Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Neakenens

Ut Wikipedy
Fjouwer neakene jonge minsken.

Neakenens ofneakenheid, ekbleatens ofbleatheid, is it net dragen fanklean trochminsken, benammen oer dielen fan itlichem dy'tgeslachtsskaaimerken werjouwe, lykas deskamstreek en (byfroulju) deboarsten.Homo sapiens, de moderne minske, is de iennichsteprimaat dy't fierhinneûnbehierre is, en de iennichstebistesoarte dy't keunstmjittige foarmen fan lichemsbedekking (d.w.s. klean) brûkt om 'e neakenens te ferbergjen. Oarspronklik is it dragen fan klean fuortkommen út praktyske omtinkens. Nei't de iere minskenAfrika ferlitten hiene en har nei wenjen setten ynkâldere oarden, wie it dragen fan klean simpelwei needsaaklik om har te beskermjen tsjin 'e dêr hearskjendewaarsomstannichheden. Hjoed de dei hat it dragen fan klean en de mjitte fan it dragen fan klean ek sterk te krijen meikulturele omtinkens, lykasetnisiteit,religy, persoanlikeidentiteit en de algemien jildendenoarmen en wearden. Faak spylje ek troch deoerheid opleinewetten in rol.

Betsjutting en gebrûk

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Hoewol't 'neaken' sûnder fierdere omskriuwing oer it algemien opfet wurde sil as 'sûnder lykfol hokker klean', kin mei de term 'neaken', ôfhinklik fan 'e kontekst in ferskaat fan steaten fan neakenens werjûn wurde. As bygelyks sein wurdt: "mei in neaken boppelichem" of "yn syn bleate bast", begrypt de taharker dat de beskreaune persoan wol klean oan it ûnderlichem hat. In term as 'healneaken' is dizeniger, mar it is dúdlik dat de beskreaune persoan yn sa'n gefal net hielendal neaken is. As men oanjaan wol dat ien hielendal gjin klean oan hat, brûkt men omskriuwings as: "yn syn adamskostúm", "yn 'e bleate kont", "sa neaken as er te wrâld kommen wie" of "yn syn nakene niksy". Yn 'efilosofy wurdt sa'n steat fan folsleine neakenens wol omskreaun as "de natuerlike steat". By froulju wurdt, as se it boppeliif (en dêrmei deboarsten) yn it iepenbier ûntbleatsje (mar it ûnderliif net), sein dat setopless binne.

In groep neakene jongenaturisten yn 'eAmerikaanske steatFloarida.

Neakenens en emoasjes

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Skamte en sjêne

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

skamte is inemoasje dy't gauris mei neakenens assosjearre wurdt, krekt sa'tskuldgefoelens assosjearre wurde mei it dwaan fan wat dêr't men fan wit dat it ferkeard is. Skamte is oer it algemien lykwols in langer duorjende emoasje as skuld, en hat dêrtroch net selden in duorjend negatyf effekt op itbyld dat minsken fan harrensels hawwe. Yn 'efilosofy wurdt skamte yn dat ramt faak beskôge as in positive emoasje, dy't yndividuën oanset om tenei bettere beslissings te nimmen. Oan 'e oare kant is skamte lykwols in negative emoasje as it in reäksje is op it net ferfoljen fan ûnreälistyske ferwachtings. De skamte dy't minsken fiele foar harren eigen neakene lichem, is ien fan 'e klassike foarbylden fan dy emoasje, mar ynstee fan dat it in positive motivator is, wurdt it yn sokke gefallen yn 'epsychology beskôge as in gefoel dat netsûn is, en as in behindering om in posityf selsbyld te ûntwikkeljen. It gefoel dat men hat as oaren jin ûnbedoeld neaken sjogge, is gjin skamte, marsjêne, en dat is in emoasje dy't, krekt as skuldgefoelens, oer it algemien fluch oerbetteret.

Jongesswimme neaken ynYndia.
Twafroulju fan 'eYndiaanskeSo'é-stamme ynBrazylje, sa't se aldendeisk omrinne.

Assosjaasjes fan neakenens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Positive assosjaasjes fan neakens binne:wierheid ("de neakene wierheid"),frijheid,earlikheid, iepenheid,ûnskuld,natuerlikheid, gelikensens, ienfâld. Negative assosjaasjes kinne wêze:skamte,eangst,earmoede,sjêne,fernedering enymmoreelhâlden en dragen.

Neakenens en seksualiteit

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

It ferbân tusken neakenens enseksualiteit ofminsklik seksueel hâlden en dragen is yngewikkeld en foar mearderlei útlis fetber. It hat te krijen mei en wurdt beynfloede troch kwestjes asgeslachtsidentiteit,lichemsbyld,seksuële oriïntaasje,seksuële oantrekking enmorele oardielen oangeande wat normaalhâlden en dragen is, en wat ôfwikend of selskrimineel is.Naturisten, dy't persoanlike ensosjale neakenens foarsteane, meitsje ûnderskie tusken seksuële neakenens en net-seksuële neakenens. Utwittenskiplik ûndersyk nei sokke lju hat bliken dien dat naturisten manearen fan hâlden en dragen oannimme, dy't seksuële reäksjes op oare neakene persoanen (lykas stoarjen of, bymanlju, it krijen fan inereksje) ûnderdrukke as it om sosjale neakenens giet.

Op it mêd fan 'epsychology hat neakenens te krijen mei de folgjende ferskynsels:

  • ekshibisjonisme: in oanstriid offantasij of de die om jins eigen neakenens, benammen fan 'egeslachtsdielen of, byfroulju ek fan 'eboarsten of destuten, sjen te litten oan wyldfrjemden dy't men yn 't foar net frege hat oft se dat wol wolle.
  • foyeurisme of mei in ferâldereFryske oantsjutting strúnjeien: in oanstriid of fantasij of de die fan it bespionearjen fan minsken dy't dwaande binne mei yntime foarmen fan hâlden en dragen, lykas útklaaien, waskjen of it hawwen fanseksuële omgong.
  • gymnofoby: in abnormale en oanhâldende eangst foar neakenens.

Foar guon lju binne sokke gefoelens en gedragings sa oerhearskjend dat se normaal seksueel funksjonearjen yn 'e wei steane en kategorisearre wurde moatte asgeastlikeoandwanings.

De ôfbylding fan in neakeneman enfrou op 'eromtesondePioneer 10, as ûnderdiel fan in boadskip oan eventuëleyntelligintebûtenierdske wêzens.

Skiednis

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Prehistoarje

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Dat de moderne minske,Homo sapiens, mar sa'n bytsjehier hat, is inbiologyske ferklearring foar nedich, yn acht nommen dat hier him bysûchdieren ûntwikkele hat om se te beskermjen tsjinultrafiolette strieling ynsinneljocht en ek tsjinferwûnings,swolms en biten en stekken fanynsekten. Yn 'e regel gie men der yn itferline fan út dat derevolúsjonêre foardielen sieten oan it net hawwen fan in hierlaach dy't delichemswaarmte fêsthold, nei't de iereminskeftigen út itbeskadetropysk reinwâld nei de iepensavanne tein wiene. Tagelyk feroare doe ek it dieet fan fierhinnefegetarysk ta foar in oansjenlik part besteande útfleis, en om 'eproaidieren te fangen, moast der gauris in hiel ein draafd wurde, wêrby't it op 'e nij in foardiel wie as men de lichemswaarmte kwytkinne soe.

Dy ferklearring leit lykwols net út wêrom't oarerôfdieren fan 'e savanne, lykasjachtloaihoarsen enliuwen, of selsbavianen, dan noch wol inpels hawwe. De ferklearring foar it minsklik hierferlies dy't tsjintwurdich de measte akseptaasje yn 'e wittenskip hat, is dat it hawwen fan in pels wenromte ferskaft oanparasiten lykasluzen,flieën entiken, wat in grutter probleem wurden wêze soe doe't minsken asjagers yn gruttere groepen begûnen gear te libjen. NeffensNina Jablonski en oare saakkundigen soene ierehominiden, krekt as de modernesjimpansee, in ljochtehûd hân hawwe, oerdutsen mei dûnker hier. Troch it ferlies fan it hier evoluëarre der lykwols al gau in dûnkerder (negroïde)hûdskleur, mei in hegere mjitte fan itpigmintmelanine, dat beskermet tsjinultrafiolette strieling.

In oar gefolch fan it ferlies fan 'e pels wie dat it foar minsken mooglik waard om oerstallige lichemswaarmte ôf te stjitten troch teswitten. Dat wie in wichtige faktor by it mooglik meitsjen fan 'e evolúsje fan gruttereharsens, dy't op har beurt soargen foar in gruttereyntelliginsje. It ferlies fan hier makke ek de ûntwikkeling fan beskate non-ferbalekommunikaasjefoarmen mooglik, lykasgesichtsútdrukkings en itit krijen fan in kaam. Doe't de minske útAfrika wei teach en him fêstige ynAazje enJeropa, wie der net mear sa'n hege konsintraasje fan melanine yn 'e hûd nedich om't de krêft fan 'e sinne yn dy gebieten folle minder wie. Troch ferskate foarmen fan depigmintaasje dy't de synteze fanfitamine D troch ultrafiolet ljocht mooglik makke, ûntstiene doe deblanke enmongoloïde hûdskleuren.

Dielnimmers oan 'eWorld Naked Bike Ride ynLonden (2012).

Yn harrenkâldere nije wengebieten koene minsken net mear folslein neaken omrinne, en om har te beskermjen tsjin 'eeleminten, waard doe it dragen fanklean útfûn. Saakkundigen rûze dat de moderne minske tusken 350.000 en 260.000jier lyn ûntstie, en ingenetysk]e analyze fan 'ekleanlús hat útwiisd dat dy him tusken 170.000 en 83.000 jier lyn ôfspjalten hat fan 'ehollelús. Dat wiist derop dat de minske yn dy perioade úteinset wêze moat mei it dragen fan klean. It is trouwens skoan mooglik dat wat no 'klean' neamd wurdt, stadichoan fuortkommen is út oare foarmen fan lichemsfersiering, lykas it oanbringen fantatoeaazjes enpiercings en it dragen fansieraden, wêrmei't it neakene lichem 'oanklaaid' waard sûnder it te bedekken.

Klassike Aldheid

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn itAlde Egypte wiene klean eins in bykomstichheid, mei't se as beskerming tsjin 'ekjeld ornaris net nedich wiene.Manlju fan kwizekwânsje droegenrokken dy'tschenti hieten. Dy wiene ûntwikkele útmuldoeken en hiene wol wat wei fan 'e hjoeddeistigeSkotskekilt.Froulju útbegoedige fermiddens en fan 'ehegerein droegen ankellangeskiefoarmige omwikkelings dy'tkalasiri's hieten en opholden waarden troch bannen oer deskouders. Sljochtwei lju enslaven droegen muldoeken, enbern wiene neaken. Neakenens waardt beskôge as de natuerlike steat fan 'e minsken, en it wie it dragen fan klean dat dêr in ôfwiking fan wie.

Yn itAlde Grikelân waard neakenens krektlyk beskôge as de natuerlike steat. It waard boppedat sjoen as wat posityfs; benammen manlike neakenens waard troch de âldeGriken fierd sa't dat yn gjinkultuer foartiid of neitiid dien is. Sjêne om jins eigen neakenens, benammen as it gie om 'e needsaak om jin út te klaaien sadat jin meidwaan koene oansport, waard beskôge as in wis teken dat men mei inbarbaar fan dwaan hie.

In neakengesin op itneakenstrân oan 'eSenftenberger Mar yn 'eDDR, yn1983.

Yn 'eRomeinske Republyk en letter itRomeinske Ryk hold men der in oare hâlding foar neakenens op nei. YnRome wie it manlik ideaal nammentlik net it neakene lichem, mar it dragen fan 'etoga, dat jin ûnderskate as infolwoeksen Romeinskboarger. DedichterEnnius239-160 f.Kr.) fette de Romeinske opfetting foar neakenens oer gear mei syn bekende wurden "Flagiti pricipium est nudare inter civis corpora," wat frij fertaald bestjut "it ûntbleatsjen fan jins lichem yn it iepenbier is it begjin fan ferfal ta skande."Sisero, dy't as gjin oar denoarmen en wearden fan it âlde Rome belicheme, stimde yn dy wurden mei.

Sina

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn itAlde Sina waard neakenens al ynferhalen út 'efjirde iuw f.Kr. as in mislediging fan 'e minsklike weardichheid foarsteld. Dy opfetting kaam fuort út itSineeske idee dat 'minske-wêzen' en dêrmei lidmaatskip fan inmaatskippij, gjin ynherintminskerjocht is, mar fertsjinne wurde moat troch korrekthâlden en dragen. Oan 'e oare kant koe de eigen neakenens yn Sina ek brûkt wurde omminachting út te drukken foar oare oanwêzigen, yn 'e sin dat sokke persoanen it net wurdich wiene om jin fatsoenlik foar oan te klaaien. Fierders bestiene der ek ferhalen wêryn't de neakenens fan froulju, fuortkommend út 'e krêft fan ityin, deagresje fan manlju, fuortkommend út ityang, opheffe koe.

Fjouwer jongeMasai-manlju útEast-Afrika1900).

Japan

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

YnJapan kamen iepenbierebadhuzen, dêr't beideseksen trochinoar neakenbaaiden, oant yn 'enjoggentjinde iuw rûnom foar. Pas doe't it lân ûnderkulturele ynfloed fan 'eWesterske wrâld kaam, in ûntwikkeling dy't úteinsette mei deMeiji-restauraasje fan1868, en dy't him pas wier fielber makke ûnder deAmerikaanskebesetting fan Japan oan 'e ein fan 'eTwadde Wrâldoarloch, rekke dy praktyk yn it neigean. Tsjintwurdich komt mingd baaien inkeld noch foar yn in stadichoan belúnjend talwaarmwetterboarnen bûten destedske sintra. In oare foarm fan iepenbiere neakenens yn Japan wie dy fan froulikefrijdûkers (ama), dy't 2.000 jier langseewier enskaaldieren sammelen wylst se allinnich mar klaaid wiene yn in muldoek. Ekboerinnen wienesimmerdeis gaurismei ûntbleate boppeliif op it lân oan it wurk. Soks wie neat skokkends oan, en pas yn 'e1960-er jierren kaam oan sokke praktiken in ein ûnder ynfloed fan in út 'e Feriene Steaten oernommen nijekekenens.

Tropyske kultueren

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn gebieten yn waarmeklimaten, lykasAfrika en itAmazônegebiet fanSúd-Amearika, wie folsleine of hast folsleine neakenens fan beideseksen yn in prottetradisjonele lânseigenkultueren fan oarsprong hiel gewoan. Dat begûn pas te feroarjen yn 'ekoloniale perioade, doe't sokke gebrûken ta it Westerskestereotype fan 'e 'neakene wylde' laten. Fralkristlikesindelingen diene in protte war om 'e lânseigen befolking 'fatsoenlik' oanklaaid te krijen. Nettsjinsteande dat is it ek hjoed de dei yn guon isolearre kultueren yn bgl.Brazylje enAngoala noch wenst om fierhinne neaken te wêzen.

Adam en Eva plôkje infrucht út 'eBeam fan Kennis fan Goed en Kwea op inskilderij fanTytsiaan.

Westerske kultuer

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn 'eWesterske kultuer waard de betsjutting fan it neakene minsklike lichem basearre op 'emyte fanAdam en Eva dy't dield waard troch deabrahamityske religyen (joadendom,kristendom,islaam en beskate lytseregodstsjinsten).Adam enEva wiene neffens dat ferhaal deearste man en frou, dy't ûnbeskamme neaken omrûnen yn itHôf fan Eden, om't se har net bewust wiene fan harren eigen neakenens. Doe't se lykwols deferbeane frucht ieten fan 'eBeam fan Kennis fan Goed en Kwea, waarden se har der ynienen bewust fan en bedieken se harren neakenens (d.w.s. harrenskamstreek) mei infigeblêd.

Nettsjinsteande dat wie neakenens yn 'ekristlikeMidsiuwen ynJeropa yn beskate konteksten noch in frij algemien akseptearre ferskynsel; sa waarden minsken neakendoopt, ek as se asfolwoeksenenbekeard waarden ta it kristendom (of ta in oare foarm fan it kristendom). Neakenens wie yn dat gefal bedoeld om tesymbolisearjen dat se befrijd fansûnde út it doopwetter omheech kamen. Fierders bestiene der oant desechstjinde iuw, doe't sokke gelegenheden foar it meastepart sletten waarden út eangst foar de fersprieding fansykten, yn Jeropa ek badhuzen dêr't de lju, skaat neffens sekse, neaken baaiden yn it bywêzen fan frjemden.

De kristlike assosjaasje fan neakenens mei skamte en eangst waard yn 'eRenêssânse ûndergroeven doe't men dekeunst enliteratuer fan itAlde Grikelân werûntdiek. Dêrút spriek nammentlik in altenative tradysje, wêryn't neakenens sjoen waard yn it ljocht fan ûnskuld en reinheid, in idee dat troch kristenen faak ynterpretearre waard as de oarspronklike foarm fan neakenens fan foar deerfsûnde. Sûnt dy tiid kreupelskonket de Westerske maatskippij op twa tsjinstridige ideeën oangeande neakenens: it iene negatyf en it oare posityf. Ut 'e ynteraksje tusken dy beide tradysjes is de moderne, healslachtige hâlding foar neakenens fuortkommen.

In groepnaturisten op inneakenstrân op 'eKrim (2008).

DeFiktoriaanske Tiid wurdt ornaris, benammen yn itFeriene Keninkryk, mar ek yn oare dielen fan Jeropa, beskôge as in snuorje dat der gjin inkele duldsumens foar neakenens oer bestie. Mar eins wurken demynwurkers yn 'e Britskekoaleminen de hielenjoggentjinde iuw troch ornaris neaken. Redens dêrfoar wiene de hjitte ûnder de grûn en de nauwe tunnels dêr't klean oan ien stik wei oan útstekkendestiennen yn 'e wanden heakjen bleaune. Foarmanlju enjonges wie it wenst om hielendal neaken te wurkjen, wylstfroulju enfamkes yn 'e regel allinnichit boppeliif ûntklaaiden. Yn guon minen wiene froulju en famkes lykwols ek hielendal neaken. Ut tsjûgeferslaggen foar inparlemintêre arbeidskommisje docht bliken dat troch neaken te wurkjen yn benaude romten "seksuële misdragings" geregeldwei foarkamen.

Yn 'eFeriene Steaten waard de hâlding foar neakenens enseksualiteit oer fierhinne foarme trochpuriteinskereligieuzeflechtlingen út itKeninkryk Ingelân, dy't dêr ien fan 'e ierste en ynfloedrykste groepenkolonisten wiene. De puriteinen wiene noch follekekener as de measte Jeropeeske kristenen. Nettsjinsteande dat wie it yn 'e Feriene Steaten oant yn 'e1960-er jierren folslein normaal dat manlju en jonges neaken swommen salang't der gjin froulju of famkes by wiene. Dat gou net inkeld foaroerflaktewetters lykasrivieren enmarren, mar ek foar iepenbiereswimbadden. Pas doe't it normaal waard dat manlju en froulju tagelyk fan sa'n swimbad gebrûk makken, waard it foar manlju ferplichte om inswimbroek te dragen.

Frouljutopless oan itsinnebaaien op itstrân.

Hjoeddeistige sitewaasje

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Westerske wrâld

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Neakenens yn 'e priveekontekst

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De measte minsken rinne wolris neaken troch harren hûs as der nimmen oars of inkeld departner thús is, bygelyks om't se har al útklaaid hawwe om ûnder dedûs te gean, mar noch wat fergetten binne. Guon lju dogge soks lykwols net om't it tafallich sa útkomt, mar om't se it noflik fine. Neffens in ûndersyk út1999 fan 'eFederaasje fan Kanadeeske Naturisten (FCN) hie 39% fan 'e ynwenners fanKanada wolris neaken yn 'e eigen wente omrûn. Neffens inAmerikaanskeopinypeiling út2004sliepte 31% fan 'emanlju en 14% fan 'efrouljunachts neaken. In soartgelikens ûndersyk troch deBBC wiisde yn1996 út dat yn itFeriene Keninkryk 47% fan 'e manlju en 17% fan 'e froulju neaken sliepte.

Neakenens yn it iepenbier

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Hjoed de dei binne denoarmen en wearden oangeande neakenens yn it iepenbier yn 'eWesterske wrâld folle frijer as yn bygelyks deFiktoriaanske Tiid. YnJeropa wiene de noarmen en wearden op dat mêd it frijst fan 'eSeksuële Revolúsje fan 'e1960-er jierren oant likernôch de ein fan 'e1980-er jierren. Sûnt de1990-er jierren is de maatskippij werkekener wurden, in ûntwikkeling dy't sterk ûnder ynfloed fan 'eAmerikaanske kultuer stiet. Sa wie it yn 'e1980-er jierren ynNederlân foar froulju folslein normaal om op itstrântopless tesinnebaaien. Yn 'e1990-er jierren begûn dat ferskynsel dúdlik werom te rinnen, om nei2000 hielendal yn it neigean te reitsjen. Nettsjinsteande dat binne der yn Jeropa plakken eneveneminten dêr't neakenens yn it iepenbier sels oanfitere wurdt.

Neakene lju op 'e dyk.
Yn 'eFeriene Steaten wurde degeslachtsskaaimerken op ôfbyldings fan neakene minsken wazich makke om oan 'e easken fan 'esensuer fan 'eFCC te foldwaan.

Yn 'eFeriene Steaten binne de algemien jildende noarmen en wearden oangeande neakenens yn it iepenbier folle stranger as yn oare dielen fan 'e Westerske wrâld. Sa hattoplesssinnebaaien foar froulju der nea gewoan west, krektoarsom it is der sels bywet ferbean, útsein op (net folle foarkommende)nudistestrannen. Yn 'e Amerikaanskemedia wurde opfoto's offilmbylden fan neakene minsken degeslachtsdielen,boarsten enstuten ornaris dizenich makke (pixelated) om oan 'e strange betingsten fan 'e troch deoerheid opleinesensuer te foldwaan, dy't regele is troch deFederal Communications Commission (FCC). Dielen fan itlichem dy't dêrby net te sjen wêze meie, binne:penis entestikels (by manlju),fagina enboarsten (by froulju),anus,stuten enskamhier. Foar de boarsten jildt, dat despiennen yn elts gefal net te sjen wêze meie, wylst oare dielen (djipdekolletee,underboob,sideboob) talitten wurde kinne, ôfhinklik fan it gefal. Foar de stuten jildt dat denaad bedutsen wêze moat.

Wylst de autoriteiten yn Jeropeeske lannen, lykasNederlân enDútslân, oer it algemien frij tolerant foar neakenens yn it iepenbier oersteane, wurdt soks yn oare lannen, lykas deFeriene Steaten, daliks en hurdhannich oanpakt. Sels op plakken yn 'e Feriene Steaten dêr't de autoriteiten soks foarhinne troch de fingers seagen, wurdt tsjintwurdich strang hanthavene. Sa begûnenparkwachters op itSteatsstrân San Onofre yn2010 ynienenboetes út te skriuwen foar neaken entopless sinnebaaien. Ek besleat degemeenteried fanSan Francisco, yn 'eAmerikaanske steatKalifornje, yn2012 dat der yn 'ebinnenstêd tenei gjin inkeld fertoan fan neakenens mear tastien wurde soe. Dat beslút late ta fûleindigeprotesten, om't krekt San Francisco fan âlds bekend stiet om synprogressive kultuer. Yn Jeropa wurdtboarstfieding yn it iepenbier oer it algemien sjoen as wat natuerliks, dêr't neat mis mei is. Yn 'e Feriene Steaten is it yn guon dielen fan it lân by wet ferbean, yn oare dielen net regulearre en yn wer oare dielen fêstlein as in wetlik rjocht.

It ferskil yn omgean mei neakenens tusken Jeropa en de Feriene Steaten komt fierhinne fuort út in folslein ferskillende opfetting oer neakenens enprivacy. Op itfêstelân fan Jeropa wurdt privacy sjoen yn it ljocht fan beskerming fan it rjocht oprespekt en persoanlike weardichheid. Yn 'e Feriene Steaten is privacy ferbûn meifrijheid, yn 't bysûnder yn jins eigen hûs. Wylst it foar Jeropeänen de normaalste saak fan 'e wrâld is dat se harren weardichheid behâlde ek al binne se neaken op plakken dêr't oaren harren sjen kinne, beskôgje Amerikanen neakenens yn it iepenbier as it weijaan fan "eltse reedlikeferwachting fan privacy" (sa't it yn 'e Amerikaanske wet neamd wurdt). Sokke kulturele ferskillen soargje derfoar dat Jeropeänen en Amerikanen inoar net begripe as it oer neakenens yn it iepenbier giet.

Neakenemanlju yn 'esauna.

Nudisme en naturisme

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Der bestiet yn 'e Westerske wrâld in lytse maatskiplikesubkultuer fan minsken dy't it normaal fine om 'e hiele dei neaken om te rinnen. De oanhingers fan dy wize fan libjen neame harrenselsnudisten ofnaturisten. Nudisten lûke har werom mei lykstimden yn saneamdenudistekampen en opneakenstrannen, dêr't se ôfskaat fan 'e bûtenwrâld dwaan en litte kinne wat se wolle. Naturisten krewearje ynstee foar in algemiene maatskiplike akseptaasje fan aldendeiske neakenens yn 'eiepenbiere romte.

Neakenens yn semy-iepenbiere gelegenheiden

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn 'e Westerske kultuer is it yn guon gefallen tastien om neaken te wêzen yn it iepenbier, yn beskate romten dy't ferbân hâlde mei omklaaien en baaien. Sokke aktiviteiten folgje algemien jildennoarmen en wearden, dy't lykwols fan lân ta lân ferskille kinne. Faak binne sokke gelegenheden yn twaen skaat op basis fansekse, lykas deklaaikeamers yn insporthal, inswimbad of by ingymnastykseal yn inskoalgebou. Foarklaaihokjes ynkleanwinkels en by itstrân is dat dan wer net it gefal, mar dêr kin eltse persoan him- of harsels ôfsûnderje yn in eigen lytse romte. Desauna is in oare gelegenheid dêr't iepenbiere neakenens hiel gewoan is. Yn it lân dêr't dat ferskynsel weikomt,Finlân, en ek ynSkandinaavje, deDútsktalige lannen enNederlân, is it normaal om hielendal neaken yn 'e sauna te gean, eventueel mei inhandoekje om oer krúsjale lichemdielen hinne te drapearjen.

It is ek normaal datsporters nei it spyljen fan inwedstryd mei-inoar neaken dûse yn 'edûs dy't by de klaaikeamer heart; soks wurdt ek wol nei degymnastykles op 'emiddelbere skoalle dien. Ek by sok mienskiplik dûsen wurde de manlju en froulju of jonges en famkes lykwols faninoar skaat. Yn 'e Feriene Steaten waard sok mienskiplik dûsen yn 'e1990-er jierren as "ûnnoflik" ûnderfûn troch bern dy't thús mear privacy wend wiene. Yn 'eienentweintichste iuw waarden ynNew York-Stêd guonsportskoallen foarsjoen fandûshokjes ynstee fan iepen dûsen, sadat nimmen de dûser noch folslein neaken te sjen krige.

Har Keninklike HeechheidprinsesseSikhanyiso Dlamini fanSwazylân (midden) docht yntradisjoneledracht (d.w.s.topless) mei oan 'eReiddûns (2006). Sy en de oare prinsessen drage inkroan fanreadefearren om harrenkeninklike status oan te jaan.

Neakenens en bern

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Wylst yn 'e Feriene Steaten oer it algemien it idee hearsket datâlderlike neakenens foar de eagen fan 'ebern sokke bernpsychologyske skea tabringe kin, hawwe ferskatewittenskiplike ûndersiken útwiisd dat dat net sa is. Krektoarsom, der liket in licht posityf effekt te bestean as neakenens binnen inhúshâlding as wat normaals en natuerliks behannele wurdt. De Amerikaanske psychologe Lea Lis rette yn2019 oan om fral foar jonge bern oer net skruten te wêzen om jin as âldelju neaken sjen te litten, bygelyks by it dûsen of baaien, mar de sjêne te respektearjen fan bern dy't yn 'epuberteit komme en har bewust wurde fan harren eigen lichem.

Net-Westerske kultueren

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

YnYndia dragepreesters fan 'edigambara of "luchtklaaiden", in streaming binnen itjaïnisme, hielendal gjinklean om harren ôfwizing fan 'emateriële wrâld te symbolisearjen. Itselde is it gefal mei guonhindoeïstyskesadhu's of "hilligen".

YnAfrika besuden deSahara is folsleine neakenens, neakenens ûnder demul of ittopless gean fan froulju denoarm by beskateetnyske groepen, wêrûnderNilo-Saharaanskefolken lykas deNûba-folken fanSûdaan en deSoerma fanSúd-Sûdaan enEtioopje. Itselde jildt foar deNiger-KongoleeskeHimba fanAngoala enNamybje. By de Nûba-folken meitsje jongemannen dy't meidogge oan 'e (neaken bedreaune)stôkfjochterstoernoaien bygelyks fan 'e gelegenheid gebrûk om harren lichem sjen te litten oan 'e jonge froulju, mei as doel om inbreid te winnen. By deReiddûns fan 'eSûlû en deSwazy, dy't útfierd wurdt troch de net-troudefamkes, drage de dielnimsters detradisjoneledracht fan harren folk, wat betsjut dat setopless binne.

YnBrazylje is it by ferskateYndiaanskefolken út itAmazônegebiet noch altyd wenst om neaken of healneaken te libjen. By oare folken is it wol wenst om yn it deistich bestean Westerske klean te dragen, mar docht men dy út om mei te dwaan oan tradisjoneleseremoanjes. Ek guon folken ynYndia, op 'eFilipinen en ynPapoea Nij-Guineä drage frijwol gjin klean. Itselde gou foarhinne foar deAustralyske Aboriginals, dy't no lykwols sa ferwesterske binne dat deistige neakenens by harren frijwol net mear foarkomt.

Skilderij fan intoplessTahitiaanskevahine trochPaul Gauguin.

Ofbyldings fan neakenens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Beoardieling

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn Westerske kultuer kinne ôfbyldings fan neakenens ferdield wurde oer de kategoryen:ynformaasje,keunst,neakenfotografy enpornografy. In foar mearderlei útlis fetbere ôfbylding kin yn dit ramt foar swierrichheden soargje. Dêrnjonken kin ek misynterpretaasje ta ûnienichheid liede. Bykommend probleem is it út 'e Feriene Steaten kommende idee dat neakenfotografy en pornografy itselde binne. Dat is net sa. Neakenfotografy lit minsken neaken sjen. It kin dêrby om keunst gean, mar ornaris wurdt de term brûkt foar seksueel tinte ôfbyldings fanneakenmodellen, dy't publisearre wurde ynneakenblêden, lykas dePlayboy en dePenthouse. Foar pornografy is lykwols net allinne neakenens nedich, mar ek inseksuële hanneling, lykasmasturbaasje ofseksuële omgong mei in oare persoan.

YnWest-Jeropa is sûnt de opheffing fan it ferbod oppornografy, tusken de ein fan 'e1960-er jierren en de midden fan 'e1980-er jierren, frijwol gjin inkele ôfbylding fan neakenens mear ferbean, útseinbernepornografy. Dêrby moat oantekene wurde dat beskate ôfbyldings wol op beskate plakken ferbean wêze kinne, lykas pornografy op inreklameboerd by inbushalte, om mar wat te neamen.

Yn 'e Feriene Steaten, dêr't noch altyd in aktive, troch de oerheid opleinesensuer bestiet wat ôfbyldings fan neakenens oanbelanget, hingje beheinings oan sokke ôfbyldings ôf fan wetlike omskriuwings fanûnfatsoenlikens enobseniteit. Hoewol't obseniteit definiëarre wurdt as "de portrettearring fangeweld ofseksualiteit op in wize dy't oanstjitjaand is foar denoarmen en wearden fan 'e mienskip," bliuwt dat ûndúdlik om't ferskillende mienskippen der ferskillende noarmen en wearden op nei hâlde kinne. Oars sein: wat yn ien mienskip, bgl. yn itAmerikaanske Suden, ûnbesteanber is, kin yn in oaren, bgl.San Francisco, algemien akseptearre wêze. Dêroer die itAmerikaanske Heechgerjochtshôf yn1973 inútspraak yn 'erjochtsaakMiller v. California, wêryn't in test fan trije stappen betocht waard, de saneamdeMillertest, om te bepalen wat obseen (en dêrom ferbean) en wateroatysk (en dêrom tastien) is ûnder itEarste Amendemint oan de Amerikaanske Grûnwet.

DeFenus fan Willensdorf, dy't in neakene foluptueuzefrou ôfbyldet, makke tusken 24.000 en 22.000 f.Kr.

Ofbyldings fan neakene bern

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Sûnt likernôch2010 sitte by útstekôfbyldings fan neakene bern yn it ferdomhoekje. Dêrby giet it net ombernepornografy, dat ferbean is en wêrfan't eltse woltinkende minske ek fynt dat it ferbean wêze moat. Ynstee giet it om ûnskuldige ôfbyldings dêr't neakene bern op steane, bygelyks yn itbad, ûnder de dûs, op itstrân of wylst se oan itboartsjen binne. Sokke ôfbyldings binnehistoarysk makke yn in ferskaat oankultueren en tiidrekken. Yn 'eFiktoriaanske Tiid, bygelyks, doe't der yn itFeriene Keninkryk oer it algemien hiel strange noarmen en wearden gouwen oangeande neakenens fanfolwoeksenen, hie it meitsjen fan ôfbyldings fan neakene bern just folsleine maatskiplike akseptaasje, om't it besjoen waard as it ôfbyldzjen fanûnskuld, dat neat meiseksualiteit te krijen hie. Yn 'eienentweintichste iuw wurde ôfbyldings fan neakene bern lykwols mear en mear beskôge as wat dat net doocht, in ûntwikkeling dy't op 'e nij syn oarsprong fynt yn 'e Feriene Steaten. Dêr waarden yn 'e2010-er jierrenfoto's op 'esosjale media fan neakenepoppen ofpjutten, dy't nota bene makke wiene troch harren eigenâldelju, weiset as bernepornografy.

Neakenens yn 'e keunst

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

It neakene stal fan 'e minske hathistoarysk al fan itPaleolitikum ôf ûnderwerp fan 'ekeunst west. Benammen sûnt deGrykske Aldheid is it neaken ôfbyldzjen fan 'e minske, earst benammen yn 'e foarm fanbyldhouwurken, letter fral yn 'e foarm fanskilderijen, ien fan 'e wichtichste keunstûnderwerpen yn 'eWesterske kultuer. In tige ynfloedrykboek oer neakenens yn 'e Westerske keunst isThe Nude: A Study in Ideal Form, skreaun troch deBritskeealmanKenneth Clark, dat foar it earst publisearre waard yn1956. Yn 'eynlieding fan dat wurk wurdt in neitiid faak oanhelle ûnderskie makke tusken it neakene lichem yn syn algemienens en it neakene lichem as ûnderwerp fan keunst. Neffens Clark is neaken wêzen it missen fan klean, wat sjêne en skamte ymplisearret, wylst oan neakenens yn 'e keunst net sokke konnotaasjes klibje.

David, fanMichelangelo, ien fan 'e bekendste ôfbyldings fan neakenens út 'eWesterskekeunst.

Dy skieding tusken de artistike foarm fan neakenens en de dêrmei besibbe, mar der los fan steande,maatskiplike enkulturele kwestjes oangeande neakenens wie doe't Clark syn boek skreau noch fierhinne ûnûndersocht trochkeunsthistoarisy. It ûntjoech him yn 'e1970-er jierren lykwols ta in fokuspunt fan sosjale enfeministyskekeunstkritiken, mei't klassike ôfbyldings fan froulike neakenens yn 'e keunst sjoen waarden as symboalysk foar de objektifisearring fan it froulik lichem troch manlju. De diskusje dêroer wurdt oant de dei fan hjoed fuortset, en krige fan2018 ôf in nije ympuls troch de#MeToo-beweging.Lucien Freud wie ien fan mar in lyts groepke foaroansteandekeunstskilders dy't trochgiene mei it skilderjen fan neakenwurken doe't dat yn 'e1970-er jierren út 'e moade rekke. Tsjin 'e ein fan syn libben wiene syn wurken lykwolsikoanen fan itpostmodernisme wurden. Dêrby spile mei dat Freud gauris it froulik lichem werjoech yn in fier fanidealisearre foarm, bygelyks trochobesemodellen te brûken.

Neakenens yn films

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn it mediumfilm wurdt neakenens oer it algemien net sasear werjûn as in normaal ûnderdiel fan it aldendeiske libben, mar ynstee benammen brûkt om 'e belangstelling fan itmainstream-publyk foarseksualiteit te eksploitearjen. Films meisênes dêr't neakenens (fral fan froulju) yn foarkaam, waarden al yn 'e1910-er jierren makke. Yn itPre-Code-tiidrek fanHollywood (1929-1934) wiene sokke films oer it algemieneroatysk, hoewol't se almeast yn 'e foarm getten waarden fanetnografyskedokumintêres oer 'primitive'folken, sadat der in ferlechje wie om 'e neakene of healneakene lânseigen froulju geduerich yn byld te bringen.

