Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Mustafar

Ut Wikipedy
Mustafar sa't deplaneet te sjen is ynStar Wars: Episode III – Revenge of the Sith (2005).

Mustafar (útspr.: [ˈmʊstəfɑːɹ], likernôch: "mûs-tuh-faar") is infiktiveplaneet út 'eStar Wars-franchise, dy't yntrodusearre waard yn 'efilmStar Wars: Episode III – Revenge of the Sith (2005), it lêste diel fan 'eStar Wars-prequeltrilogy. Mustafar makket diel út fan itplanetestelsel mei deselde namme, yn 'e sektor Atravis fan 'e Bûtenrâne fan itStjerrestelsel. It wie oarspronklik in wrâld mei in myldklimaat, in wielderigeplantegroei en in grutbioferskaat. Neffens deleginden (lykas út 'e doeken dien yn itfideospultsjeVader Immortal) feroare dat doe't debaan fan Mustafar om synstjer ferskode as gefolch fan 'e útbarsting fanenerzjy dy't it resultaat wie fan it gebrûk fan in Ljochtsjende-Stjer-artefakt troch in frouwe Corvax, doe't hja harferstoarneman wer talibben besocht te wekjen. De resultearjendeswiertekrêftsstriid om 'e planeet tusken degasreuzen Jestefad en Lefrani ferhjitte deplaneetkearn, sadat de wielderige wrâld omfoarme waard ta infulkanyske hel. De Mustafaranen, in lânseigenlidpoatichras fan bûtenierdske wêzens,evoluëarre neitiid ta twa ûnderskateûndersoarten, dy't gearwurken om har oan 'e nije sitewaasje oan te passen en te oerlibjen.

Mustafar waard likernôch trijehûndert jier foar it útbrekken fan 'eKloane-oarloggen oankocht troch de Techno Uny, dy'tmynbou bedreau yn 'elavastreamen om dêr unike en seldsumemineralen út te heljen. Op 'e wrâld wie ek ithaadkertier fêstige fan 'e Swarte Sinne, in ynfloedrykmisdiesyndikaat. Yn 'e Kloane-oarloggen keazen de Mustafaranen de kant fan 'eseparatistyskeKonfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels. De separatisten brûkten de planeet foar de bou fan nijefabriken, dy'toarlochsandroïden produsearren.

YnStar Wars: Episode III – Revenge of the Sith wurde depolitike lieders fan 'e Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels, ûnder waNute Gunray, deûnderkening fan 'eHannelsfederaasje, enPoggle de Mindere, deaartshartoch fanGeonosis, foar har eigenfeilichheid nei Mustafar oerbrocht. Tsjin dy tiid rinne de Kloane-oarloggen op har ein en hawwe de separatisten krekt in slimmen nederlaach lit by in domdryste wraam opCoruscant, de sit fan itregear fan 'eGalaktyske Republyk. Nei'tkânselierPalpatine, dy't eins deboasaardigeSith-masterDarth Sidious is, by insteatsgreep de Republyk ûnder fuotten hellet en ferfangt troch inGalaktysk Keizerryk mei himsels oan it haad asautokratysk regearjendkeizer, stjoert er syn nije hantlanger,Darth Vader, nei Mustafar om mei de separatistyske lieders ôf te weven. Palpatine is sels feranwurdlik foar de oprjochting fan 'e Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels, mei't er ferlet hie fan 'e gaos en it trelit fan 'e oarloch om himsels almar mear macht ta te eigenjen, mar no't er syn doel berikt hat, kin er de separatisten net mear brûke. Vader kringt harren ferbliuw binnen en slachtet harren allegearre ôf mei deljochtsabel.

Neitiid arrivearretsenatorPadmé Amidala fanNaboo op Mustafar, dy'tyn ferwachting is fan 'etwillingbern fanAnakin Skywalker, de Jedi dy't troch syn fal ta kwea ferwurden is ta Darth Vader. Hja besiket Vader om 'e nocht oer te heljen nei de ljochte kant fande Krêft. Vader syn âldementor, deJediObi-Wan Kenobi, bynt dan de striid mei him oan en ferslacht him yn induël mei de ljochtsabel. Hy lit Vader foar dea efter oan 'eigge fan in lavastream, dêr't Palpatine syn hantlanger letter weromfynt en ûntdekt dat er noch libbet. Hy lit Vader omfoarmje ta incyborg en brûkt de foarfallen op Mustafar om him noch steviger ûnder de tomme te krijen.

YnRogue One: A Star Wars Story (2016) docht bliken dat Vader neitiid in eigen haadkertier op Mustafar boud hat, Fort Vader, dêr't er in moeting hat meiOrson Krennic, dedirekteur fan it Keizerlik wapenprogramma. Mustafar komt ek ferskate kearen koart foar yn 'etekenfilmsearjesStar Wars: The Clone Wars (2008-2014 en2020) enStar Wars: Rebels (2014-2018). Yn 'e filmStar Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker (2019), dy't mear as tritich jier neiRogue One spilet, siketKylo Ren, depakesizzer fan Vader, in Sith-artefakt op yn 'eruïnes fan Fort Vader, hoewol't dysetting yn 'e film net eksplisyt as sadanich beneamd wurdt.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:References, op dizze side.

planeten útStar Wars
Ahch-To •Alderaan •Bespin •Cantonica •Cereä •Champala •Christophsis •Corellia •Coruscant •Crait •Dagobah •Dathomir •Dorin •D'Qar •Eadu •Endor •Exegol •Geonosis •Glee Anselm •Hoth •Iktotch •Iktotchon •Iridonia •Jakku •Jedha •Kalee •Kamino •Kashyyyk •Kef Bir •Kessel •Kijimi •Lah'mu •Lannik •Malastare •Mandalore •Mimban •Mirial •Mon Cala •Mustafar •Naboo •Nal Hutta •Nar Shaddaa •Neimoïdia •Pasaana •Quermia •Ryloth •Savareen •Scarif •Shili •Takodana •Tana •Tatooine •Thisspias •Tholoth •Toydaria •Utapau •Vandor •Yavin
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Mustafar&oldid=1089579"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp