Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Nekke

Ut Wikipedy
Inröntgenfoto fan 'eminsklike nekke.

Denekke is itdorsale diel fan 'ehals. Bysûchdieren bestiet de nekke útbehierrehûd,spieren en it boppeste diel fan 'ewringe of rêchbonke (Nederlânsk:ruggengraat), dy't op syn beurt wer bestiet út ferskate ôfsûnderlikewringen of draaibonken (wervels). Hast alle sûchdieren hawwe 7 fan sokke bonkjes yn 'e nekke, behalven deloaierts, dy't der 6 oant 9 hawwe kinne. Hoewol't de hals fan insjiraffe folle langer is as dy fan in minske, hat ek dy mar sânnekwringen, al binne dy folle grutter en langer. Ekwalfiskeftigen hawwe sân nekwringen, mar by harren binne dy troch harevolúsjonêre ûntwikkeling krekt sterk ôfplatte en faak min ofte mear mei-inoar fergroeid.

By de minske is de nekke ûnder normale omstannichheden wat hol (hat in lichtelordoaze), om te kompinsearjen foar de lichte bolheid (kyfoaze) fan 'eboarstwringen (borstwervels). De yndividuële nekwringen wurde fan boppenôf yn medysk jargon C1-7 neamd. De C stiet foarcervix, dêr't iteigenskipswurd foar de nekke, "servikaal", fan ôflaat is. De nekwringe C1 wurdt ek wol deatlaswringe neamd en C2 hjit fanaksiswringe. De oare fiif hawwe gjin selsstannige nammen. De atlaswringe wurdt sa neamd om't er deholle draacht (neiAtlas, dy't yn 'eGrykske mytology de wrâld droech). De atlaswringe stiet op in opsteand stikje fan 'e aksiswringe ("aksis" betsjut "as"), en dêrtroch is men by steat en draai de holle.

By ûngemakken mei in protte enerzjy kin der op it plak dêr't de atlaswringe en de aksiswringe gearkomme in brek ûntstean. Dat is tige gefaarlik, want as itrêchpiid (ruggenmerg), it binnenste fan 'e wringen, op dat punt skansearre rekket, sil men dat foar 't neist net oerlibje. Denervus phrenicus, insenuw dy't nei itmulruft ta rint en itsykheljen beävensearret, rint hjir nammentlik troch it rêchpiid, dat it ôfsnijen fan dy senuw betsjut dat der net mear sykhelje wurde kin. De atlaswringe en de aksiswringe binne de iennichste draaibonken dy't net skaat wurde troch intuskenwringeskiif. Soms kin it m dy skiven op oare plakken heal tusken de draaibonken wei skowe, wat in tige pynlikenekhernia opsmyt, dy't mooglik ek liede kin ta krêftsferlies oan ien kant fan it lichem en in dôf gefoel yn ien fan 'eearms.

De nekwringen wurde stabilisearre troch denekspieren en in ûnbidich grutspierbanne-apparaat, dat teffens grutdiels it gewicht fan 'e holle draacht. By beskate ûnferwachtse hurde bewegings (lykas in oanriding fan efteren) kinne dy spieren en/of spierbannen ferrutsen of ferstûke reitsje, wat inwhiplash ("swypslach") neamd wurdt. Soks is tige dreech om wer te genêzen, en kin faak jierren lêst jaan. Ekpineholle (yn 'e foarm fanspanningspineholle) wurdt faak feroarsake troch in te grutte spanning op 'e nekspieren.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:References, op dizze side.


Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryNeck fanWikimedia Commons.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Nekke&oldid=1044096"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp