Mynbou is it op systematyske wize út 'egrûn heljen fan weardefollegeologyske materialen, saneamdedylchstoffen. Dy stoffen wurde neitiid brûkt foar in beskaat doel, dat fan stof ta stof ferskilt. Faak wurdt foar mynboufoarsjennings of ynfastruktuer opset. Mynbou is ferlet fan om oan 'e measte materialen te kommen dy't net út 'elânbou wûn wurde kinne ofsyntetysk produsearre wurde kinne yn infabryk oflaboratoarium.
De dylchstoffen dêr't de mynbou him op rjochtet, kinne har befine yn eltseaggregaasjetastân:
Guon dylchstoffen wurde út 'e grûn helle troch earst har aggregaasjetastân te feroarjen. Sa wurdt sâlt by de winning earst oplost yn wetter en dan as floeistof oppompt, wêrnei't it wetter trochferdamping wer fuorthelle wurdt, sadat sâlt as fêste stof efterbliuwt. Oarsom wurde by de ierdgaswinning krekt net winske, mei it ierdgas fermongen gasfoarmige stoffen trochkondinsearring ferwidere.
In plak dêr't men op grutte skaal nei fêste dylchstoffen graaft, hjit inmyn. Lju dy't dêr wurkje, binnemynwurkers. Minen binne faak ûndergrûnsk en kinne dan inkeld berikt wurde troch infertikale mynskacht. Dêrfoar moat men gauris hûndertenmeters delgean. De eigentlike mynbou wurdt dan ferrjochte ynhorizontale myntunnels. It wurkjen yn in myn is gefaarlik. Elts jier binne der wolmynrampen, wêrby't tunnels of sels skachten ynstoarte en mynwurkers bedobbe reitsje of yn in isolearreluchtkeamer fêst komme te sitten. Fral ynûntwikkelingslannen, dêr't it net sa nau nommen wurdt mei de regels (of dêr't hielendal gjin regels besteane) komt soks foar. Ekyllegale mynbou (d.w.s. itûnfergund bedriuwen fan mynbou) komt dêr in protte foar. Der binne ek minen yn 'eiepen loft, saneamdeiepen minen, dêr't in foarm fan mynbou bedreaun wurdt dy'tdeibou hjit. In iepen myn bestiet ienfâldich sein út in ûnbidich grut gat yn 'e grûn.
Mynbou hat in minne namme yn it ramt fan itmiljeu. Faak wurde dergemikaaljen by brûkt dy't neitiid ynoerflaktewetters lykasrivieren ofmarren loasd wurde. Sok raar guod wurdt ek wol foar jierren en jierren opslein yn dêrta groeven basins, dêr't dan it risiko troch bestiet op trochlekken nei itgrûnwetter, dat it basin oerrint of dat de omlizzendedyk trochbrekt, sadat it spul dochs noch yn it oerflaktewetter bedarret. Fierders ferneatiget de deibou it pleatslikelânskip.