DeNoardatlantyske Ferdrachsorganisaasje (NAFO), is in ynternasjonale organisaasje foar kollektive feiligens, oprjochte yn 1949, troch it Noardatlantyske Ferdrach tekene ynWashington,Feriene Steaten op4 april1949. It haadkertier is fêstige ynBrussel, Belgje. Ynternasjonaal wurdt faak de Ingelske ôfkoartingNATO, foarNorth Atlantic Treaty Organisation brûkt. Yn it Frânsk is dat OTAN,l'Organisation du Traité de l'Atlantique Nord; it Ingelsk en it Frânsk binne de twa offisjele talen yn dizze organisaasje.
De kearn fan NAFO is Kêst V fan it Noardatlantysk Ferdrach, hjir beskreaun:
“
De Partijen binne oerienkaam dat in wapene oanfal tsjin ien as mear fan 'e NAFO-lannen yn Jeropa as Noard-Amearika beskôge wurdt as in oanfal tsjin alle dielnimmende lannen. As in wapene oanfal plakfynt, sil elts fan harren, trocht it rjocht te brûken fan yndividuele as kollektive selsferdigening dy’t yn Kêst 51 fan it ferdrach neamd wurdt, de partij as de partijen stipe jaan, mûglik mei gebrûk fan striidkrêften, om de feiligens fan ’e lannen dy’t grinzen oan de noardlike Atlantyske Oseaan werom te bringen.
Desiktaris-generaal is de heechste boargerfunksje fan 'e organisaasje. Hy is de foarsitter fan de Noardatlantyske Rie (NAR), besteande út permaninte fertsjintwurdigers fan 'e lidsteaten. Dizze NAR hat alle woansdeis in gearkomste en as de folsleine Ried it meiïnoar iens wurde kin, wurde der politike besluten naam. De Ried wurdt stipe troch de Militêre Kommisje, dy't foarme wurdt troch de ferstjintwurdigers fan alle meidoggersteaten mei in armee. De heechstekommandant fan 'e NAFO is deSupreme Allied Commander Europe (SACEUR). Troch histoaryske ûntjouwings hat er dizze titel krigen, mar hy is kommandant fan 'e NAFO-legers bûten Europa.
Ithaadkertier fan 'e NAFO is fêstige ynBrussel. Yn it ferline wieLonden de lokaasje fan it NAFO haadkertier, yn1952 is datParys wurden en dêrnei yn1960 in oare lokaasje yn Parys. Yn1966 ferhuze it haadkertier nei Brussel.
Yn1986 waard it autonoom oerlisorgaanEurogroup oprjochte. Dêr komme alle Jeropeeske meidoggerlannen gear en besykje ta in mienskiplik stânpunt te kommen.
Lykas eltse alliânsje, wurdt NATO úteinliks regeard troch har 32 lidsteaten. Hawar, it Noardatlantysk Ferdrach, en oare oerienkomsten, binne de bases foar besluten yn NATO. Elts fan de 32 lidsteaten stjoere in delegaasje nei it NATOhaadkertier ynBrussel,Belgje. It âldste permanint lid fan eltse delegaasje is ferneamd as de Permanint Fertsjintwurdiger en is yn it algemien in ambassadeur mei erfaring (en hat ek in diplomatyske graad).
Tegearre foarmje de Permaninte Leden deNoardatlantyske Ried, in orgaan dat eltse wike in gearkomste hat en hat politike autoriteit en makket besluten binnen NATO. Sa út en troch hat de Ried ek in gearkomste mei beskate ministers (Bútenlânske saken, Definsje) en steatsmannen, en it binne dizze gearkomste dêr't it grutste part fan de wichtige besluten wurdt naam. Hawar, de Ried hat deselde autoriteit en macht fan belied-meitsje, en syn besluten ha ek deselde status.
De Gearkomsten fan de Noardatlantyske Ried fine plak by deSiktaris-Generaal fan NATO en, wannear it ta besluten meitsje komt, wurdt in aksje oerienkaaam op bases fan unanimiteit en algemien akkoard. Der wurdt net keazen op bases fan grutste groep. Eltse steat fertsjinwurdiget oan de Ried tafel of oare kommisjes bliuwe folslein soeverein en ferantwurdlik foar harren eigen besluten.
Eltse naasje hat ek in twadde fertsjintwurdiger, in hege militêre fertsjintwurdiger. Tegearre foarmje de militêre fertsjintwurdigers de Militêre Kommisje, in orgaan ferantwurdlik foar oanwizings oan NATO’s politike autoriteiten hokker wichtich is foar it algemien ferdigenjen fan it NATO grûngebiet. It hat ta doel advys jaan op it mêd fan militêre saken oan de NATO strategyske kommandanten, hokker fertsjinwurdigers de gearkomsten bywenje, en hat ferantwurdelike oer alle militêre saken fan de alliânsje ûnder de Ried syn autoriteit. Lykas de ried, sa út en troch komt de militêre kommisje ek op heech nivo gear, nammentlik op it nivo fan Haad fan definsje, de heechste militêre offisier yn eltse naasje syn armee.
NATO E-3A dy mei AmerikaanskeF-16's fleant yn in NATO oefening
NATO's militêre operaasjes gean oer twa strategyske kommandanten, beide binne itAmerikaanske offisieren mei assistinsje fan in staf ferspriede oer hiel de NATO. De strategyske kommandanten binne ferantwurdlik foar deMilitêre Kommisje foar it algemien oanstjoeren fan algemiene saken en militêre saken binnen harren wurkgebiet.
Foar2003 wienen de strategyske kommandanten deSupreme Allied Commander Europe en deSupreme Allied Commander Atlantic (SACLANT) mar de hjoeddeistige oerienkomst is de skieding fan ferantwurdlikens fan kommando tusken deAllied Command Transformation (ACT), dy't ferantwurding hat foar transformaasje en ûnderrjocht/oplieding fan NATO-legers, enAllied Command Operations, mei ferantwurdlikens foar NATO operaasjes oer de gânse wrâld.
De kommandant fanAllied Command Operations hat de namme "Supreme Allied Commander Europe (SACEUR)", en is stasjonearre yn itSupreme Headquarters Allied Powers Europe (NATO's haadkertier mei de ôfkoartingSHAPE), yn itBelgyske plakCasteau, dat leit noardlik fan de stêdMons. It is likernôch 80km súdlik fan NATO's politike haadkertier yn Brussel. ACT is stasjonearre yn it foarhinneAllied Command Atlantic haadkertier yn Norfolk,Virginia,F.S..
NAFO en deRussyske Federaasje ûnderskriuwe in oerienkomst yn1997 oangeande it "meiïnoar wurkjen oan in stabile, feilige en net-ferdield kontinint Jeropa útgeande fan partnerskip en algemien belang".
Yn maaie2002 wie de oerienkomst fersterke troch it oprjochten fan de NAFO-Ruslân Ried, hokker ta doel hat it tichter by inoar bringen fan NAFO-lannen en Ruslân. De ried hat ta doel it identifisearjen en finen fan kânsen foar gearwurking tusken de 27 dielnimmers as gelike partners.