Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Musikology

Ut Wikipedy

Musikology ofmuzykwittenskip is dewittenskiplike stúdzje fanmuzyk opuniversitêr nivo. Dêrby komt it sels praktisearjend muzisearjen net oan bar, it lêze kinnen fan muzykpartitueren dêrfoaroer al. Fierwei de measte studinten ha dan ek inmuzikale foarming efter de rêch. Guon kombinearje musikology ek meikonservatoarium. Musikology beëaget ûnder oaren de stúdzje fan demuzykskiednis en fan demuzykteory (ûnder oareharmony enkontrapunt út ferskate perioades). Ek de analize fan partitueren is in wichtich aspekt. Dêrneist hat musikology ek omtinken foarsosjale,psychologyske, entechnologyske aspekten fan it muzykbelibjen. Dêrby stiet de muzyk asklank sintraal.Yn 't earstoan, dat is sa, wie de musikology benammen rjochte op itrêden út it ferjitboek fan âlde masters (lykas bygelyksAntonio Vivaldi en it skriuwen fan romantisearrebiografyen; yn de rin fan de20e iuw krige de musikology in echt wittenskiplike status. Wichtige persoanen yn de opgong fan de musikology as wittenskiplike dissipline binneCarl Dahlhaus enHelga de la Motte.

It wichtichst musikologysk neislachwurk oerklassike muzyk isthe New Grove Dictionary of Music and Musicians. Der is ek inDútske tsjinhinger, de MGG (Musik in Geschichte und Gegenwart).

Etnomusikology giet om musikology ynetnyske kontekst.

Oplieding

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn Nederlân binne opliedings oan deUniversiteit fan Amsterdam en oan deUniversiteit Utert, ynFlaanderen wurdt "Master yn de musikology" jûn oan deKatolike Universiteit Leuven en oan deUniversiteit Gent.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Musikology&oldid=1043588"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp