Inneakenmodel (ofbleatmodel) is inmodel dat tsjin betellingneaken posearret. De oarspronklike foarm fan it neakenmodel is itkeunstmodel, dat neaken posearret as ûnderdiel fan in kreätyf proses, wêrby't it model tsjinnet as fisuële grûnslach foar inkeunstner (inkeunstskilder ofbyldhouwer), of mooglik foar in hiele keunstklasse, om in keunstwurk op te basearjen. Foar de útfining fan 'efotografy kaam dit frij faak foar. Tsjintwurdich is it lykwols folle minder algemien, mei't ien of mear foto's fan in persoan faak better tsjinje as de persoan sels, en om't der tsjintwurdich simpelwei folle minder skilderijen makke wurde. In oare (en hjoed de dei mear algemiene) foarm fan it neakenmodel is itneakenblêdmodel, dat posearret foarneakenblêden, lykas dePlayboy, dePlaygirl of dePenthouse, of, hieltyd faker, foar websiden op itynternet dy't har talizze opneakenfotografy.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:References enFurther reading, op dizze side.
|