Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Mulde

Ut Wikipedy

DeMulde is in sydrivier fan deElbe yn deDútskedielsteatenSaksen enSaksen-Anhalt. De rivier is 124 km lang (of 290 km, at de langste boarnerivier meirekkene wurdt) en is net befarber: it is de fluchst streamende rivier fan Midden-Jeropa.

De Mulde ûntstiet justjes benoarden de gemeenteColditz út de gearrin fan de westlikeZwickauer Mulde (166 km) en de eastlikeFreiberger Mulde (124 km), dy't beide yn itErtsberchtme ûntspringe.

De Zwickauer Mulde hat twa boarnen yn itVogtland: de Reade Mulde (Rote Mulde) en de Wite Mulde (Weiße Mulde), dy't byelkoar komme yn inopslachmar, deMuldenberger Talsperre. De Zwickauer Mulde streamt oerAue,Zwickau enGlauchau nei it noarden.

De Freiberger Mulde ûntspringt yn it Eastlik Ertsberchtme, noch krekt ynTsjechje, dêr't erMoldavský potok hjit.Freiberg enDöbeln binne de grutste plakken oan de rivier.

De ferienee Mulde rint nei it noarden en mûnet in stikje foarbyDessau út yn de Elbe. Op dit trajekt leit it stedsjeGrimma, dat yn2002 by deJahrhundertflut, de grutte oerstreamings yn it ôfwetteringsgebiet fan de Elbe, swier skea oprûn.

BeëastenBitterfeld leit sûnt1975 in opslachmar, de Muldestausee.

  • De Zwickauer Mulde by Zwickau
    De Zwickauer Mulde by Zwickau
  • De Mulde by Bad Düben
    De Mulde by Bad Düben

Keppelings om utens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Commons
Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryMulde fanWikimedia Commons.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Mulde&oldid=832829"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp