Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Monako

Ut Wikipedy
Principauté de Monaco
Principatu de Munegu
Flagge fan MonakoWapen fan Monako
FlaggeWapen
Lokaasje fan Monako
Offisjele taalFrânsk
HaadstêdMonako
SteatsfoarmFoarstendom
Gebiet
% wetter
1,95 km²
0­%
Ynwenners (2013)30.500 (15.250/km²)
MuntEuro (EUR)
TiidsôneUTC +2
Nasjonale feestdei-
LânkoadeMCO
Ynternet.mc
Tillefoan377

Monako (Monegaskysk:Principatu de Munegu;Frânsk (de offisjele taal fan Monako:Principauté de Monaco) is in lân ynSúd-Jeropa. De haadstêd is ekMonako en de prins fan it foarstendom is sûnt2005Albert II. Monako wurdt begrinzge trochFrankryk yn it noarden en deMiddellânske See yn it suden.

Monako is ûntstien op8 jannewaris1297. It lân is gjin lid fan deJeropeeske Uny. Mei 15.250 ynwenners de km² (2013) is it ît tichstbefolke lân fan de wrâld.

It dwerchsteatsje is ynternasjonaal ferneamd as mondain baaiplak enbelêstingparadys mei in protte kasino's, dêr't debeau monde tahâldt en alle jierren inGrand Prix yn itFormule 1-autoracen holden wurdt.

Yn Monako wenje mear bûtenlanners asMonegasken. Fan de ynwenners is mar 17% Monegask; 28% hat de Frânske nasjonaliteit en fan de oare 55% is in grut partItaljaan.

  • Monako om 1900 hinne
    Monako om 1900 hinne
  • Monako yn 2010
    Monako yn 2010
  • It paleis fan Monako
    It paleis fan Monako
  • Monako hat sa'n bougrûnkrapte dat der oan lânwinning tocht wurdt
    Monako hat sa'n bougrûnkrapte dat der oan lânwinning tocht wurdt
  • Lúkse jachten yn de haven
    Lúkse jachten yn de haven

Keppeling om utens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Monako&oldid=1027457"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp