Inplatemaatskippij, ek wol inplatelabel neamd, is inbedriuw datmuzyk produsearret dy't fêstlein is oplûdsdragers. Sokke lûdsdragers, wêrby't it gean kin omgrammofoanplaten,kassettebantsjes,cd's endvd's, wurde troch it bedriuwferhannele. Platemaatskippijen hâlde harren dêrom net inkeld dwaande mei de kreätive kant fan it meitsjen fan 'platen' (sa't alle lûdsdragers foar it gemak faak oantsjut wurde), mar ek mei de distribúsje enmarketing fan 'e einprodukten. (Dêrby moat oantekene wurde dat de fysike distribúsje faak útbestege wurdt oan spesjalisearre muzykdistributeurs.) Immen dy't in liedingjaande funksje by in platemaatskippij beklaait, wurdt inplateprodusint ofmuzykprodusint neamd. De oerienkomst tusken in platemaatskippij en in artyst om syn of har muzyk te produsearjen hjit inplatekontrakt.
Itsynonym 'platelabel' ferwiist yn letterlike sinhistoarysk nei itetiket yn 'e midden fan in grammofoanplaat. Njonken denamme fan 'e útfierendemuzikant en detitels fan 'e plaat en delieten op 'e plaat stiet dêrop nammentlik ek de namme fan 'e platemaatskippij mei synlogo fermelden. Dêrtroch is men meitiid de term 'platelabel' begûn te brûken as men eins 'platemaatskippij' bedoelt. Tsjintwurdich wurdt muzyk behalven op lûdsdragers ek beskikber makke foar deferkeap asdigitaledownload. In bedriuw dat muzyk allinnich mar op dy wize oanbiedt, wurdt innetlabel neamd.
Om 'emerknamme sterk te meitsjen, is in platelabel faak oan mar ienmuzyksjenre ferbûn, lykaspopmuzyk,country & western ofklassike muzyk. In platemaatskippij kin lykwols mear as ien platelabel fiere om ferskate sjenres, merken en doelgroepen te berikken. Dat is ferlykber mei hoe'tútjouwerijen faak ferskateymprints hawwe omboeken ûnder te publisearjen. Yn 'e praktyk binne ferskate platelabels faak yn ien hân kommen trochoernames enfúzjes.
De grutste platemaatskippijen fan 'e wrâld binne sûnt2012 deUniversal Music Group,Sony Music Entertainment en deWarner Music Group, dy't ek wol de 'Grutte Trije' neamd wurde. Se hawwe harren status as grutsten berikt troch oanhâldend oare platemaatskippijen oer te nimmen. Fan1988 oant1999 wiene der seis grutte platemaatskippijen, dy't doe oantsjut waarden as de 'Grutte Seis': deWarner Music Group,EMI (Electric and Music Industries),Sony Music Entertainment (oantjannewaris1991 bekend as CBS Records),BMG (Bertelsmann Music Group), deUniversal Music Group (oant1996 bekend as MCA Music) enPolyGram. In platemaatskippij dy't gjin bannen ûnderhâldt mei ien fan 'e Grutte Trije wurdt in ûnôfhinklik platelabel neamd.