Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Moroni

Ut Wikipedy
Moroni
it strân fan Moroni
it strân fan Moroni
Bestjoer
LânKomoaren
ProvinsjeMoroni
Sifers
Ynwennertal42.000(2003)
Oar
Koördinaten

Moroni (Arabysk: موروني) is de haadstêd fan deKomoaren. Der wenje sa'n 42.000 minsken (2003). It is de grutste stêd fan de eilannegroep. De stêd leit oan de westkust fan it eilânGrande Comore, dat ek wolNjazidja neamd wurdt troch de eigen befolking.

De haven leit yn in gloppe en hat in lytse kaai. Yn 'e haven binnefanille,kakao enkofje de grutste eksportprodukten. De stêd liket mei synmoskee's frijwat Arabysk. DeAncienne Mosquée du Vendredi (Alde Freedsmoskee) is it meast ferneamd. Fierders binne der by de stêd moaie strannen te finen.

Moroni hat in eigen ynternasjonale fleanhaven, it 'Prince Said Ibrahim International Airport'. Dêrneist is der in boatferbining mei de fêstewâl fanAfrika,Madagaskar, ferskillende eilannen yn deYndyske Oseaan en de oare beide Komoaren.

Skiednis

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
  • Moroni waard yn de 10e iuw f.Kr. al bewenne troch Arabyske kolonisten.
  • 1958: Moroni wurdt de haadstêd fan de Komoaren.
  • 1975: De Koameren wurde selsstannich, Moroni bliuwt de haadstêd.
11° 42' SB, 43° 15' EL
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Moroni&oldid=970556"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp