Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Monique Knol

Ut Wikipedy
Monique Knol
sporter
Monique Knol mei Bart de Graaff ein jierren '90
Monique Knol meiBart de Graaff ein jierren '90
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteitNederlânsk
bertedatum31 maart1964
berteplakWolvegea
etnisiteitFrysk
lingte168 sm
sportive ynformaasje
sportHurdfytsen
ûnderdielDykhurdfytser
earste titelNederlânsk Kampioen 1988
O.S.Seoel 1988,Barselona 1992
debút1988
karriêre-ein1996
wichtige prestaasjes
1xgoudOlympyske Spullen 1988

Monique Knol (Wolvegea,31 maart1964) is in eardereFryskhurdfytster.

Biografy

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Hja bruts troch yn1988 doe't se Nederlânsk kampioene op de dyk waard. Dochs wie hja noch in relative ûnbekende, de ferrassing en de blydskip wiene dan ek grut doe't se by deOlympyske Spullen ynSeoel de dykwedstriid wûn. Yn in lange sprint fersloech hja deDútske Jutta Niehaus en Laima Zilpirìte út deSowjetuny. Knol wie de earste Nederlânske medaljewinner by it hurdfytsen foar froulju, dat yn 1988 pas foar de twadde kear op it Olympysk program stie.

Twa jier letter waard Monique Knol ynUtsunomiya (Japan) wrâldkampioen mei de Nederlânske ploech op de 50 km ploegetiidrit. Fan dy ploech makke ek in nij talint diel út:Leontien van Moorsel. Dy soe yn lettere jierren Knol efter har litte en soe der in sekere rivaliteit tusken beiden ûntstean. Yn1992 like Van Moorsel, dy't doe wrâldkampioene wie en krekt deTour Féminin wûn hie, de favorite by de dykwedstriid fan deSpullen ynBarselona. De gearwurking yn de Nederlânske ploech woe net echt en úteinlik wie it Knol dy't der mei in brûnzen medalje derfan troch gie.

Monique Knol wûn tolve etappes yn de Tour Féminin. De koers dy't har it bêste lei wie dy fan Tjejtrampet ynSweden, dy't hja fjouwerris wûn. Hja hâlde op mei har hurdfytskarriêre yn1996, hja makke in koarte comeback yn2002 en wie ûnder oare trainer fan de Najonale Junior-froulju seleksje. Tsjintwurdich beöefenet hja dedressuersport.

Op15 july2008 liet Knol yn itAVRO-tv-programmaVinger aan de Pols witte dat se harsels hast letterlik stikken trainde om meidwaan te kinnen oan deOlympyske Spullen.[1]

Yn2010 die Knol mei oan itAVRO-programmaEeuwige roem. Hja wie dêryn yn de earste ôflevering útskeakele.

Knol wennet tegearre mei har eardere trainer/ploechlieder Wim Kruis. Hja hawwe in dochter.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Vinger aan de pols - Monique KnolAVRO, 15 july 2008
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Monique_Knol&oldid=1160996"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp