Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Money Train

Ut Wikipedy
Money Train
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseurJoseph Ruben
produsintNeil Canton
Jon Peters
senarioDoug Richardson
David Loughery
kamerarezjyJohn Lindley
muzykMark Mancina
filmstudioPeters Entertainment
distribúsjeColumbia Pictures
spilers
haadrollenWesley Snipes
Woody Harrelson
byrollenJennifer Lopez
Robert Blake
Chris Cooper
Scott Sowers
skaaimerken
lân/lannenFeriene Steaten
premiêre22 novimber1995
foarmlangspylfilm
sjenreplysje-,misdie- en
   aksjekomeedzjefilm
taalIngelsk
spyltiid110 minuten
budget en resultaten
budget$68 miljoen
opbringst$77,2 miljoen

Money Train is inAmerikaanskeplysje-,misdie- enaksjekomeedzjefilm út1995 ûnderrezjy fanJoseph Ruben, mei yn 'ehaadrollenWesley Snipes,Woody Harrelson enJennifer Lopez. Detitel betsjut "Jildtrein". Itferhaal giet oer twapleechbruorren dy't by demetroplysje ynNew York wurkje en in plan betinke om 'emetro te oerfallen dy't itjild fan 'e ferkochtekaartsjes út allemetrostasjons ophellet. Defilm krige oer it algemien negativeresinsjes fan 'efilmkritisy en flopte yn 'ebioskopen.

Plot

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Deswarte John enblanke Charlie Robinson binne twapleechbruorren dy't asplysjes wurkje by deNew York City Transit Police, in tsjinst dy't oer itmetrostelsel giet, deNew York City Subway. Mei dekryst efterfolgje se indief troch de metrotunnels. Metrotreinen op dat trajekt wurde stilset, mar Donald Patterson, it haad fan 'e metroplysje, lit de deistige jildtrein mei deopbringst fan 'ekaartsjeferkeap foar de metro gewoan trochride. Dêrmei bringt er de beidebruorren en de dief yn libbensgefaar, en by it earstfolgjendemetrostasjon wurdt de dief, inteenager, troch de bewekkers fan 'e jildtreindeasketten. Dat lokketslaanderij út tusken de bruorren en de bewekkers. Neitiid moatte John en Charlie by de uterst ûnsympatike enrasistyske Patterson opkantoar komme foar in skrobbearring, om't se de jildtrein fertrage hawwe.

Letter dydeis freget Charlie John omjild, sadat er (fan syn eigen jild) foar him inkrystkado keapje kin. Charlie, dy't ingokferslaving hat, ferspilet it jild lykwols by in potsjepoker mei hege ynset. Neitiid wurdt er troch in pear swiere jonges yn opdracht fan 'ewoekerder Brown, by wa't er inskuld fan$15.000 útstean hat, ûnderstboppest oer de râne fan itdak fan inflatgebou holden. Op synwanhopigetillefoantsje komt John del, en as dy te hearren kriget hoe djip oft syn broer yn 'e skulden sit, seit er taôfgriis fan Charlie tsjin Brown dat se him mar falle litte moatte. As Brown driget dat echt dwaan te sillen, bynt John lykwols yn en ûnthjit er dat er de skulden fan syn broer foldwaan sil.

Underwilens hawwe John en Charlie in nijekollega krigen, deoantreklikeLatina Grace Santiago, op wa't se allebeidefereale reitsje. Op har earstewurkdei slacht 'the Torch' ("de Toarts") wer ta, insearjemoardner dy'tminskenlibbenferbaarnt. Hy besproeit inlokettiste meibenzine en stekt dan har hokje oan. John en Charlie witte it frommeske te rêden, mar Grace, dy't efter 'the Torch' oan giet, wurdt troch him delslein en de moardner wit te ûntkommen.

As in protte fan 'e gebrûklike bewekkers fan 'e jildtrein omreden fan 'efeestdagenfrij hawwe, wurde John, Charlie en Grace oanwiisd om 'e restearjende bewekkers te fersterkjen en ride se mei op 'e jildtrein. De rit einiget op 'e nij yn slaanderij tusken de bruorren en de bewekkers, dêr't Grace diskear ek yn behelle rekket (oan 'e kant fan 'e bruorren). Op 'e nij moatte de bruorren by Patterson op it matsje komme, dy't harren diskear net inkeld beskrobbet om't se de trein wer fertrage hawwe, mar harren der ek fan beskuldiget dat se $12.000 efteroerdrukt hawwe. Midden ûnder it heechoprinnendepetear flústeret in assistint Patterson lykwols yn itear dat it missende jild wer teplak is en dat in lokettist in folsleinebekentenis ôflein hat. Patterson smyt dêrop de bruorren sûnder wurd fanûntskuldiging út syn kantoar.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Charlie kriget it neitiid yn 'e holle om syn skulden ôf te lossen troch echt de jildtrein teberôvjen. Hy hat ûnder de rit inroaster yn 'e flier opmurken en ek inûnderhâldsljedder sjoen dy't út ien fan 'e tunnels op it trajekt fan 'e jildtrein neiCentral Park liedt. Hy seit tsjin John dat it bêste momint om sa'n berôving út te fierenâldjiersjûn is, om't der dan minderbefeiliging is en mear opbringst fan kaartsjeferkeap, dy't dy deis om 'e $4 miljoen hinne bedraacht. John wol lykwols neat fan 'e plannen fan syn broer witte.

Underwilens hawwe de bruorren ôfpraat dat Charlie Grace 'hawwe mei' en dat John him weromlûkt. It docht lykwols bliken dat Grace mear belangstelling hat foar John as foar Charlie. Om't er himskuldich fielt dat er efter Charlie syn rêch om mei Grace omgiet, jout John syn broer yn ien kear de $15.000 om Brown ôf te beteljen. Mar as Charlie de metro nimt ûnderweis nei Brown, wurdt erbûsehifke troch in âld wyfke en ferliest sa itkefert mei al it jild. Wylst Charlie troch Brown syn trewantenhielendal yninoar slein wurdt, bedriuwe John en Grace by him thús foar it earstde leafde. Letter dy nacht komt Charlie by John thús, dêr't er himsels deryn lit. As er John en Grace opbêd sjocht, is dat de perfekte ein foar it soarte dei dat er hat. Hy makket John gjin ferwiten, mar it docht him wolfertriet, en hy jout himdeprimearre ôf.

De oare deis set de metroplysje inundercoveroperaasje op, wêrby't Grace har foardocht as in lokettiste yn 'e hope dat 'the Torch' har oanfalle sil. Charlie komt te let endronken op it wurk, wat liedt tawurden mei John. Underwilens ferskynt 'the Torch', dy't Grace werom ken fan harren eardere moeting, en sa lucht kriget fan 'e fâle. Hy wol har lykwols al deameitsje, dat hy bejout him nei inperron oarekant de metroline, dêr't er in wachtsjende passazjier foar in passearjend metrostel smyt. Wylst alle plysjes dêrop ta komme, giet 'the Torch' nei Grace har hokje en besproeit har mei benzine. Charlie, dy't as iennichste oerbleaun is om Grace yn 'e rekken te hâlden, beseft suver te let wat der bart. As er it op it lêste momint dochs trochkriget, iepenet er yn it wylde wei it fjoer op 'the Torch', dy't útnaait. John, weromkearend fan it plak dêr't de passazjier ûnder de metro kommen is, set de efterfolging yn en sit de moardner nei troch de metrotunnels. As it úteinlik ta slaanderij tusken harren komt, wit John 'the Torch' sels yn 'e brân te stekken, wêrnei't de moardner skept wurdt troch in foarbyrazende metro.

Nei ôfrin fan it hiele fiasko kriget Charlie fan Pattersonûntslach om't er mei syn ûnferantwurdlikhâlden en dragen ûnskuldige minsken yn gefaar brocht hat. As John syn broer besiket te ferdigenjen, kriget hy ek dien. Neitiid reitsje de bruorren deilis, mei't se inoar de skuld jouwe fan wat der bard is. John seit dat er neat mear mei Charlie te krijen hawwe wol en rint fuort. Letter wurdt Charlie yn ithúske fan synstamkroech op 'e nij ûnder hannen nommen troch Brown-en-dy, en diskeardriget Brown John tefermoardzjen as Charlie syn skulden net ôfbetellet. Dekafeebaas hat lykwols heart wat der sein is, en giet dermei nei John ta, dy't Brown opsiket yn 'estripklub dy't er eksploitearret en him en syn mannen in flinkwan bruien jout.

As op âldjiersjûn dúdlik wurdt dat Charlie fan doel is troch te setten mei de berôving fan 'e jildtrein, wol John de hannen alhiel fan syn broer ôflûke. Grace praat lykwols op him yn troch te sizzen dat er mar ien broer hat en datfamyljeleden inoar helpe moatte. Underwilens kringt Charlie de jildtrein binnen troch it roaster yn 'e flier as de bewekkers allegear op it perron fan in metrostasjon binne. Hy kin sa maklik mei de trein fuortride, mar as er by de ûnderhâldsljedder nei Central Park komt, falt syn plantsje yn it wetter as fuortby de iepening in trijetalplysjes te pearde steane te praten. Der sit neat oars op as om wer werom nei de jildtrein ta, en as er dêr komt, wurdt er opwachte troch John.

De beide bruorren besykje mei de jildtrein te ûntsnappen, en om foar te kommen dat Patterson fan op ôfstân deremmen ynskeakelet, litte se deremfloeistof fuortrinne. Dêrtroch kinne se lykwols sels de trein ek net mear ôfremje. Se rame meimaksimumfaasje troch instielen barrikade hinne. Kowalski, de haadferkearslieder fan 'e metro, ropt de jildtrein út ta in op 'e rin giene trein en begjint metro's om te lieden sadat se net op itselde spoar komme, mar Patterson jout opdracht om 'e 1220 Coney Island-metro nei it spoar foar de jildtrein te lieden, mei't er der wis fan is dat de dieven wol remje sille as se in passazjierstrein foar harren sjogge. De jildtrein sûnder remmen riidt op 'e 1220 yn, remmet ôf troch de klap, mar kriget dan wer mear faasje en raamt de passazjierstrein op 'e nij. As it sa trochgiet, sille beide metro'sûntspoare, mar de passazjierstrein kin net hurder en de jildtrein hat gjin remmen. Boppedat is troch de earste klap de faasjehendel fêst kommen te sitten.

Om 'e libbens fan 'e passazjiers fan 'e 1220 te rêden, beslute de bruorren om 'e jildtrein yn 'e efterút te smiten, wat him mei dizze faasje sûnder mis oer de kop slaan litte sil. Charlie stekt inmetalen stange troch it foarrút en posisjonearret dy sa, dat er tsjin 'e hendel fan 'e efterút oandrukt wurde sil as de jildtrein de 1220 wer rekket. De beide bruorren klimme dêrnei op it dak fan 'e jildtrein en springe op it lêste momint oer nei de 1220. As de jildtrein troch de stange yn 'e efterút set wurdt, slacht er yndie oer de kop en rôlet dan sydlings hûndertenmeters fier troch de tunnels, wêrby't er grutte skea oanrjochtet. Patterson, dy't op it folgjende stasjon stiet te wachtsjen, sjocht it ta syn ôfgriis foar syn eagen barren.

Alle oandacht fan 'e plysje giet út nei de jildtrein, wylst de passazjiers fan 'e 1220 halje-trawalje út harren metroevakuëarre wurde. Yn 'e gaos minge de bruorren harren mank de passazjiers. Ear't se lykwols ûntkomme kinne, kriget Patterson harren yn it each. John en Charlie beare dat se op it nijs fan 'e kaping fan 'e jildtrein ôfkommen binne, om Patterson eefkes wat sâlt yn 'e wûne te wriuwen. Patterson leaut dat fuortendaliks om't hy soks sels ek dwaan soe, mar as er harren op 'e nijmislediget, ferjit er dat er net mear de baas fan 'e bruorren is en dat der neat is dat harren tsjinkeart om him in terwinkel te jaan, wat se ek dogge. De ferbaldere Patterson ropt dat er John en Charliearrestearje litte sil, mar Grace, dy't op dat stuit op it toaniel ferskynt, arrestearret ynstee Patterson sels, foar it moedwillich yn libbensgefaar bringen fan 'e passazjiers fan 'e 1220.

De bruorren kuierje it metrostasjon út en komme opTimes Square, dêr't op dat stuit krekt it ôftellen foar itnije jier begjint. As se inoar om persiis tolve oereoankrûpe, beseft John dat Charlieswier wurden wêze moat, of dat er wat ûnder synjas ferberget. Hy lûkt derits omleech en sjocht ta synûntsteltenis dat Charlie in jildsek mei mear as $536.000 meitôget. Wylst de bruorren begjinne te redendielen oer de fraach oft Charlie it jild hâlde sil, ja of nee, set deôftiteling fan 'e film yn.

Rolferdieling

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Wesley Snipes.
Woody Harrelson.
haadrollen
personaazjeakteur/aktrise
John RobinsonWesley Snipes
Charlie RobinsonWoody Harrelson


byrollen
personaazjeakteur/aktrise
Grace SantiagoJennifer Lopez
Donald PattersonRobert Blake
'the Torch'Chris Cooper
BrownScott Sowers
RileyJoe Grifasi
KowalskiSkipp Sudduth
DooleyEnrico Colantoni

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Produksje

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Money Train waardregissearre trochJoseph Ruben nei insenario fanDoug Richardson enDavid Loughery, dat basearre wie op in idee fan Richardson. Asprodusinten wieneNeil Canton enJon Peters by it projekt belutsen, foar defilmstudioPeters Entertainment. Der wie foar de film inbudget fan$68 miljoen beskikber. Dekamerarezjy wie yn 'e hannen fanJohn Lindley, en defilmmuzyk waard fersoarge trochMark Mancina.

Foar deopnamen waard in R21-metrostel oanpast, dat trochgie foar de jildtrein. Yn 'e film wurdt dy foarstelt as in ymposantsulverkleurich metrostel meioranjeknipperljochten endoarren dy't tarist binne meitraaljes. De echte jildtrein fan 'e New YorkskeMetropolitan Transportation Authority liek op in gewoane ûnderhâldstrein, meigiele enswarte diagonale streken. De lêste fan sokke treinen ried yn2006, mei't it kontante jild dat eltse dei ynkassearre waard, op dramatyske wize belune troch de yntroduksje fan 'eMetroCard enautomatisearrekaartsjeferkeap wêrby't betelle wurde koe mei increditcard.

FoarMoney Train waard in R21-metrostel oanpast. Nei deopnamen waard it skonken oan itNew York Transit Museum.

Distribúsje

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Dedistribúsje fanMoney Train waard fersoarge trochColumbia Pictures. De film gie op22 novimber1995 ynpremiêre.

Untfangst

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Money Train krige oer it algemien negativeresinsjes fan 'efilmkritisy. Yn ittydskriftVariety skreau Brian Lowry dat de film "mar trochstuitere mei in weardeleassenario en in wikseljend tempo."Hal Hinson fanThe Washington Post neamde it "in swakke matefilm dy't smoarfolklisjees sit", en Ken Tucker fanEntertainment Weekly spriek fan "in grutte lûdroftigepinehollefilm". Yn 'eLos Angeles Times omskreauKenneth TuranMoney Train as "in akseptabele, sij it net folle-easkjende ûndernimming".Stephen Holden fanThe New York Times skreau: "de film is in slingerjende, piipjendejoyride dy't fûnken ôfsmyt as wie itfjoerwurk."

Op 'ewebsideRotten Tomatoes, dy'tresinsjes sammelet, hatMoney Train in leech goedkarringspersintaazje fan 22%, basearre op 32 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] is lûdroftich, ynkoherint en doelleas, en hoewol'tSnipes enHarrelson deryn weriene wurde, toant it oan dat ek stjerduo's fier fan ymmún binne foar de wet fan ferminderjende mearopbringsten."

Resultaat

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Money Train brocht yn 'ebioskopen yn 'eFeriene Steaten enKanada$35,4 miljoen op, en yn alle oarelannen en territoaria $41,8 miljoen. Wrâldwiid kaam deopbringst dêrmei út op inteloarstellende $77,2 miljoen. Ofset tsjin itbudget fan $68 miljoen betsjut dat inwinst fan $9,2 miljoen, hoewol't dêr demarketingkosten noch wol ôf moatte. Nei alle gedachten kaamMoney Train sadwaande net út 'e kosten.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:References, op dizze side.

Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Money_Train&oldid=1131675"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp