Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Nachtmerje

Ut Wikipedy
De Nachtmerje, inskilderij fanJohann Heinrich Füssli út1781.

Innachtmerje is in tige benearjendedream mei in ynhâld dy't by de dreamer in sterkeemosjonele reäksje opropt, meastal op it mêd faneangst, mar mooglik ek oangeandewanhope,noed offertriet. In nachtmerje wurdt ek wol oantsjut as inboaze dream. Depsychology makket lykwols ûnderskie tusken de beide beneamings, mei't de dreamer (úteinlik) wekker skrikt fan in nachtmerje, mar by in boaze dream trochsliept. Nachtmerjes dogge har yn 'e regel ûnder deREM-sliep foar, en kinne mank gean meifysike bewegings troch de dreamer. Der komme faak ûnoangename sitewaasjes yn foar, dy't de dreamer skrikke litte of sels yn in steat fanpanyk bringe. Fan gefolgen kin it wêze dat de slieper langere tiid nei it wekker skrikken út in nachtmerje net mear yn 'esliep komme kin.

Oant yn 'eachttjinde iuw waarden nachtmerjes faak as it wurk fandemoanen beskôge. Dy waarden ûndersteld op itboarst te sitten fan dejinge dy't de nachtmerje hie, en mei opsetsin, útkweadaardigens, de dream te feroarsaakjen. As alternative útlis waarden ekbetsjoenings endemoanyske besetting wol oandroegen. Yn 'enjoggentjinde iuw waard benammen ynJeropa wol ûndersteld dat nachtmerjes feroarsake wurde koene troch in ferkearddiëet. Tsjintwurdich wit men dat nachtmerjes eins trochfysiologyske ofpsychologyske redens komme. Sa kinne in ûnnoflike sliephâlding of hegekoarts ta it hawwen fan nachtmerjes liede, en kinne se ek feroarsake wurde troch in trauma of trochstress. Ek swieriten koart foar't men opbêd giet, kin ta it hawwen fan nachtmerjes liede, mei't itfertarringsproses gruttereharsensaktiviteit opwekket. It út en troch foarkommen fan nachtmerjes is normaal, mar it oanhâldend hawwen fan nachtmerjes, faak oer in weromkearend ûnderwerp, en meisliepeleazens of eangst om te sliepen ta gefolch, kin oanlieding wêze om 'e help fan inpsycholooch ofpsychiater te sykjen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:References enFurther reading, op dizze side.


Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryNightmares fanWikimedia Commons.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Nachtmerje&oldid=1022878"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp