Monrovia is de haadstêd fanLibearia. It stee leit besuden fan de mûning fan de rivier Sint Paul yn deAtlantyske Oseaan en hat goed 470.000 ynwenners. It is teffens de wichtichstehavenstêd fan it lân. Yn deGreater Monrovia District wennen yn 1.010.970 minsken, dat is 29% fan de befolking fan Libearia. Monrovia is yn1822 stiften. De stêd tanket har namme oanJames Monroe, dy't eartiids presidint fan deFeriene Steaten wie.
De omkriten fan Monrovia wie al bewenne doe'tPortegeeske seelju it gebiet om1560Kaap Mesurado neamden. Yn1821 arrivearren de earste swarte kolonisten út deFeriene Steaten, ûnder beskerming fan deAmerican Colonization Society, mei as doel it fêstigjen fan in eigen koloanje foar befrijde en emanisipearre negerslaven. YnFreetown wie dat al slagge.
De kolonisten kamen by it eilânSherbro oan wâl, mar de ûndernimming wie min organisearre en in protte kolonisten stoaren. Yn 1822 rêde in twadde skip de oerlibjenden en brocht harren nei Kaap Mesurado en fêstige de delsettingChristopolis. Yn1824 waard de stêd ta Monrovia omdope.
Yn1845 wie Monrovia it stee dêr't de American Colonization Society in konvinsje hâlde. De American Colonization Society ûnwurp degrûnwet dy't twa jier letter de grûnwet wêze soe fan in selsstannich lân, Libearia.
Oan it begjin fan de20e iuw wie de stêd yn twaen ferparte:
It eigentlike Monrovia, dêr't de Amerikaansk-Liberiaanske befolking libbe. De arsjitektuer heucht oan dy fan deSúdlike Feriene Steaten.
Fan de 4000 ynwenners wiene der doe 2500 fan Amerikaansk-Liberiaanske komôf. Mar yn 1926 begûnen de folken yn Libearia nei Monrovia te lûken, op syk nei wurk.
De ekonomy fan de stêd wurdt dominearre troch de haven. Monrovia is it finansjele sintrum fan it lân en de haadfestiging fan deSintrale Bank fan Libearia stiet dêrom yn de stêd.
Monrovia leit op inskiereilân, tusken de Atlantyske Oseaan en deMesurado Rivier. DeSint Paul Rivier leit fuort direkt ten noarden fan de stêd. Monrovia is de grutste stêd fan it lân en is it administratyf, finansjeel en kommersjeel sintrum fan it lân.
Yn de stêd wurde ferskate kranten ien kear yn de wike of om de fjirtjin dagen optabloidformaat printe. Dizze kranten hawwe meastentiids net mear as 20 siden.Telefyzje- enradiostasjons binne beskikber, mar radio is in gruttere nijsboarne as de telefyzje. Problemen mei it elektrisiteitsnetwurk meitsje telefyzje sjen nammentlik folle lestiger.United Nations Mission in Liberia, stjoert sûnt1 oktober2003 24 oeren deis út. Hjirmei is dit it earste radiostasjon yn Liberia dat 24 oeren deis útstjoert.