Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Musselkanaal

Ut Wikipedy
Musselkanaal
Lokaasje Musselkanaal yn de gemeente Stedskanaal
Lokaasje Musselkanaal yn de gemeente Stedskanaal
Bestjoer
ProvinsjeGrinslân
GemeenteStedskanaal
Sifers
Ynwennertal7.0051 jannewaris 2019
Oar
Koördinaten52° 56' NB, 7° 1' EL
Musselkanaal
Roomsk-Katolike tsjerke fan Musselkanaal
Musselkanaal op in topografyske kaart út 1933

Musselkanaal (Grinslânsk:Muzzelknoal) is instreekdoarp yn de gemeenteStedskanaal yn deKanaalstreek yn de regioGrinzer Feankoloanjes yn deprovinsjeGrinslân. Yn 2019 hie it doarp 7.005 ynwenners.

It doarp leit yn it ferlingde fanStedskanaal oan wjerskanten fan itMusselkanaal, dat ek it ferlingde fan it kanaalStedskanaal is. It doarp grinzget oan deSemsliny en dêrmei oan de provinsjeDrinte. Musselkanaal begjint by it fjirdefallaat en einiget op de gemeentegrins fan Stedskanaal mei de gemeenteWesterwâlde, justjes benefter it plak dêr't itMussel-Aa-kanaal en it Musselkanaal gearrinne. Benoarden Musselkanaal leit deútbuorrenHorsten, dat ek de namme fan it doarpsgebiet wie foar it ûntjaan fan it doarp Musselkanaal. Fierder falle debuorskipOomsberg, de wykCeresdorp en de postadressen fan in part fan it Grinslânske part fan it doarpZandberg ûnder Musselkanaal.

Namme

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

It doarp ûntstie oan it Musselkanaal, dat in part fan it Stedskanaal fan Stedskanaal oantJipsingboermussel is, en de namme is ôflaat fan it doarpMussel.

Skiednis

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De Feankoloanjes is in gebiet dat eartiids ien grut sompich gebiet dat útleech- enheechfean bestie, dat oant fier yn Dútslân troch rûn. It lei ynklamme tusken deHûnsrich en de hegere plakken lykasHaren,Hegesân,Wynskoat,Onstwedde,Nijeskâns,Rütenbrock enTer Apel. It gea wie dreech te berikken en de grins tusken Grinslân en Drinte waard as in tinkbyldige rjochte line fêststeld fan deMartinitoer ynGrins ôf oant itKleaster Ter Apel.

Yn de iereachttjinde iuw kamen de earste bewenners, lykasturfstekkers, glêsblazers en hannelers útDútslân dêr't mar in bytsje wurk foarhannen wie. Dêrnei waard úteinsetten mei it oanmeitsjen fan it fean. Dat luts in soad wurklju út Grinslân,Fryslân, deKop fan Oerisel en Dútslân, benammen katoliken út it oangrinzgjendeIemslân. Der wie ferlet fan in Roomske tsjerke, en yn1843 waard deparochy Zandberg oprjochte. Yn1848 waard de parochy Stedskanaal oprjochte en yn1904 krige Musselkanaal syn eigen parochy, en waard de nije HilligeAntonius fan Paduatsjerke boud. Yn1927 waard de tsjerke útwreide.

De ierste skiednis fan Musselkanaal begûn op deHorsten, dat in ferhege sânrêch yn it fean wie. Doe't defeanterij fan it gebiet úteinsette en it lân troch it ûntwetterjen better te berikken waard, fêstigen de earste boeren harren op de oare hegere sânrêgen, lykasBraamberg,Zandberg enOomsberg. Der waarden ynearstenplaggehutten boud. Horsten waard de earste buorskip. De bebouwing by de kanalen del ûntstie letter.

Yn1924 kaam Musselkanaal oan de STAR-spoarline (Stedskanaal-Ter Apel-Ryksgrins) te lizzen. Yn1934 waard it persoaneferfier opheft en yn1935 it frachtferfier. Nei deTwadde Wrâldkriich waard de line foar it frachtferfier fannijs brûkt, mar yn1972 wie it tenei dien mei it spoar dêre. Hjoed-de-dei is Musselkanaal ferbûn troch busferbinings.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
  • De Hillige Antonius fan Paduatsjerke

Berne yn Musselkanaal

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Begroeven yn Musselkanaal

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. www.online familieberichten.nl oproppen op 7 augustus 2013


Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryMusselkanaal fanWikimedia Commons.
52° 56' NB, 7° 1' EL
Stedskanaal
Doarpen:
AlteveerKopstukkenMusselMusselkanaalOnstweddeStedskanaalVledderveenZandberg
Buorskippen:
BarlageBlekslageBraambergCeresdorpHöchteHöfteHolteHorstenOomsbergSmeerlingSterenborgTangeTer MaarschTer WuppingVeenhuizenVledderhuizenVossebergWessinghuizen
Wetter:
A.G. WildervanckkanaalMussel AaMussel-Aa-kanaalMusselkanaalStedskanaal
· ·Berjocht bewurkje
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Musselkanaal&oldid=1007118"
Kategory:
Ferburgen kategory:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp