νέκυια,nekyia, al neamd wurdt yn 'eOdyssee fanHomearus. Benammen sûnt deRenêssânse wurdt nekromânsje frij algemien yn ferbân brocht mei swarte magy en it oproppen fandemoanen. Dêrby ferlear it begryp in diel fan syn oarspronklike betsjutting: in foarm fansjamanisme wêrby't kontakt socht waard mei de geasten fan ferstoarnefoarâlden.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:References, op dizze side.

Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Nekromânsje&oldid=958849"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp