Denammedei (panigyria) fan in persoan is de tinkdei fan dehillige dêr 't dy katolike of otterdokse persoan nei neamd is (meastal ûnder dedoop, de saneamde doopnamme). Tinkdagen fan hilligen falle oer it generaal op har stjerdei. In bekend foarbyld isSint-Nikolaas. Hy ferstoar neffens de oerlevering op 6 desimber yn it jier 342.
Yn guon katolike en otterdokse regio's of lannen is de fiering fan de nammedei wichtiger as of op syn minst like wichtich as dy fan dejierdei.
In Fryslân wurd in nammedei net sa faak fierd, ek yn de rest fan Nederlân enBelgië net. Allinne in Limburch soms. YnBosnje-Hertsegovina,Finlân,Letlân,Itaalje,Kroaasje,Spanje,Grikelân,Ruslân,Oekraïne,Hongarije,Servje,Roemeenje,Poalen,Slowakije,Tsjechje,Sweden enBulgarije wurdt de nammedei ek fierd.