Nei't der yn 'e rin fan1934 in strang tafersjoch kaam op it neilibjen fan 'eMotion Picture Production Code, in foarm fansensuer dy't net inkeld it werjaan fan neakenens, mar ek fan seks beheinde, koene sokke films net mear makke wurde. Pas nei1960 laten sosjale feroarings yn 'eFeriene Steaten ta it ûntstean fan it hjoeddeistigefilmbeoardielingssysteem fan 'eMotion Picture Association of America (MPAA). Hoewol't dat films yn teory net inkeld beoardielet op neakenens en werjeften fan seksualiteit, mar ek op bgl. it foarkommen fangeweld, wurde films mei frijwat geweld deryn faak goedkard om besjoen te wurden trochbern, wylst sels it koartste glimpke fan neakenens betsjut dat de oangeande film beoardiele wurdt as "PG-13" (ûngaadlik foar bern ûnder de trettjin jier), en neakenens fan manlju betsjut dat de film daliks bestimpele wurdt as 'inkeld geskikt foarmearderjierrigen'.

Audrey Munson spilet in neakenkeunstmodel yn 'efilmInspiration út1915.

YnJeropa wurdt oer it algemien folle fleksibeler (en sûner, soene in protte minsken sizze) omgien mei neakenens yn films. Guon films dy't yn 'e Feriene Steaten inkeld te sjen wêze soene foar folwoeksenen omreden fan 'e neakenens dy't deryn sit, lykasFlodder ofAlleen Maar Nette Mensen, binne yn Nederlân goedkard foar alle leeftiden of foar boppe de tolve jier. It ûntbrekken fan in strange filmsensuer op it mêd fan neakenens hat derfoar soarge dat yn Jeropeeske films folle mear saneamde 'funksjonele neakenens' sit as yn Amerikaanske films. Mei funksjonele neakenens wurdt ferwiisd nei neakenens dy't logysk is foar it ferhaal, en dêrom in funksje hat. As in man en in frouseksuële omgong hân hawwe, en se komme fanbêd ôf, is it logysk dat se neaken binne. Jeropeeske films litte dat dan faak ek sjen. Yn Amerikaanske films, oan 'e oare kant, wurde sokke stikjes faak oerslein of fine se bûten byld plak of hawwe de minners om ûnferklearbere redens itûnderguod noch oan.

Neakenens op 'e tillefyzje

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn 'eFeriene Steaten bestiet eksensuer op it mêd fan 'e neakenens dy't op 'etillefyzje te sjen is. Dat is benammen it gefal foarprogramma's dy'tútstjoerd wurde troch deeter en dêrom foar eltsenien te ûntfangen binne. Beheinings oangeandefatsoen enobseniteit meitsje foar sokke programma's yn 'e praktyk elts glimpke fan neakenens ûnmooglik. Dewetlik fêstleine test hjit yn dit gefal "I know it when I see it" ("Ik wit it as ik it sjoch"). Twifelgefallen wurde sadwaande beoardiele op grûn fan klachten troch sjoggers. Foarkeabeltillefyzje, dêr't men aktyf foar betelje moat en dat dus net foar eltsenien passyf te ûntfangen is, jilde justjes oare regels, mei ynhâld dy't net fatsoenlik hoecht te wêzen, en dêr't ynflokt wurde mei. Likegoed mei der noch hieltyd gjin obseniteit (d.w.s. geduerige neakenens) te sjen wêze.

Lju op in seldsumneakenstrân yn 'eFeriene Steaten.

Krekt as yn it gefal fan films binne ek op it mêd fantillefyzje de regels ynJeropeeske lannen folle minder strang. Sa wieNederlân yn1967 it earste lân yn 'e wrâld dêr't in neakene frou (Phil Bloom) op 'e tillefyzje te sjen wie. En yn itFeriene Keninkryk koe yn1979 indokumintêre oernaturisme sûnder swierrichheden op 'e tillefyzje útstjoerd wurde. It Feriene Keninkryk ken wol de saneamde9 o'clock watershed (letterlik: de "wetterskieding fan 9 oere"). Dat betsjut dat neakenens en flokwurden pasjûns nei 21.00 oere op 'e tillefyzje útstjoerd wurde meie, asbern dy't dêr te jong foar fûn wurde, opbêd hearre te lizzen. It neilibjen dêrfan is fierhinne in gefal fan frijwillich hâlden oan algemien jildendenoarmen en wearden. Yn 'e Feriene Steaten bestiet in ferlykber systeem dat desafe harbor-regel hjit, en eltse ôfbylding fan neakenens en alle flokwurden op 'e keabeltillefyzje ferbiedt tusken 6.00 oeremoarns en 22.00 oere jûns.Tillefyzjestjoerders dy't har dêr net oan hâlde, wurde strang bestraft troch deFederal Communications Commission (FCC), mei swiereboetes en yn it slimste gefal ynlûking fan 'e útstjoerfergunning. Yn Nederlân en de measte oare lannen op itfêstelân fan Jeropa komt sa'n systeem hielendal net foar.

Fideoklips dêr't neakenens yn foarkomt (iroanysk genôch oer it algemien fan Amerikaanskemuzikanten), wurde yn Jeropa ienfâldichwei op 'e tillefyzje útstjoerd. Yn guon lannen, lykas it Feriene Keninkryk, mei dat pas nei njoggen oere jûns, mar yn Nederlân wurde se gewoan oerdeis útstjoerd, sadat se foar eltsenien (ynkl. bern) te sjen binne. Yn 'e Feriene Steaten moatte sokke klips oanpast of op in oare wize sensurearre wurde foar't se op 'e tillefyzje meie.

Neakenens yn 'e poadiumkeunsten

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Neakenens kin ek in ûnderdiel foarmje fan live-optredens yn it ramt fan 'epoadiumkeunsten, lykasperformance art. Sa stiet deSwitserskekeunstneresseMilo Moiré bekend om har neakene optredens wêrby't se har eigen lichem as medium foar har keunst brûkt. Oare poadiumkeunsten wêrby't neakenens (soms) in rol spilet, binnedûns,teäter enbodypainting. Foar bodypainting is by definysje ferlet fan neakenens, hoewol't de bedekking mei ferve de neakenens ûnopfallend en dreech waar te nimmen makket.

DeSwitserskekeunstneresseMilo Moiré.

Ien fan 'e ierste foarmen fan neakenens yn it teäter waard foarme troch de saneamdetableaux vivants, dy't oan it begjin fan 'etweintichste iuw yn itWindmill Theatre ynLonden en ynZiegfeld Follies ynNew York te sjen wiene. Dat wiene neakenemodellen, dy't bewegingsleas op itpoadium stiene, om't deBritske wet fan dy tiid gjin neakeneaktrises yn teäters tastie, mar wol neakene froulju dy't keunstwurken neibearden. Letter stie bygelyks demusicalHair, dy't yn1968 opBroadway iepene, bekend om synsênes mei neakenens.

By dûns komt neakenens net botte faak foar, útsein yn 'e kontekst fan lânseigen dûnsen ynAfrika enSúd-Amearika, lykas de al earder neamdeReiddûns fan 'eSûlû enSwazy fanSúdlik Afrika. Yn 'e Westerske wrâld hat der in ûntwikkeling fan dûnskostúms west nei in foarm dy't mear frijheid fan beweging talit, en dêrtroch, benammen yn it gefal fan froulju, mear dielen fan it lichem bleat lit, hoewol eins nea krúsjale dielen lykasboarsten,stuten enskamstreek. Folsleine neakenens wurdt troch guongoreografen beskôge as de kulminaasje fan dy ûntwikkeling, en as ien fan 'e mooglik 'kostúms' wêryn't in dûns útfierd wurde kin.

Under dûns falt ek destriptease enpealdûns dy't ynstripklubs en besletten gearkomsten útfierd wurde trochstrippers. Dat kinne sawol froulju as manlju wêze. Striptease hat in langeskiednis dy't al yn 'enjoggentjinde iuw begûn ynFrânskedûnshuzen ynParys, wêrûnder de ferneamdeMoulin Rouge, dêr't it publyk foarstellings bywenne dy't jûn waarden troch krap klaaide dûnseressen. Guon iere stripteasedûnseressen waarden ferneamd, lykasMata Hari,berne ynLjouwert as Margaretha Zelle, dy't ûnder deEarste Wrâldoarlocheksekutearre waard asspionne, en deAfro-AmerikaanskeJosephine Baker, dy't ûnder deTwadde Wrâldoarloch by itFrânske ferset belutsen wie. Resinter besteane der yn it ramt fan neaken dûnsjen ek semy-iepenbiereeveneminten yn 'eiepen loft, lykasNudes-A-Poppin' ynRoselawn (Indiana).

Aktivistes fan 'efeministyske, fan oarsprongOekraynske protestgroepFEMEN protestearjetopless om 'efroulikeseksualiteit op te easkjen.

Neakenens as foarm fan protest

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Soms wurdt neakenens brûkt as foarmprotest. It hat yn dy kontekt it bykommende foardiel dat it oandacht lûkt foar it ûnderwerp dêr't tsjin protestearre wurdt. In foarbyld fan sokke neakenens wurdt foarme troch deaktivistes foarfrouljusrjochten fan 'eOekraynske protestgroepFEMEN, dy't bydemonstraasjestopless binne. Sy beskôgje dat as infeministysksymboal om 'e eigenseksualiteit en itselsbeskikkingsrjocht fanfroulju op te easkjen.

Optwongen neakenens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Histoaryske behanneling fan sljochtsinnigen

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Histoarysk waarden lju dy't yngekkegestichten opsletten waarden, faak neaken holden. YnIngelân waarden trochkristlikegoeddiedichheidsynstellings iuwenlangklean ynsammele foar deearmen, mar fan 'esantjinde oant denjoggentjinde iuw waardenpasjinten (einfinzenen) yn gestichten net ta dy groep rekkene. Bygelyks yn itBethlem Royal Hospital wiene de pasjinten dêrom ornaris neaken, en waarden se boppedat ek noch op oare manearenwreed behannele. Dy behanneling einige oan it begjin fan 'etweintichste iuw, doe't der humanere foarmen fan omgean mei sljochtsinnigen ûntwikkele waarden. Nettsjinsteande dat spile der ynNederlân yn1995 noch in saak wêrby't ingeastlik beheindtinerfamke,Jolanda Venema, yn in ynrjochting neaken meikeatlings oan 'e muorre fêstset wie.

In ôfbylding fan infinzene yn 'eAbû Graib Finzenis ynBagdad dy't yn2003slachtoffer waard fan itAbû Graib-skandaal.

Neakenens as bestraffing

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn guon sitewaasjes, almeast histoarysk, mar ek noch yn 'e moderne tiid, is neakenens yn beskate sitewaasjes oan minsken optwongen. Of miskien kin better sein wurde dat deklean harren ôfnommen binne. Sa koe en kin twongen neakenens inliifstraf of ûnderdiel fan in liifstraaf wêze, benammen as sa'nstraf yn it iepenbier útfierd wurdt. Noch yn2017 waardenlearlingen op infamkesskoalle yn 'e noardeastlikeYndiaaske dielsteatArunachal Pradesh, neffens de Yndiaaskeplysje, by wize fan betraffing twongen en klaai harrensels foar deklasse út. Hoewol't it tsjintwurdich net folle mear foarkomt, wie útklaaien as straf foarhinne op Yndiaaske skoallen frij gewoan.

Under deIrakoarloch kaam yn2003 deAbû Graib Finzenis ynBagdad bekend te stean om 'emartelings en mishannelings dêr't leden fan itAmerikaanske Leger de dêr fêstholden finzenen oan ûnderwurpen. Dêrby spile it ôfnimmen fan klean in grutte rol. Finzenen waarden neakenbespot, neaken op'e foto set, neaken fêstbûn en yn kompromittearjende lichemshâldings twongen en op oare wizenfernedere. Doe't it fotografysk bewiismateriaal útlekte, late dat ta ynternasjonale feroardieling, en ta berjochting fan 'e dieders.

Stripsearch

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

By instripsearch ("útklaai-ûndersyk") moat immen alle klean útdwaan sadat de autoriteiten kontrolearje kinne oft hy of sy ek wat yn of ûnder de klean ferberget. Soks wurdt wol dien troch deplysje op inplysjeburo, trochsipiers yn infinzenis of troch dedûane op inlofthaven. It giet faak mank mei inlichemsfisitaasje, wêrby't ek allelichemsholten (mûle,fagina enanus) fan 'e persoan yn kwestje kontrolearre wurde opsmokkelwaar of oar guod. In stripsearch is net bedoeld as bestraffing, mar wurdt needsaaklik achte om 'e oarder te hanthavenjen yn in fasiliteit dêr't lju fêstholden wurde (plysjeburo, finzenis) of om te bewissigjen dat der gjin yllegale en ûnwinske smokkelwaar (lykasdrugs) it lân binnen slûke wurde.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:References, op dizze side.


Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryNudity fanWikimedia Commons.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Neakenens&oldid=1059188"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp