Moskou Oblast (Russysk: Московская Область, Moskovskaja oblast; ek Подмосковье, Podmoskovje) is inoblast yn it Sintraal Federaal Distrikt fanRuslân. Foar Ruslân is it in relatyf tichtbefolke en ekonomysk goed ûntwikkele gebiet..
De oblast waard op 14 jannewaris 1929 oprjochte en wurdt ek wol "prigorod" ('pri' = by en 'gorod' = stêd), om't it bestjoersgebiet de hiele stêdMoskou omfiemet. It oerflak fan de oblast nimt ôf mei de útwreiding fan de stêd. Sûnt 1961 is de stêd Moskou wat oerflak oanbelanget meardere kearen oer de kop gien.
Moskoviten hawwe graach in plakje bûten de stêd om te rekrëearjen. In grut part fan de Moskouse ynwenners hat dêrom indatsja yn de oblast Moskou en mei't de wolfeart tanimt wurde der ek jimmeroan mearkottedzji boud; moderne hûzen foar de wat rikere boppelaach fan 'e befolking. Fral it plattelân is populêr.
It bestjoer fan de oblast hie syn sit yn de stêdMoskou, alhoewol't de stêd sels gjin ûnderdiel is fan de oblast en in selsstannichdielgebiet foarmet. Sûnt 2007 binne de measte ministearjes en ôfdielings fan de oblast Moskou ûnderbrocht yn in nij gebou ynKrasnogorsk. Mei in hichte fan 82 meter en 17 ferdjippings (boppe de grûn) is it it heechste gebou yn Krasnogorsk. It 'Hûs fan it regear fan Moskou oblast' stiet oan de westlike kant fan deMoskva tichteby it metrostasjon Mjakininio op 350 meter fan de grins mei de stêd Moskou.
It gebiet rint 310 kilometer fan noard nei súd en 340 kilometer fan wêst nei east.
De oblast Moskou leit yn it Sintraal Federaal Distrikt fan Ruslân fan de Russyske Federaasje. It gebiet hat net in hiel soad reliëf, in grut diel fan it lân is flak mei yn de westlike en noardlike heechlannen mei hichten fan 300 meter yn de omkriten fanDmitrov. It heechste punt fan 310 meter leit yn de omkriten fan it doarp Sjapkino yn it rajon Mozjajski-rajon. Fan it súdwêst nei it noardeast wurdt it gebiet troch de grins fan de eartiidske Moskou-gletsjer midstwa snien mei yn it noarden morenerêgen en nei it suden ta allinne eroazjefoarmen.
Lânskip yn it rajon Sjatûrski
Fan de likernôch 300 rivieren binne fral deWolga, deOka, deKljazma en deMoskva it neamen wurdich.
Der binne likernôch 350 marren yn de oblast, dy't hast allegear ûndjip (5 oant 10 meter) en faak fan glasiale oarsprong binne. De grutste marren binne de Svjatoje-mar (12,6 km²) en de Dûbovoje-mar, dy't alletwa yn it eastlike Sjatûrski-rajon lizze. De djipste marren binne de Beloje-mar (rajon Sjatûrski) mei in djipte fan 34 meter en de Glûbokoje-mar mei in djipte fan 32 meter yn it rajon Rûski. De grutsteopslachmarren binne de 300 km² grutte opslachmar fan Invankovo (ek bekend as de Moskouse See) en de 3,6 km² grutte Instrinskoje-opslachmar.
Likernôch de helte fan de oblast bestiet út bosk. Bjirken, dinne- en sparrebeammen komme it meast foar.
De oblast Moskou is ryk oan natuerlike helpboarnen, dy't foar de bou brûkt wurde, lykas heechweardich sân en foar de glêsyndustry kwartssân. It gebiet is ek ryk oan klaai- en liemôfsettings en de omkriten fan Moskou steane bekend om de kalkstien en turfôfsettings. De oblast is ryk oan minerale boarnen.
Yn de oblast binne 74 stêden en 65 plakken mei in stedsk karakter. Sa'n 20 stêden hawwe mear as 100.000 ynwenners. Dêrûnder falt ek it toeristysk tige bekendeSergiev Posad dat by deGouden Ring heart en in rige belangrike yndustrykearnen.
De measte stêden lizze tichteby de haadstêd en foarmje mei sa'n 15 miljoen ynwenners tegearre mei Moskou de befolkingsrykste stêdekloft fan it lân.
Oant yn it begjin fan de 20e iuw wie der in soad tekstylyndustry, tsjintwurdich foarmje de masjine-, boustoffen- en gemyske yndustry en metaalferwurking de wichtichste ekonomyske sektoaren. Dêrnjonken is der lichte yndustry. Fierder binne der in soad bûtenlânske ynvestearingsprojekten. De oblast Moskou heart ta de dielgebieten dy't it meast oan de ekonomy fan it lân bydrage.
De lânbou makke yn de jierren 1990 in swiere krisis mei, dêr't noch altiten de gefolgen fan fernommen wurde. In soad lân foar greide en ikkerbou binne bûten gebrûk rekke: de ikkerbou sakke fan 1.224.000 ha yn 1990 oant 551.000 ha yn 2010.
By Moskou binne der yn de oblast foar de tylt fan griente, blommen, paddestuollen ensafuorthinne in soad kassen, dy't meiïnoar it grutste kassenkompleks fan Europa foarmje.
Moskou oblast is relatyf ryk oan kultureel erfgoed. Stêden mei in soad monuminten binne û.o. Vereja, Volokolamsk, Dmitrov, Zarajsk , Zvenigorod, Istra, Kolomna, Sergiev Posad en Serpûchov. De oblast hat mear as 1100 tsjerken en grut tal ferneamde kleasters lykas itTrije-ienheid-Sergius Lavra,Nij-Jeruzalim, it Jozef Volokolamsk-kleaster, it Pokrovski Chotkov-kleaster, it Savvino-Storozjevski-kleaster en itNikolaas-Oegresja Kleaster. It arsjitekturale gebouwekompleks fan itTrije-ienheid-Sergius Lavra stiet op de list fan itUNESCO-wrâlderfgoed.
De regio is ryk oan lânhûzen, lykas it Arkhangelskoje Paleis by Krasnogorsk, dat ek in rike kolleksje West-Europeeske en Russyske keunst út de 17e-19e iuw besit. It lânhûs Melichovo wie tsjin it ein fan de 19e iuwAnton Tsjechov. Yn Odintsovo stiet it lângoed Vjazemy en yn Klin it lângoed dêr'tTsjaikovski oant syn dea yn 1893 wenne.
Der binne hast 90 musea yn de oblast. It grutste museum stiet yn Serpûchov: It Museum foar Skiednis en Keunst.