Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Myanmar

Ut Wikipedy
Republyk fan de Uny fan Myanmar

Pyidaungsu Myanma Naingngandaw
Flagge fan MyanmarWapen fan Myanmar
FlaggeWapen
Lokaasje fan Myanmar
Offisjele taalBirmaansk
HaadstêdNaypyidaw
SteatsfoarmRepublyk
Gebiet
% wetter
678.500 km²
3,06­%
Ynwenners (2013)55.167.330
MuntKyat (MMK)
TiidsôneUTC +6,5
Nasjonale feestdei4 jannewaris
LânkoadeMMR
Ynternet.mm
Tillefoan95

Myanmar ofBirma is in lân ynSúdeast-Aazje. It lân hjit sûnt 21 oktober2010 offisjeelRepublyk fan de Uny fan Myanmar, fan1989 oant 2010 hjitte itUny fan Myanmar. De haadstêd is sûnt 7 novimber 2005 it sintraal yn it lân lizzendeNaypyidaw. De âlde haadstêdRangoon (Yangon), de grutste stêd fan it lân, wurdt ûnder oaren trochBelgië, deEuropeeske Uny en deFeriene Steaten noch altyd as haadstêd beskôge.Nederlân erkent de nije haadstêd wol.

Geografy

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Myanmar wurdt begrinzge troch:

Boedistyske timpel yn Pagan

Myanmar hat oan de grinzen rûnom hege bergen. It mei oerwâlden begroeideArakanberchtme is in útrinner fan deHimalaya. Eastlike fan dat berchtme leit in tinbefolke leechflakte, itShan-plato, dy't it streamgebiet foarmet fan deIrrawady. Dy rivier befloeid it grutste rysikkerlân fan de wrâld.

It lân hat intropysk klimaat en leit yn inmoessonsône. Populêre toeristenbestimmingen binne deboedistyske monuminten ynYangon enPagan en de prachtige natoer fan it Shan-plato.

Foar de kust lizze ek in protte eilannen.

Skiednis

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn de8e iuw waard it gebiet fan Myanmar kolonisearre fanút Sina en yn de13e iuw troch deMongoalen ferovere. De striid om Myanmar troch ferskate riken einige yn1752 doe't it hiele lân ûnder ien Birmeesk bewâld brocht waard.

Yn de rin fan de19e iuw waard Myanmar yn in trijetal oarloggen (1824-1826; 1852 en 1895) alhiel by Britsk-Yndia ynlive en stie it ûnderBritsk bewâld. Yn1937 krige it selsbestjoer ûnder in Britsk gûverneur en yn1948 folge in folslein ûnôfhinklik parlimintêre demokrasy bûten itBritske Mienebest.

Under premierU Nu oriëntearre Myanmar harren hieltyd mear op it kommunistyske Sina, mar tidens de kulturele revoluzje ferkoelden lykwols de betrekkingen. U Nu waard yn1962 troch it leger ôfsetten en folge in militêr rezjym dat sûnt dy tiid alle besikingen om te demokratisearen tsjinholden hat.

Demografy

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De befolking fan Myanmar bestiet út in protte etnyske groepen, û.o. deBirmanen (69%),Sjan (9%),Karen (6%),Arakanezen (5%),Mon (2%) en deKatsjin (1%).

It grutste part fan de befolking isboedistysk (Theravada) (89%). Itkristendom (4%: 3%baptisten en 1%katoliken) en deislam (4%) binne de oare wichtige godstsjinsten. Ien prosint fan de befolking is oanhinger fan innatoerreligy, dêr't it leauwen yn geasten (de 'nats'), in wichtige rol yn spilet. Lykwols is dat leauwen ek ûnder de Boedistyske befolking wiid ferspraat.

ItBirmaansk is de offisjele taal; it wurdt skreaun yn itBirmaansk skrift.Ingelsk wurdt der ek wol sprutsen en de ferskate etnyske groepen hawwe ek har eigen talen.

Ferneamde Birmezen/Myanmarezen

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Myanmar&oldid=1210257"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2026 Movatter.jp